nen seagen har mei greate eagen oan. Hwat woe dy frou? Wie se fan doel om har oan 'e kening to forrieden en woe se har dêrom opslúte, dat hja tiid krige om har oan to jaen? Of woe se har echt helpe, dizze frjemde, heidenske frou?
En doe fortelde Rachab mei koarte wurden hwat har doel wie: dat hja by Israël hearre woe, dat hja briek mei har eigen goaden, mei har eigen folk en dat hja fêst leaude dat Jozua it winne soe. ‘En dat tink ik net allinne’, sei se, ‘mar dat leauwe alle minsken hjir. Doe't wy hearden, dat jim Sihon de kening fan 'e Amoriten en Och de kening fan Basan forslein hiene, doe is ús it hert toraend en gjin ien fan ús kin langer bistean foar jimme antlit; hwant de Heare, jimme god, hy is in god boppe yn 'e himel en ûnder op 'e ierde.’
Doe moasten se har wol leauwe, de beide bispieders, en swijend gyngen se mei har, de brede treppen op, nei it platte dak. Om har hinne stiene de donkere huzen en yn 'e djipte lei it donkere lân. In ein fierder, op nei it Easten, moast de Jordaen wêze, dêr't hja dy moarns oer gien wiene en noch fierder it kamp fan har eigen folk. En oan 'e oare kant lei it lân fan Kanaän, it lân fan 'e fijân. Hja moasten it ris witte, de mannen fan Jericho!
En wilens makke Rachab handich har skûlplak ré. Hja hie op it dak in heap flaeksskeaven, dy't droege wurde moasten en dêrûnder makke se romte foar de beide mannen. It wie gjin bêst plak, ûnder dat broeiske flaeks, mar it gyng om har libben en de bispieders krûpten der moedich ûnder en wachten op 'e dingen dy't komme soene.
Hja leine der noch net ienris lang en Rachab wie noch mar krêkt ûnder, doe't der flugge stappen klonken yn 'e strjitte. Lûde stimmen rôpen. Rachab die de doar iepen. Hja wist dat it nou om har libben gyng, mar bang wie se net. De god fan Israël soe wol noed stean foar syn tsjinners en dan moast er har ek helpe.
Yn 'e tsjustere strjitte stiene in stik-of-hwat soldaten, it bleate swurd yn 'e fûst. ‘Hwat is der oan?’ frege Rachab kalm.
Ien fan 'e soldaten die it wurd: ‘Sa seit de kening: ‘Leverje ús de beide mannen út dy't ta dy kommen binne, dystû yn 'e hûs nommen hast, hwant it binne fijannen en hja binne kommen om ús to bispieden.’
Rachab bearde dat se tige kjel waerd. ‘Spitich’, sei se, ‘mar jim binne krekt to let. Wis, der hawwe twa frjemden by my west, mar yn 'e skimerjoun, krekt foar it poartesluten, binne se wer fuortgien. Mar as jim oanmeitsje miskien kinne jim se dan noch ynhelje.’
Hja stie dêr sa rêstich, dy jonge frou en hja glimke sa freonlik, dat de keningsboaden har fuortdaliks leauden. It kaem net yn har op om it hûs troch to sykjen en sa hurd as se koene setten se op 'e poarte ta. Salang't har dravende stappen klonken bleau Rachab yn 'e doar stean; doe't alles wer stil wie, gyng se hastich yn 'e hûs en op it dak. Fluch sette se de skeaven oan 'e kant en wonk de beide mannen; swijend gyngen se nei ûnderen, yn 'e keamer dêr't it finster wie.
Foar it lêst praetten se noch meiïnoar. ‘Ik haw jim holpen’, sei Rachab, ‘en jim it libben rêdden, doch jimme my nou goed, de deis dat Jericho falt en hâld my yn it libben, my en ús heit-en-dy, myn bruorren en myn susters en alles dat harres is.’
De beide mannen stieken de hân op. ‘Wy swarre, dat wy jimme it libben sparje sille; wy beide, wy steane boarch foar jim; de deis dat wy de stêd ynnimme, sille wy dit hûs net forbaerne en alles hwat yn dit hûs is, jo en jins hiele famylje, sille wy net deadzje. Mar pas dan op, dat gjin ien fan ús ôfspraek wit en dat jim ús net forriede, hwant dan soene wy frij wêze fan de eed dy't wy sward hawwe. En hingje dan dy deis in read koard oan it finster, dat wy krekt sjen kinne hwêr't jo wenje, hwant der binne mear huzen yn dizze muorre biboud.’
Rachab knikte. ‘Neffens jimme wurden, sa mei it wêze. Nou sil ik jim gean litte, mar net daliks de kant op nei de Jordaen, hwant dêr wachtsje de soldaten fan 'e kening op jim. Gean leaver earst it lân fierder yn en hâld jim biskûl yn 'e bergen; en nei in dei of trije, as it paed frij is, gean dan oer de rivier.’ Doe boun se in tou oan 'e traeljes fan it finster en de beide mannen lieten har sakje en flechten, de donkere fjilden oer nei de bergen yn it Westen.
Trije dagen letter, by nacht en tsjuster, rounen se forsichtich troch de rivier en de oare moarns kamen se yn it kamp. Hja brochten in moedich rapport út. ‘Wis wier’, seine se tsjin Jozua, ‘de Heare hat