teken en symboal wêze soe fan de Heare sels, dy't wenne yn it kamp: de ark fan it Forboun.
It wie in moaije kiste, makke fan bêst hurd hout dat alhiel oertrutsen wie mei fyn goud, neffens it bistek dat Mozes krige hie fan God, doe't er by Him wie op 'e berch. Yn 'e ark, dy't it teken wie fan Gods forboun mei syn folk, leine de beide stiennen, dêr't God de wet op skreaun hie en op it deksel stiene twa ingelen, de goudene cherubim, dy't mei har wjokken it antlit dieken, út earbied foar de Heare, dy't wenje woe boppe de ark. Fan it bigjin ôf oan moast Mozes it folk ynskerpje, dat de ark gjin god wie, net iens in byld fan God en dat it ek net sa wie dat de Heare wenne yn 'e ark; hoe soe nammers de Almachtige God bisletten wurde yn in kiste fan noch net ienris twa meter lang en noch gjin meter heech? Né, boppe it deksel mei de beide ingelen kaem de wolkkolom to stean, in teken, dat God wenne boppe de ark; sa soene se dus altyd de Heare by har hawwe as hja optrieken troch de woastine, mar gjin ien mocht tinke, dat hja de Heare sels meidroegen.
It spriek fansels dat de ark, dy gouden fuotbank fan God, hillich wie; nimmen mocht der yn sjen en as hja fierder trieken moast er droegen wurde oan lange draechstokken. En omdat er sa hillich wie, moast er ek in bysûnder plak hawwe: in hearlike timpel letter yn it biloofde lân en salang't hja yn 'e woastine wiene in prachtige tint, de Tabernakel.
Taw kundige mannen, mei help fan oaren, makken de tint yn oarder en setten him op midden yn it kamp. De Tabernakel wie yn twa fortrekken fordield; yn it achterste, dat lyts en donker wie, stie de ark en troch in prachtich kleed wie dat ôfskaet fan it foarste, dat greater wie en dêr't trije dingen stiene: in ljochter fan goud mei sawn earmen en sawn lytse oaljelampen; in tòantafel dêr't altyd troch toanbrea op lizze moast en dan it gouden rookalter, dêr't ienris deis de preester swietrokige krûden op offerje moast. Gewoane minsken mochten net yn 'e tinte komme; Mozes net ienris: dat wie allinne foar de hegepreester weilein, dy't ienris yn it jier bloed sprinzge op 't ark en dy't alle dagen yn it foarste fortrek, it Hillige, kaem to offerjen. It twadde fortrek, dêr't de ark stie, neamden se it Alderhillichste.
It hie fansels syn bitsjutting, dat yn 'e tabernakel allinne tagong wie foar de preester; de Heare woe it folk bybringe, dat Israël in sûndich folk wie, en dat Hysels hillich is. Mar it wie ek net sa, dat ark en rookalter en tabernakel der allinne foar de preesters wiene! Né, elke kear as Aäron earbiedich yn 'e tabernakel gyng, dan stie er dêr foar it folk; hy kaem dêr net om allinne foar himsels to bidden, mar hy bea foar hiel it folk. Hy offere foar har en ien kear yn it jier, as er it bloed fan it sûndoffer sprinkele op it deksel fan 'e ark, soende er dêrmei de sûnde fan hiele Israël. It wie him ek oan to sjen, dat er as hegepreester stie foar syn folk: op it boarst droech er in skyld, in soarte fan tas, dêr't tolve edelstiennen yn binaeid wiene, foar elke stam fan Israël ien, mei de nammen fan Jakobs tolve soannen der op. Sa droech de hegepreester de nammen fan Israëls bern op it hert, lyk as in heit en mem de bern dy't God har jown hat, leavje en drage yn it hert.
Dat alles dat yn 'e tabernakel barde gyng hiel it folk oan en dêrom wie der om 'e tinte hinne noch in great plein, it foarhôf, dêr't it folk wol tagong hie en dêr't hja bidde en offerje mochten. Der stie in koperen alter dêr't de offerdieren op forbaernd waerden en dêrnjonken in koperen waskfet, dêr't de preesters har hannen en har ark yn wosken as it slachtsjen dien wie. Elk dy't kwea dien hie, koe hjir mei syn offerdier komme en boetsje syn sûnde; hjir waerden ek de tankoffers brocht as God immen bysûnder seinge hie. Mar noait mocht it folk sels offerje of sels ta God gean: tusken har en de Heare stie altyd wer de preester.
Fan alle preesters wie Aäron de heechste en yn syn boarstskyld droech er de beide wûnderstiennen: Urim en Tummin. As immen hwat oan God freegje woe en rie ha moast - net elkenien mocht dat dwaen en net oer lytse dingen - dan taestte Aäron yn 'e boarsttas en naem ien fan 'e beide stiennen. Oan 'e kleur koe er dan sjen oft it antwurd ‘né’ wie of ‘ja’. Sa koe de hegepreester dus yn slimme, swiere fragen útslútsel jaen en dan sei er net sels hoe't it moast, mar hy joech Gods antwurd troch. It wie gjin wûnder dat it folk tige heech