| |
Bileam
Tusken de deade së en it lân fan 'e Amoniten wennen doe de Moabiten, in lyts en krigel folk, dat noch fan Lot ôfstamme. Net lang to foaren hie de Amoarite-kening, Sihon, tsjin Moab fochten en in stik fan it lân biset, mar dêrnei wie er mei Israël yn 'e striid rekke en hie Jozua alles yn bisit nommen dat fan Sihon wie. Dat hy hie lean nei wurken krigen, dy greatske Amoaryt en Balak, de
| |
| |
kening fan Moab, gunde it him fan herten, mar it wie tagelyk in teken, dat dat folk út 'e wyldernis sterker wie as Moab. En doe't Israëls bern nei de striid tsjin Sihon, it tintekamp opsetten, flak by syn noardergrins, doe sloech Balak de skrik om it hert; hy tocht net oars, as Jozua soe nou mei de manne-macht op Moab oanfalle. Dat barde lykwols net: ynpleats rekke Israël yn oarloch mei Och, de kening fan Basan en Jozua teach mei syn mannen fier it Noarden yn. Balak hope mar, dat er noait weromkaem, mar it lei him by dat ek Och de slach forlieze soe. Mar yn elk gefal wie it nou noch sa fier net en yn dy tuskentiid soe Balak al syn bêst dwaen om dat folk fan Jakob ôfbrek to dwaen.
Dat koe er net mei de wapens, safolle hie nou wol bliken dien, mar der wiene oare wegen! Dat gjinien dat folk yn 'e oarloch oer koe, dat kaem fansels om't de Heare, har god, har seinge, mar it moast dochs mûglik wêze om de seine fan dy god to stuitsjen en om to setten yn in flok. Soks koene gewoane minsken fansels net dwaen, dat koe in kening net ienris; dêr moast in profeet foar komme, dy't mei syn spreuken de goaden twinge koe. Balak leaude fêst dat soks koe en hy wist ek wol ien, dy't machtigernôch wie om it to dwaen: Bileam, de soan fan Béor, dy't yn 'e stêd Pethor wenne. It wie spitich dat dy profeet sa fier ôf wenne - seis hûndert kilometers is net by de doar! - en it soe gâns kostje moatte, mar tichterby wie gjin better to finen, en syn riedshearen tochten ek dat it altyd wêze moast. Dat doe't Balak alles noch ris goed yn him omgean litten hie, stjûrde er boaden nei it lân fan 'e Eufraet om Bileam op to heljen, in hiele karavaen mei slaven en kamielen. Dan koe er fuort mar sjen, dy machtige profeet, dat Balak net de earste de bêste wie en dat er in bêst lean bitelje woe.
As er nou daliks mar meikaem! Mar dat soe wol, hwant Balak leaude fêst dat sokke profeten foar jild to keap wiene en om it jild hoegde it mei him net oer to gean! Fan alles mochten syn boaden him bilove, as er mar komme woe en flok dat folk fan Israël. Dat Israël alhiel net fan doel wie om Moab oan to fallen - God hie it Mozes strang forbean, om't it noch út 'e famylje wie! - né, dat wist de snoade kening net.
Nei in lange reis kamen de keningsboaden to Pethor, by it hûs fan Bileam. Hja fortelden him fan dat folk, dat sa nuodlik ticht by de grins fan Moab lei en fan dy frjemde god, dy't wenne yn it fjûr en dy't syn folk út Egypte laet hie en har seinge yn 'e wyldernis mei brea út 'e himel en mei wetter út 'e rots. Hja forhellen hoe't Jozua Sihon forslein hie en hoe't er nou yn 'e striid wie mei Basan, en dat hja dat lân wol yn bisit nimme soene. En dan soene se mei alle man en macht oer it lytse Moab hinne falle en dy mannichte soe alles yn Moab opsline, sa't in okse it gêrs fan it lân opsynt. Mar as hy, Bileam, nou komme woe en flok dat folk, dan soe de seine fan dy god foroare wurde yn in flok en miskien dat Moab dan de stoarmrin keare koe. It wie in lange reis, dat wie sa, mar kening Balak soe him leanje mei de royale hân en hy koe goud en sulver freegje. De kening hie der alles foar oer, hwant, seine se mei in djippe bûging: ‘hwa't jo seingje, dy sil seinge wêze, en hwa't jo forflokke, dy sil forflokt wêze!’ Dat as Bileam kunde hie oan dy god fan Israël - de Heare, wie syn namme - en as er spreuken dichtsje koe, om dy God to twingen - en dat wie syn fak op it lêst! - dan moast er altyd meigean.
De boaden hiene har plicht dien en wachten nou ôf hwat Bileam sizze soe. Sa folle forstân as hja fan profeten hiene, soe er net daliks útslútsel jaen; earst soe er de goaden rieplachtsje en dat koe allinne yn 'e dream by nacht. It kaem út sa't hja tocht hiene: de greate profeet riisde oerein en koel en út 'e hichte sei er: ‘Fansels ken ik dy god wol, dêr't jim it oer hawn hawwe en fannacht, yn 'e dream, sil de Heare my iepenbierje oft ik mei gean mei of net!’
Hy glimke, Bileam, doe't er allinne wie yn it donker. It wie net wier, dat er kunde hie oan 'e Heare, mar it koe noait kwea dat dy Moabiten mienden dat er alle goaden koe! En moarnier koe er altyd sizze dat er in iepenbiering hawn hie en dat er wol mei mocht! It wie in lange, moedsume reis, mar it lean soe de muoite wurdich wêze. En troch alle lannen yn it Westen soe de rop fan syn macht en wysheit gean. En wylst er dêr op syn sliepmatte lei, seach er himsels al stean op 'e bergen fan Moab, njonken him in rikjend alter en foar him, yn 'e flakte, dat kamp fan donkere tinten.
| |
| |
Dan soe er de hannen opheevje en syn lûd útsette en oer dat folk, dat nearne gjin euvelmoed yn hie, soe er syn flokspreuken sizze. Miskien holpen syn wurden net ienris, mar yn elk gefal soene de Moabiten der fûlder om fjochtsje en Jozua syn mannen, as hja it hearden, soe de moed ûntsinke. Sa soe it gean... En dan it keningslean... Sulver en goud...
Hy sliepte. Mar yn 'e dream kaem God him foar en strang sei Er tsjin Bileam: ‘Dû silst net mei dy mannen gean nei it lân fan Moab; dû silst dat folk net flokke, hwant it is seinge.’ It spiet Bileam wol, dat er nou net mei mocht. De fiere reis soe neat fan komme en de skatten fan Balak soe er net fortsjinje! It moast wol in machtich god wêze, dat er syn forhoalen gedachten wist en yn it foar him al forbea; hy doarst der ek net tsjin yngean. Dy reis moast er him ôfsette, foargoed. Mar it wie ek in hege eare, dat de goaden sa mar ta him kamen en yn 'e nacht mei him sprieken; dat dy god him forbea om nei Moab ta, dat wie in klear biwiis, dat er bang wie foar syn spreuken! Dat soe er moarnier dy boaden fan Balak goed fiele litte! De oare moarns bitiid fortelde Bileam syn gasten, hwat der bard wie. ‘It muoit my, mar gean werom nei jim lân, hwant de Heare wol net lije, dat ik mei jimme reizgje.’ It spiet him dochs, doe't er har fuortriden seach, de poarte fan Pethor út, oer it wide, flakke lân. Hy hie wol graech meiwollen, mar hy koe it net tsjin in god yn 'e kant sette, allinne om in kening to geriven. En dy boaden soene wol forhelje hwat hy sein hie: dat er yn 'e nacht mei de goaden forkearde. Hy hie der net by sein, dat allinne dy god mar sprutsen hie en dat hy, Bileam, gjin wurd sizze doarst. En likemin hie er har sein, dat dy god him net mei syn namme bikend makke hie; krekt as woe er Bileam goed fiele litte dat er him frjemd wie... It alderneiste hoegde dy kening net to witten.
Mar Balak, doe't er it forslach krige fan 'e mislearre reis, wie hielendal net ûnder de yndruk. Dus dat hiene se har wysmeitsje litten, dy wize boaden, dat dy god fan Israël it him forbean hie? Ynpleats dat hja noch ris goed mei him praet hiene en him noch mear skatten ta-sein, wiene se mar gau wer ôfreizge. Fansels hiene de goaden it him net forbean! As er wier sa'n machtich profeet wie, dan hiene de goaden him neat to forbieden! As dy profeet dy god net oer koe, hwat joech it dan, dat er kaem om dat folk to flokken? Mar dat wie ek sa net; in bern hie it bigripe kinnen: hy woe nochris bean wurde, dy greatske profeet, en dan kaem er wol en dan frege er fansels dúbeld lean. Goed, dan soe er jitris de boade dwaen, mar der soene oare mannen hinne, heger noch en fornamer as hja en dy't der mear forstân fan hiene om mei sok profetefolk om to gean. Komme soe er, dy Bileam! En it soe fuortendaliks oangean, ear't Jozua de stêdden fan Basan fornield hie en op Moab lostriek.
Dat in pear wike letter teach der wer in karavaen út Moab de poarte fan Pethor yn en bleau stean by it hûs fan Bileam. De profeet seach it daliks dat dizze boaden noch heger wiene as de earsten en doe't er har yn 'e keamer rôp, bûgden se noch djipper en praetten noch helte freonliker. ‘Sa seit Balak, de kening fan Moab, it hoecht net om it jild oer to gean, dat jo komme en flok dat folk, hwant ik bin in kening en ik sil jo tige heech forearje en alles dat jo tsjin my sizze, sil ik jo jaen!’ En mei gâns wurden forhellen se fan Balak syn rykdom en dat er der alles foar oer hie om sa'n great profeet yn syn tsjinst to hawwen.
Bileam riisde oerein. Sa't er dêr stie yn syn wite profete-mantel, sa rjocht en sa steatlik, like er sels wol in kening. ‘As kening Balak mient, dat ik to keap bin foar jild, dan is er mis! Al tôge er my it hûs fol goud en sulver, dan koe ik noch it gebot fan de Heare, myn god net oertrêdzje! Mar ik wol dizze nacht noch oer jimme fragen sliepe en moarnier sil ik sizze hoe en hwat.’ Doe gyng er, greatsk en swijend, syn sliepkeamer yn.
Hy lei lang wekker, dy joun. As it heal koe, woe er al nei Moab. Miskien soe dy god it him nou net wer forbiede en as er ienris to plak wie, ticht by it legerkamp fan Israël, dan soe er him rike offers bringe: bollen en rammen, de fetste fan 'e keppel! Balak moast dochs de offers bitelje en dy hie genôch. Alles dat er bigearde, soe de kening dwaen - dat wie hwat oars as de minsken dy't oars by him kamen en ivich tingje woene! En as dy god dan op
| |
| |
'e fette offers ôfkaem - en alle goaden wiene gleon op 'e rook fan it offer! - miskien liet er him dan doch noch wol in pear flok-spreuken sizze. Hy wie wol faker lilk op dat folk fan sines, sa folle hie er wol fan dy Moabiten heard.
Doe't er, let yn 'e nacht al, yn 'e sliep foel, krige er op 'e nij in godswurd. ‘Byhwannear't dy mannen kommen binne om dy to roppen, meitsje dan tarissing en gean mei harren; mar hwat Ik ta dy sprekke sil, dat allinne silstû dwaen.’ Dus, nou mocht er dochs noch mei! Sels dy hege god skynde bang to wêzen foar de macht fan syn wurd! Hy mocht oars net sizze, as ‘hwat dy god him oplei... Fansels net; mar as er mar ien kear yn Moab wie. Hy soe wol in spreuk fine, dy't net al to deadlik wie foar dat folk en dy't tagelyk Balak foldwaen koe. De reis wie lang; hy hie noch tiid genôch om him to birieden...
De oare moarns bitiid, de sinne wie noch mar krekt oan 'e loft, gyng de karavaen op reis: de boaden fan Balak en de soan fan Béor, de tsjinners fan 'e kening en de tsjinner fan 'e goaden.
En út syn hege himel wei seach de Heare del op dy greatske profeet, dy't miende dat er mei syn wurd de God fan Israël oer koe. Hy wist fan Bileam syn snoade plannen en hy lies yn dat heechmoedich hert as in iepen boek. Né, it wie net sa't Bileam tocht hie: de Heare wie net bang fan him. Hwat soene dy machteleaze spreuken tsjin syn almachtige krêft? En dochs woe Er net lije dat Bileam syn folk flokte: gjin wurden fan in profeet mochten Jozua de moed binimme, gjin spreuken-fan-Bileam mochten Moab sa dryst meitsje, dat it Israël oanfoel. Hy woe flokke, dy spreuke-dichter? Ynpleats soe er seingje! Hy woe it folk fan God machteleas meitsje? Ynpleats soe er sa sprekke, dat de skrik des Heare oer alle heidenen foel! Hy wie greatsk, dy profeet? Hy soe slimmer fornedere wurde as oait in minske oerkommen wie...
Oer de griene heuvels fan it East-Jordaenlân ried Bileam, de soan fan Béor. De keningsboaden wiene foarútgien om Balak it goede nijs to bringen en de beide tsjinners rieden in hiel ein achter him, lyk as it slaven foeget. Hy wie djip yn gedachten, de greate profeet en op 'e lange, rjochte wei foun de ezelinne it paed wol. Doe kaem de Heare del en gyng midden op it paed stean; yn syn hân hie er in skerp en blinkend swurd en de punt fan it wapen wiisde rjocht nei Bileam's hert. De profeet seach neat...
Mar as de wize profeet dan it deadlik gefaer net seach, de ezel wie der ek noch. Dy seach dat flikkerjend stiel en bang gyng er fan 'e wei ôf, skean it fjild oer. Dat fornaem Bileam dochs en wyld skuorde er it bist yn 'e bek. Hwat wiene dat nou foar kuren, tocht er; der wie yn gjin fjilden noch wegen in minske to sjen, dat hwat die dat dier sa bang to wêzen? Hy sloech him en doe, sa mar ynienen, gyng de ezel wer nei de wei en roun rêstich fierder...
In ein fierderop roun it paed tusken twa heuvels troch, mei in muorre oan beide kanten. En wer gyng de Heare stean op it paed en ek dizze kear wie it de ezel, dy't him seach. Wer lei er de earen plat op 'e kop en, deun by de muorre lâns, roun er fierder, dat deadlik swurd foarby. Dat er Bileam syn foet tusken de muorre en syn side knypte, koe it trouwe dier net witte. En foar de twadde kear sloech Bileam syn ezel. Koe er dan noait syn gedachten by syn wurk hâlde, op dizze frjemde reis?... En foar de tredde kear stelde de Heare him op tusken de muorren. Op dat plak wie it paed noch smelder, sa smel dat de muorren hast oaninoar ta kamen en dat der gjin ûntwyk wie, nei rjochts noch nei lofts. Mei in skok bleau de ezel stean. ‘Fuort’, raesde Bileam. Hwat miende dat bist wol? Soe in man dy't mei de goaden omgyng, him de gek oanstekke litte fan in ezel? En doe fielde er dat de ezel de poaten bûgde en midden op it paed lizzen gyng. Lilk taestte er nei de driuwersstôk en út alle macht sloech er op it bange bist los. Dat de Heare sa ticht by him stie, dêr hie de wize profeet gjin each foar.
En doe iepene de Heare de mûle fan 'e ezel en klear en dúdlik hearde Bileam him sizzen: ‘Hwat haw ik jo dien, dat jo my nou trijeris slein hawwe?’ Sels by dit godlik wûnder bigriep Bileam net dat de Heare mei him dwaende wie. ‘Omdatstû nou trijeris de spot mei my dreaun hast. En as ik in swurd by de hân hie, ik soe dy nou noch deadzje!’
De ezel naem jitris it wurd. ‘Bin ik jins ezelinne net, dêr't jo fan jong ôf op riden
| |
| |
hawwe, oan't hjoed de dei ta? Haw ik oait wend west jo sa to dwaen?’
‘Né’, sei Bileam. En tagelyk seach er, flak foar de bange ezel, de Heare stean, noch altyd mei dat blinkend swurd yn 'e hân. Hy bistoar it suver, sa kjel waerd er. Niist wie der net ien to sjen, safier't syn eagen gyngen en nou... En dêrmei bigriep er alles. Trijeris hie dy frjemde god tsjin him op 'e wei stien, trijeris hie de punt fan dat swurd wiisd nei syn hert, trijeris hie de trouwe ezel syn libben rêdden. Doe bûgde er de holle en skamme him djip. Hy, de profeet fan Pethor, de man dy't yn 'e nacht mei de goaden spriek, hij seach de god net, dy't foar him stie op 'e wei; in ezel hie mear each foar de goaden as hy...
En foar him spriek de Heare, strang en lûd: ‘Hwerom hast dû de ezel slein dy't dy trijeris it libben rêdden hat? Sjoch Ik bin útgien as dyn tsjinstanner, hwant de wei dystû gyngst wie rjochte tsjin My. En as de ezel net fan siden gien wie foar myn antlit, wiswier Ik soe dy deade hawwe en him hie Ik yn it libben hâlden.’
Djip bûgde Bileam de greatske holle. ‘Ik haw forkeard dien’, sei er, ‘mar ik wist net dat Jo tsjin my yn 'e wei stiene. En nou, as Jo it gebiede, gean ik daliks werom.’ Mar de Heare spriek: ‘Dû silst net weromgean, mar gean mei dy mannen en it wurd dat Ik dy sizze sil, dat silstû sprekke en dat allinne!’
En wer ried Bileam, de soan fan Béor, it Suden yn, de wei lâns tusken de wynbergen, de kant nei Moab op. Noch noait hie er sa biskamme west, as op dizze reis nei de kening ta. Dat God in ezel brûke woe om him, de wize man fan Pethor, to learen, dat kaem oan it gefoel! En iderkear, wylst er oan de wurden des Heare tocht, kaem him dat driigjend swurd yn it sin, dat wiisde nei syn boarst. Ien ding wist er nou: dat er net mear hoegde to tinken oan syn spreuken en tsjoenderijen: gjin wurd soe oer syn lippen komme, dat de Heare him net foarsein hie. It moast Balak mar goed wêze en as er der al lilk om waerd - it koe nou net mear oars. Hy woe wol, dat er doe fuort mar wegere hie, mar it wie nou to let. Yn elk gefal, hy wie gjin slaef fan Balak, mar profeet fan in frjemd en machtich god...
Doe't Balak hearde dat de profeet út Pethor ûnderweis wei, gyng er him tomjitte oan 'e grins fan syn lân ta. Hy die it net om Bileam to earjen, mar allinne om't der haest by wie; der wie al genôch skoandere tiid fordien mei dat reizgjen hinne en wer. En doe't hja elkoar moeten, net fier fan it kamp fan Israël en elkoar groete hiene, koe er it net litte to sizzen: ‘Tochten jo miskien dat Balak, de kening fan Moab, gjin skatten genôch hie om jo to earjen? Hwerom binne jo dan de earste kear net kommen, doe't ik frege?’
Bileam bleau him it antwurd net skuldich. ‘Sjoch, ik bin ta jo kommen, mar it is de fraech noch of ik hwat sizze kin. It wurd dat God my yn 'e mûle lizze sil, dat allinne sil ik sprekke.’ Hy moast net miene, dy greatske kening, dat er him alles sa mar sizze liet! Hy, Bileam, hie dy god op 'e wei stean sjoen mei syn blinkend swurd en it hie neat skeeld of hy wie der it libben by kwyt rekke; dan koe men net mear harkje nei praetsjes fan in kening.
Sa net, Balak hie ek neat mear to sizzen: hy moast dy profeet nou ienris brûke en hy doarst him net lilk to meitsjen. Hy naem Bileam mei nei Kirjath-Huzoth, noch tichter by Israël en dêr waerd in great offerfeest hâlden om de goaden gunstich to stimmen; gjin kij en skiep waerden der sparre en in lange rige foarsten en âldsten sieten mei de kening en de profeet oan it offer-miel. De oare moarns bitiid gyngen se nei de Baälshichte, in hillige heuvel flak by de grins en in tige gaedlik plak: men koe yn 'e fjirte it hiele tintekamp lizzen sjen fan it bigjin oan't de úterste ein. Hjir koe dy profeet syn forflokkingen mar útslingerje oer dat haetlik folk fan Israël; hjir soene se har treffe, noch foar't hja der sels erch yn hiene.
Fansels koe it nou ek net sûnder offer gean; Bileam moast mar sizze hoefolle en hwat soarte: sok ding wit in profeet nou ienris better as in kening. Bileam joech bifel om sawn alters to bouwen en liet foar elk alter in interbolle slachtsje en in fette raem; doe't alle offers rikken, hiet er de kening om de wacht der by to hâlden en sels gyng er in ein fuort om troch allerhanne tsjoenderskunsten in iepenbiering fan 'e goaden to krijen.
Lang wachte Balak by de sawn alters. Hy hope mar, dat Bileam nou komme soe en
| |
| |
slingerje syn spreuken oer dat legerkamp dêr yn 'e fierte. Sawn alters en fjirtjin offers, hy die it net foar in bytsje, dy Arameër. Mar as it holp, dan koe er alles krije, hwat syn hert bigearde! En dêrmei seach er him oankommen: syn earmen swaeiden wyld en syn eagen flammen. It wie al in great profeet, dat er nou fuort al wer in godswurd hie. Stil stie Balak to harkjen; dy spreuken dy't er nou sei, dêr hong de takomst fan Moab oan! Der ûntkaem him gjin wurd.
‘Út Aram hat Balak my roppen, De kening fan Moab út 'e Eeasterbergen: - Kom, forflok my Jakob, kom, forwinskje Israël.
Mar hoe sil ik flokke dy't God net flokt? Hoe sil ik forwinskje dy't God net forwinsket?
Hwa sil it stof fan Jakob telle en hwa rekkent Israëls myriaden út?...’
En noch mear sei Bileam, mar it wie allegearre seine en as Balak it oandoarst hie, dan hie er him mei gewelt it swijen oplein. Hoe koe dy man nou sokke dingen sizze? Hie er him dêrfoar helje letten, mei safolle drokte en kosten út in frjemd, fier lân? Lilk gyng er op Bileam ta en fol grime spriek er: ‘Hwat hawwe jo my dien? Ik haw jo nommen om myn fijannen to flokken, mar jo hawwe se ynpleats seinge, seinge sikerwier!’
Bileam seach him lyk oan; hy wie net bang foar dy forgrime kening. Hy hie him roppen om't er in godswurd ha woe en in godswurd hie er hawn. As it him net nei it sin wie, dan sei er it mar en dan gyng er wer fuort. ‘Hwat de Heare sein hat’, sei er, ‘soe ik my dêr net oan hâlde en dat allinne sprekke?’
Balak doarst der net mear tsjin yn to lizzen. Miskien koe dy profeet it net helpe en hie de iene of oare god him wier dy spreuken yn 'e mûle lein. Of wie dizze hichte dochs it goede plak net en wie him de macht fan dat folk en it tal fan syn tinten nei de holle slein? Hy soe it noch in kear bisykje; miskien dat it dan better woe. Doe brocht er Bileam nei it Sjenners-fjild, earne op de berch Pisga, in plak dat tige gaedlik foar profetearjen wie en dêr't er mar in bytsje sjen koe fan it tintekamp. En wer waerden sawn bollen en sawn rammen slachte en wer wachte de kening op Bileam by de rikjende alters. Hy hie wol hoop, dat it nou better gean soe, nou't er net mear dat machtich folk sa foar eagen hie.
Mar ek dizze twadde kear foun de spreukedichter oars net as wurden fan seine foar dat haetlik folk. Balak koe it hast net oanhearre, sa freeslik foun er it.
‘God is gjin man, dat Er leagenje soe en gjin minskebem, dat it him rouwe soe.
Soe Er it sizze en it dan net dwaen, soe Er sprekke en der net foar stean?
Sjoch, ik krige opdracht om to seingjen, dat seingje sil ik en ik nim it net werom!
Men sjocht gjin ûnheil yn Jakob, men fornimt net fan rampen yn Israêl.
De Heare, syn God, is mei him en de jubel fan in kening is oer him . ..’
En sa gyng it mar troch, in stream fan seine en Balak bisaude him. As er dan net flokke koe, hwat syn wurk wie, dy profeet, hwerom hâldde er him dan to-minsten net stil? Hy woe wol dat er him mar noait roppen hie, mar nou't er hjir ienris wie, woe er it doch noch in kear bisykje. Profeten en sok folk, dêr krige men dôch noait hichte fan! En foar de tredde kear waerden sawn alters boud en fjirtjin bisten slachte. Mar dizze kear gyng de profeet net mear it fjild yn; dizze kear bisocht er net wer om mei syn tsjoenderijen God to twingen: de Heare moast it mar sizze, as it net oars koe, dan woe er dat folk wer seingje. Hy bleau by de alters stean en wer seach er út oer de steppe, nei de donkere tinten op it griene lân. Doe fielde er, dat de geast oer him kaem, dat er nou sprekke moast, dat er nou, ien koart skoft, profeet des Heare wie! Hy forgeat alles om him hinne, de rikjende alters, de wachtsjende kening, de foarsten fan Moab dy't him de wurden út 'e mûle heinden en hy spriek, sa't er noch noait yn syn libben sprutsen hie.
‘...Hwat binne dyn tinten sierlik, o Jakob, dyn wenten, o Israël.
As dellingen wreidzje hja har út.
as hôven oan in rivier,
as aloëbeammen dy't de Heare plante hat,
as seders oan it wetter.
Wetter floeit út syn amers
en syn sied wennet oan wide wetters.
En heger as Agach is syn kening
en forhege wurdt syn keninkryk
Hwa't dy, o Israël, seinget, sil seinge wêze, en hwa't dy forflokt sil forflokt wêze.’
| |
| |
Doe't Bileam oan 'e ein wie, lôge de grime fan 'e kening op 'e nij wer op, wyld en forheftich. ‘Ik haw dy roppen om myn fijannen to flokken, mar dû hast se aloan seinge. Ik hie fan doel west om dy skatten to jaen fan jild en eare, mar de Heare sels hat it dy ûntkeard. En nou, jow dy ôf en gean út myn lân...’
Mar de profeet fan Pethor liet him sa net fuortstjûre. Jitris sei er, dat er it foarút sein hie dat er allinne des Heare wurden sprekke koe en dat it net earlik wie dat Balak him de skuld joech. En ear't er gyng, nou't de geast noch op him wie, soe Balak earst noch hearre hwat der letter barre soe mei dit folk, dat er hate en mei syn eigen lân. En ek dizze kear doarst Balak him net it swijen op to lizzen. It wie oft er harkje moast, nei elk wurd dat dizze profeet to sizzen hie:
‘Ik sil him sjen, mar nou noch net; ik sil him oanskôgje, mar net fan tichteby. In stjer komt tofoaren út Jakob, in skepter komt op út Israël; dy slacht Moab de sliepen yn en topletteret de plasse fan alle oproerige bern...’
Doe't er alles sein hie, it oardiel oer Moab en oer Edom en oer noch mear folken, gyng er syn wegen. Balak seach him nei, de hate yn syn hert en dochs bang foar him. Dus ien kear soe der in great kening yn Israël opstean en dy soe Moab de ûndergong dwaen! En om soks to hearren hie er twaris de boade dien nei in fier lân! Ynpleats dat Israëls macht brutsen wie en de seine fan dy god foroare yn in flok, soe it nijs fan Bileams profesij troch alle lannen fleane en alle folken yn it Westen soe de moed ûntsinke. O, as er mar hwat wist om dat folk út 'e woastine to forslaen! Mar dy profeet wie fuort en hwa soe him nou helpe?
Hy mocht wolle dat er daliks fuort gien wie, Bileam de soan fan Béor, nei syn stêd en syn folk. Mar hy koe der net ta komme: dy skatten fan goud en sulver dy't er nou misroun wie en dy't er sa graech ha woe, wie er noch net los fan. Dat hy bleau noch in skoft by de grinzen fan Moab en krige kunde oan in stam Midianiten, dy't Moab holpen. Sa kaem er doch wer by Balak. Fansels doarst er it net oan om Israël dochs to flokken, mar hy joech de kening in plan oan 'e hân om har yn it ûngelok to stoarten. Mei de wapens wie der neat tsjin har to bigjinnen, mar as hja har forlokje koene om de goaden fan Moab to tsjinjen, soe dan de grime fan dy greate God net oplôgje en soe er har dan net sels fordwaen? As hja nou ris freonskip sleaten mei Jozua en syn leger en hja makken in great offerfeest ta eare fan 'e oerwinning op Sihon en Och - dan soe dat folk de Baäls tsjinje en de flok fan har god oer har helje.
It slimme plan fan Bileam like de kening goed ta en it soe ek alhiel slagge wêze, as de Heare it net forhoede hie. It jongfolk fan Israël, net wend oan de wylde feesten mei offerfleis en offerwyn, waerd alhiel oerstjûr; hja offeren de goaden en joegen har oer oan allerhanne ûnsedichheit. In swiere pleach briek tsjin har los, mar hwat Balak sa graech woe, dat it hiele folk ûndergyng, né, dat barde net. It wie oars wol slim en doe't de pleach op it heechst wie en de minsken jammeren om genede, wie der noch in hege Israëlyt, ien út de stam fan Simeon, dy't in Midianityske frou meinaem en har as syn frou yn 'e tint brocht. In bernsbern fan Aäron, Pinehas, seach it en yn hillige grime deade er se beide, de heidenske frou en de Simeonyt Doe makke de Heare in ein oan 'e pleach omdat Pinehas sa foar syn eare opkommen wie en Mozes mocht him oansizze dat tonei it preesterskip fan Aäron bliuwe soe yn syn famylje. Hy joech ek opdracht om de Midianiten, dy't syn folk omtrint de ûndergong dien hiene, oan to fallen en to fordylgjen. By de fûle striid, dy't doe folge, krigen se ek Bileam, de soan fan Béor yn hannen en deaden him. Hja wisten fansels wol dat er goede dingen oer Israël sein hie en dat er, ien dei yn syn libben alteast, profeet des Heare west hie, mar hja wisten ek hwat rie er oan kening Balak jown hie en dat troch syn skuld dy swiere pleach oer Gods folk kommen wie. Dat hy hie de dea fortsjinne en dizze kear koe sels de trouwe ezel him net mear rêdde fan it wreekjend swurd. Fier fan syn folk en lân stoar er in wrede dea en it wie syn eigen skuld. Hy hie mei de Heare sprutsen op 'e wei, Gods geast hie oer him west doe't er profetearre op 'e bergen en as er syn greatske
| |
| |
hert oan 'e Heare oerjown hie, dan soe dy him wis seinge hawwe. Mar nou hie er it goud en sulver fan Balak leaver hawn as de genede des Heare en derom foun er de dea.
Mar syn reis hie lykwols net om 'e nocht west, hwant der is neat om 'e nocht dat de Heare docht. En alles dat er sein hie, syn spreuken oer Israël en de folken, en syn frjemde reis, doe't de ezel spriek en God sels it swurd tsjin him útloek, it waerd bikend en oer alle heidenen yn Kanaän foel in deadlike skrik en Jozua en syn mannen krigen nije moed.
|
|