útlaet en dy't har werombringt; dat de gemeente des Heare net wêze mei as in keppel skiep, dy't gjin hoeder hawwe.’ En ek dizze kear harke de Heare nei Mozes en wiisde Jozua oan om syn opfolger to wurden. Sels moast Mozes him foar it folk en foar de hegepreester stelle, sels moast er him de hannen oplizze en in diel fan syn geast oan him oerdrage en sels moast er him sizze hwat er dwaen moast. In profeet, sa great as Mozes, soe Jozua noait wurde; noait soe de Heare mei him sprekke, lyk as er dien hie mei Mozes, mar hwat er nedich hie om it folk yn Kanaän to bringen, dat soe God him jaen. En as it nedich wie dan soe Eleazar, de hegepreester, dy't de Urim en de Tummin droech, him elke kear wer bikend meitsje hwat de Heare woe.
En doe't ek dizze lêste kwesje regele wie, bleau der oars neat mear oer as it ôfskie fan syn folk, dat folk dat him sa faek fortriet dien hie en dat sa faek tsjin him opstien wie, mar dat er dochs sa hertstochtlik leaf hie en dêr't er alles foar oer hie. Hy rôp se gear, de âldsten en de lieders en foar de lêste kear stiene se om him hinne; mar ek it gewoane folk kaem opsetten en harke nei dy bikende, fortroude stim. Lang spriek Mozes, dagen oan ien; der wie ommers noch sa folle dat er har sizze moast, ear't er foar altyd by har wei gyng. Dit wie ek itselde folk net mear, dat er, fjirtich jier lyn, út it slavehûs fan Egypte laet hie en dat by de Sinaï de stim des Heare heard hie. Dat âlde laech wie fallen yn 'e wyldernis en har liken leine bigroeven yn it toarre sân; dy't nou om Mozes hinne stiene wiene har bern en bernsbern en it wie goed dat hja alles noch ris hearden, hwat der bard wie.
En hy forhelle fan de lange swiere reis by de Sé wei nei de Godsberch; fan it bittere wetter, fan de kwartels en it manna, fan it wetter út 'e rots, fan de dâns om it gouden keal. En fan 'e tolve bispieders fortelde er en fan 'e swiere straf dy't op har sûnde kaem en fan 'e greate opstân, doe mei Korach, Dathan en Abiram.
En dêrmei skildere er har mei wurden dat lân, dêr't hja nou hinne op reis wiene en dat hja nou mei gauwens yngean soene. Net om 'e nocht hie er dêr fjirtich jier nei útsjoen, hie er der fan dreamd, nachts yn 'e donkere tint: it wie suver as hie er der jierren wenne, sa moai koe er der fan fortelle. In goed lân wie it, in lân fan molke en hunich, fan figen en oliven, fan druven en granaetappels, mar allinne as hja de geboaden des Heare hâldden en him trou tsjinnen, soe it har dêr goed gean.
De folken dy't yn Kanaän wennen, tsjinnen de Baäls en ûnthilligen it lân mei har sûnden. Lang hie de Heare geduld mei har hawn, mar nou wie de mjitte fol: alle minsken dy't hja yn Kanaän founen leine ûnder de flok, lyk as destiids Sodom en Gomorra. Doe hie Hysels de straf útfierd, mar nou rôp Er syn folk om al dy heidenen út to roegjen: banne moasten se mânlju en froulju en bern, dat der gjinien yn it lân oerbleau. Net om't dy minsken har fijannen wiene, en net om't hja har lân sa graech ha woene en net út in fûle bigearte nei goud en guod, moasten se al dy folken útroegje, mar allinne omdat God it har oplei. En diene se dat gebot net, sparren se fan 'e Kanaäniten, út frees, of om't it sa maklik wol wie, dan soene dyselde Kanaaniten letter oer har hearskje en har oermânsk wêze. Mar dat net allinne, as hja net diene hwat de Heare har opdroech, dan soe Er har kastije, swierder as Er oait de Egyptners tuchtige hie...
En noch ien kear waerd Mozes, de Godsman, profeet en yn gloeijende wurden hâldde er har de seine foar en de flok - de seine as hja trou de Heare tsjinnen en syn geboaden diene, de flok as hja har ôfjoegen mei de Baäls. It wie deastil doe't Mozes syn machtige spreuken sei.
‘En it sil barre, byhwannearstû op 'en trousten harkest nei de stim fan 'e Heare dyn God, dat Hy dy heech sette sil boppe al de folken fan 'e ierde. Seinge silstû wêze yn 'e stêd, en seinge silstû wêze yn it fjild; seinge sil wêze de frucht fan dyn lân en de frucht fan dyn beesten, al hwat dyn kij kealje en al hwat dyn skiep lamje. Seinge sil wêze dyn koer en dyn baktrôch; seinge silstû wêze by dyn yngong en seinge by dyn útgong. Troch ien wei sille dyn fijannen tsjin dy optsjen, mar troch sawn wegen sille hja foar dyn antlit flechtsje... Mar byhwannearstû net harkest nei de stim fan 'e Heare dyn God, dan sil it rjochtoarsom barre dat dizze flokken oer dy komme. Forflokt silstû wêze yn 'e stêd, en forflokt