libje en hwa't Er net oannimt, dy sil stjerre.’
Heech en greatsk stie Korach dêr. ‘It is goed’, sei er, ‘wy binne net bang en moarnier sil it hiele folk sjen dat wy hillich binne.’ Mozes seach har gean en it gyng him nei, dat hja sa koppich wiene. It wie op it lêst syn eigen bloed, mannen fan syn eigen stam. Hoe koene se sa? Bigriepen se dan net, dat hja stjerre moasten moarn, dat God de Heare har fordylgje soe? Noch ien kear rôp er har werom; noch ien kear warskôge er har. ‘Is it dan noch net moaijernôch, jim bern fan Levi, dat God jim ôfsûndere hat fan it folk en dat jim helpe meije by syn offers? Bigeare jim nou ek noch it preesteramt, dat Hy yn syn wysheit oan Aäron jown hat? Hwant net tsjin Aäron spanne jim gear, mar tsjin de Heare; hwant Aäron, hwat is hy, dat jim tsjin him opsprekke?’
Mar hwat er ek sei, it joech neat: Korach en syn rounte sloegen syn wurden yn 'e wyn. Dan woe er it tominsten noch bisykje mei Dathan en Abiram; miskien soene dy nei him harkje en har bikeare, nou't it noch tiid wie. Hy stjûrde boaden út om har to roppen en wachte fol spanning. As hja kamen en nei him harken, hwa wist soe dan Korach noch net bilies jaen. Mar de boaden kamen werom, sûnder de beide Rubeniten en brochten mismoedich har wurden oer.
‘Wy binne net fan doel to kommen!’ hiene Dathan en Abiram sein. ‘Is it al net moaijernôch, dat Jo ús opfierd hawwe út Egypte, dat lân fan molke en hunich, om ús to deadzjen yn dizze wyldernis? En wolle Jo nou ek noch de hear oer ús spylje? Ek hawwe Jo ús net brocht yn in lân dat fan molke en hunich oerrint. Wy komme net!’ Djip fielde Mozes de hún fan dy spotske wurden. Troch de skuld fan dit oerhearrich folk moast hysels fjirtich lange jierren bliuwe yn 'e woastine en nou forwieten se it him. Noait, yn al dy tiid net, hie er har in wurd missein, noait hie er ien in skiep of in ezel ûntset en nou woene se net ienris komme as er, út goederbêst, har rôp. En bitter fan gemoed bea er: ‘Heare, straf har moarn en sjoch net nei har offer om.’
De oare moarns bitiid al wiene Korach en syn rounte foar de Tinte, ré ta de greate striid. Allegearre hiene se it wiereekfet yn 'e hân en foar har oer, in iensum man tsjin hiel dy greate kloft, stie Aäron, de hegepreester. Doe kaem de hearlikheit des Heare del en wyld bigounen dy twa hûndert fyftich to draeijen en wyld swaeiden se de koperen fetten, dat de wiereek om har hinne walme, in mantel dy't har biskermje moast tsjin it gleone fjûr. En ek Aäron swaeide syn wiereekfet, hy allinne, en fan in mantel hie it net folle wei, dy mannich tinne wolken dy't om him hinne wynderen, mar lykwols bitroude er en bang wie er net.
Út it fjûr foar de tint kaem de stim des Heare: ‘Sûnderje jim ôf, Mozes en Aäron, út it formidden fan dit folk en Ik sil se op ien stuit fordylgje.’ It kaem Mozes net ûnforwacht oer, dit strange wurd: it moast sa komme en hy hie der om bidden juster. Mar it hiele folk? Né, dat hie syn doel net west, it folk hie dizze kear gjin skuld. Wer leine se plat tsjin de groun en wer smeke Mozes: ‘O God, o God fan alle minskesielen: as ien man tsjin Jo sûndiget, sille Jo dan grammoedich wurde op in hiel folk?’
En wer harke God nei syn freon Mozes. ‘Ik sil sparje’, sei Er, ‘mar lit dan it folk by dy mannen weigean; lit allinne bliuwe dy't mei yn it komplot binne, hwant hwa't by Korach en syn gearspanning stean bliuwe, dy sille mei him stjerre.’
It folk stie net lang yn bistân: hja hiene de stim des Heare heard en hja seagen it blinken fan syn fjûr en bang en beevjend flechten se by Korach en syn mannen wei. It wie neat to gau, hwant noch mar krekt stiene se op in feilige distânsje, doe wjerljochte it út 'e Tint en de hiele kloft foel dea op 'e groun. Út de fallen wiereek-fetten walme it noch oer de deaden hinne: wiereek, dy't it fjûr fan Gods grime net keare koe... En njonken de fallenen, rêstich en rjocht, stie Aäron en syn wide mantel wie net ienris skroeid. Doe koe it folk dan sjen, hwa't de Heare útkard hie ta it preesteramt.
Fuort nei dat freeslik oardiel rôp Mozes al de âldsten fan it folk gear en mei har gyng er nei de tinten fan Dathan en Abiram. Juster wiene se net kommen, doe't it noch tiid wie, nou kaem er sels, mar nou wie de tiid fan genede oer. Dathan en Abiram stiene al op him to wachtsjen foar de doar fan 'e tint en om har hinne stiene al har