Folk sûnder takomst
Trije moanne letter kaem it folk Israël to Kades, in oäse dêr't de romte fan wetter wie en iten foar de bisten. It lei net ienris fier mear fan Kanaan. Yn it Noarden, in blauwige streek foar de ljochte loft, stiene de bergen fan it Suderlân; dêrefter moasten de heuvels wêze dêr't Abraham wenne hie en Izaäk en dêr't Jakobs soannen de keppels lytsfé weiden. It wie in goed ding dat hja ticht by it biloofde lân wiene en dat dizze mars troch de wyldernis nei de ein roun: hja koene it net lang mear úthâlde yn dizze gleone steppe, yn de donkere, broeiske tinten, mei alle dagen datselde swiete brea. En doe gyng op in goede dei it nijs troch it kamp, dat Mozes tolve mannen útsocht hie, ien út elke stam, en dat dy nei it lân fan Kanaän soene om it to bispieden. Hja namen it as in moedich teken, dit heukerjend folk: it koe oars neat bitsjutte as dat de greate oanfal nou mei gauwens bigjinne soe. Hja hiene allegearre wol mei wollen, mar dat koe nou ienris net; God sels hie tsjin Mozes sein dat it tolve wêze moasten en net mear en bûtendat, it koe nou noait lang mear duorje, dan wiene se der allegearre.
Mar doe't de tolve bispieders fuort wiene en dagen en wiken weibleauwen, doe foel it wachtsjen har al lang. It like oft de woastine noch wider en deadsker wie, oft de sinne noch wreder skroeide, oft it manna har noch mear tsjin stie, nou't al den dei har gedachten wiene yn dat fiere, wûndere lân. Hwat in wielde soe dat wêze: in eigen hûs yn it koele skaed fan beammen, in eigen ikker dêr't de jounwyn soeide troch it rypjend nôt, in eigen lân dêr't gjin fijân ynkomme koe, om't de Heare de wacht hâldde. It soe net fansels gean, hja soene der om fjochtsje moatte, mar dat kaem ek wol wer goed. As dy bispieders nou hast mar werom kamen...
It duorre folút fjirtich dagen ear't hja der wer wiene en doe't it sa fier wie, roun hiel it kamp út om har op to heljen: gjin ien bleau yn syn tint dy't de fuotten tille koe. Dus, alle tolve wiene se der wer, der miste net ien, mar Mozes hie ek de bêsten en de sterksten útsocht: Jozua wie der by, dy't doe by Rafidim de Amalekiten slein hie en Kaleb, dy't foar Juda mei west hie. Hja soene hwat to fortellen hawwe, dy moedige keardels, as hja earst hwat bikommen wiene fan 'e reis! En dat it in goed lân wie, dat koe men sa wol sjen, hwant twa fan harren droegen oan in sterke stôk in druvetros, sa great en swier as hja sels yn Egypte noait sjoen hiene.
Dyselde deis kamen de âldsten fan it folk by Mozes en diene de tolve forslach fan 'e reis. Fjirtich dagen hiene se der oer dien en it hiele lân hiene se troch west, fan it uterste Suden oan de hege bergen yn it Noarden en fan it djippe Jordaen-bekken nei de Westlike sé. En it wie in bêst lân, dat Kanaän en hiel it folk koe der maklik in plak fine; der wie de romte fan boulân en Mozes hie neat to folle sein, doe't er it hie oer in ‘lân dat fan molke en hunich oerroun.’ Nammers, hja koene sels mei eigen eagen sjen hwat fruchten der groeiden: granaetappels en figen en dan dy machtige druvetros.
Ja, it lân, dat hoegde noait better, mar de minsken dy't der wennen, dat wiisde sa goed net. It folk fan dat lân wie tige sterk en de stêdden wiene great, mei muorren der om hinne, en earne yn in delling hiene se reuzen sjoen. Dat it soe net tafalle om it yn to nimmen, as hja der tominsten oait ynkamen. En hja seagen tige somber en skodhollen drôvich, suver hast as wie it al fêst dat hja it lân net krije soene, dat God har mei in eed biloofd hie.
De âldsten harken raer op by dit forhael: hja hiene fêst tocht dat de tolve mannen goede tiding bringe soene en dat de oanfal op 'e Kanaäniten al gau bigjinne soe. En nou kaem it hiel oars út! Hie dan alles noch om 'e nocht west, de úttocht út Egypte, de reis troch dizze wyldernis, de oerwinning by Rafidim, it wetter út 'e rots en it manna, Gods wûnderbrea?
Mar doe't hja mompelen, dat it dochs wol neat wurde soe en dat Mozes har bidragen hie, kaem Kaleb nei foaren, de man út 'e stam fan Juda. ‘It is wier’, sei er, ‘dat de stêdden sterk binne en it folk fan it lân machtich, mar de tsien mannen forjitte it fornaemste: dat de Heare mei ús is en dat syn flok leit oer de heidenen. Dat Jozua en ik binne net bang foar de fijân en wy sizze: Lit ús optsjen en it erflik yn bisit nimme, hwant wy kinne, wy kinne har oer!’