De Jordaen
Al gau nei de tocht fan 'e beide bispieders, makke Jozua alles klear foar de ynfal yn it biloofde lân. De froulju en de lytse bern, de âlden en de siken bleauwen yn it greate kamp by de grins fan Moab, mar alle man dy't it swurd en it skyld tille koe, riste him ré ta de swiere tocht. Hwant dat soe it wurde, dizze oarloch, yn Kanaän, dêr't safolle sterke stammen wennen en dêr't safolle forsterke stêdden leine. Mar lykwols wiene se net bang, dizze bern fan Israël. It wie sa: hja wiene fan âlds in slavefolk en oarlogjen hiene se noch net folle forstân fan, mar hja wisten dat de Heare foar har úttriek en dat er har de oerwinning jaen soe. Foar't hja de greate tocht oangyngen, spriek Jozua earst noch meî de mannen fan Gad en Ruben en Manasse, dy't letter wenje soene yn it lân East fan 'e Jordaen. Hy sei it har noch ien kear goed oan dat it har plicht wie om mei op to tsjen en om de hiele fjildtocht mei út to tsjinjen en hy wiisde har it plak yn 'e kolonne oan: mei lange lânsen wapene soene se foaroan gean. En hja wiene der klear foar, de mannen fan 'e trije stammen. Hja antwurden Jozua: ‘Al hwat jo ús hjitten hawwe, sille wy dwaen, en oeral dêr't jo ús stjûre, sille wy gean. Alle man dy't jins mûle oerhearrich wêze sil en nei jins wurden net harkje sil, dy sil deade wurde; wês jo mar sterk en manmoedich.’
Op in moarn bitiid teach it leger op, sa'n f jirtich tûzen man sterk en sette in kamp op ticht by de Jordaen. Hja tochten net dat hja der gau troch koene en makken har klear op in lang wachtersskoft. Bytiden is de Jordaen mar in smelle rivier, dy't troch in brede, djippe delling bochtet, mar it wie nou de tiid fan 'e risping en it wetter wie heech, sa heech dat de hiele delling fol stie en men der mar op in inkeld plak, forsichtich, trochgean koe. Dat hoe lang soe dat wol net duorje, as al dy tûzenen dêr achter elkoar troch moasten en hoe soe it komme as de Kanaäniten dan krekt op har oanfoelen? Né, it wie nou de tiid net, om troch de rivier to gean.
Mar de mannen fan 'e stêd Jericho hiene gjin oanfal yn it sin en it like der ek net folle op, dat hja help krije soene. De Kanaaniten fielden har net as ien folk; elke stêd hie syn eigen kening en yn namme stiene se allegearre ûnder de Farao fan Egypte. As it goed soe hie dy har helpe moatten, mar de Farao, dat wisten hja by ûnderfining, biloofde wol help, mar as it der op oan kaem die er neat. Dat de lju fan Jericho wachten mar stil ôf hwat oer har biskikt wie. As dy god fan Jozua sterker wie as de goaden fan Egypte en sterker as de goaden fan Sihon en Och, hwat soe dan ien lytse stêd bigjinne tsjin sok in legermacht? Mar yn elk gefal soe de oanfal nou noch net loskomme: it wetter fan 'e Jordaen moast earst noch sakje...
It kaem al oars as Israël en de mannen fan Jericho tocht hiene! Noch mar in pear dagen wiene se yn it kamp by de rivier, doe't de Heare tsjin Jozua sei: ‘Nou sil Ik bigjinne om dyn namme great to meitsjen foar it folk fan Israël en Ik sil it wetter fan 'e Jordaen opkeare, dat it stean bliuwt as in fêste muorre en dat de delling droechrint, súd fan dy wetter-daem; dan sil it hiele leger droech troch it rivierbêd gean. Siz tsjin it folk dat hja alles klear hawwe moatte en sadré't de preesters de ark opnimme en op mars gean nei de rivier, moatte hja der achter oan gean. Mar lit it folk him to wacht nimme en net to ticht by de aik komme, dat der har neat fan oerkomt: twatûzen jellen moatte der altyd wêze tusken de ark en it leger. En as de preesters oan 'e Jordaen ta binne en har fuotten omtrint it wetter roere dan sil Ik it wetter falle litte en de delling sil droech wêze. En sels moatstû hinnegean en it de preesters en it folk oansizze, dat hja sjen meije dat Ik mei dy bin, lyk as Ik destiids mei de man Mozes west haw.’ Tankber en bliid die Jozua hwat de Heare him hjitten hie en joech er it Godswurd troch. Tolve mannen socht er út, út elke stam ien, dy't foar it leger út rounen en opdracht krigen om elk in stien mei to nimmen út 'e rivier. Doe joech er it lêste bifel, de preesters namen de ark by de draechstokken op en de wûndere mara bi-