skôge er har en learde er har hoe't hja dwaen moasten.
Dit folk wie noch mar krekt frij fan 'e hurde tsjinst en it swiere slave-wurk dat hja koene maklik yn in oar úterste forfalle en to frij wurde en wylde wegen gean: dêrom moasten se leare dat de Heare hillich is en heech forheve en dat in sûndich folk net sa mar ta him gean kin. Hja mochten by de berch komme en as Er Mozes de Wetten foarsei, dan soene se allegearre syn stimme hearre, mar earst moasten se twa dagen tiid dwaen en har waskje en skjinne klean oantsjen en dan de tredde deis, dan mochten se komme, mar net fierder as sà fier. In ôffreding moasten se meitsje by de foet fan 'e berch en gjin minske of bist mocht der trochbrekke; dy't it weage en set syn ûnhillige fuotten op Gods hillige berch, dy moast stiennige of sketten wurde.
En dizze kear harken se nei Mozes en diene krekt hwat har oplein waerd; noch net ienris altyd om't hja graech dwaen woene hwat de Heare sei, mar meast om't hja bang wiene, dat der har hwat oerkomme soe. En mar inkelden wiene der, dy't it goed bigrepen hiene: dat it net alderearst op in suver lichem en op skjinne klean oankaem, mar dat it herte rein wêze moast, rein en dimmen. Doe't hja klear stiene, de moarns fan 'e tredde dei, hong der om 'e kop fan 'e berch in tichte, tsjustere wolk en oan-ien-wei flikkere út dy wolk de wjerljocht fan Gods hearlikheit; swiere tongerslaggen droanen troch de bergen en boppe alles út wie it doffe lûd fan in sterke bazún. Beevjend gyngen se op mars en doe't hja tichteby wiene, seagen se dat de hiele berch, dy machtige berch fan granyt, skodde en skokte.
Doe rôp de Heare om Mozes en rêstich gyng dy it berchpaed op, omheech nei de baernende berch. Bang seagen al dy tûzenen eagen him nei, hoe't er al fierder kleau, al heger, en guon seine: ‘Wy sjogge him noait wer: dy't sa ticht by God komt, dy moat stjerre!’
Mar Mozes stoar net! Doe't it folk dêr ûnder him al lang net mear sjen koe, kleau er noch altyd heger, de swiere glêdde berchpaden op. Hy wie net bang; net bang foar de donkere ûngroun flak nêst him, mar ek net foar de wjerljocht en net foar de Heare sels. God hie him roppen en God soe him ek biwarje, dat leaude er fêst. En doe, wylst er earbiedich wachte, sei de Heare, dat er noch in kear nei ûnderen gean moast en it folk nochris ynskerpje, dat hja net tichterby komme mochten; hwant as hja oan 'e berch kamen, soe syn grime oplôgje en soene der forskate falle. ‘Heare’, sei Mozes, ‘dat haw ik har al oansein en de berch is ôffrede.’ De Heare wie net lilk om syn tsjinpraten en bistrafte him net; mar jitris sei Er, dat Mozes gean moast. En nei-tiid mocht er wer boppe komme, mei Aäron, syn broer.
Doe gyng er wer, de man Mozes, de swiere paden lâns en sei it folk noch ienris it boadskip oan; en wer reizge er nei boppen, nou mei Aäron en wer stie er yn 'e wolk en wachte op it godlik Wurd. Doe't de Heare spriek, mei in lûd as fan 'e tonger, dat hiel it folk dêr yn 'e fierte him hearre koe, doe foel alle wurgens by him wei en der wie yn syn hert mar allinne earbied mear, earbied en stil ûntsach. En God spriek al dizze wurden:
‘Ik bin de Heare, dyn God, dy't dy út Egyptelân, út it tsjinsthús, laet hat. Dû silst gjin oare goaden foar myn antlit hawwe.
Dû silst dy gjin snien byld noch hokfor likenis meitsje fan itjinge dat boppe yn 'e himel is, noch fan itjinge dat ûnder de ierde is. Dû silst dy dêr net foar bûge, noch har tsjinje; hwant Ik, de Heare, dyn God, bin in oergunstich God, dy't de misdied fan 'e âffears bisykje oan 'e bern, oan it tredde en oan it fjirde slachte fan dyjingen dy't My haetsje; en doch barmhertichheit oan tûzenen fan dyjingen, dy't My leafhawwe en myn geboaden ûnderhâlde.
Dû silst de namme fan 'e Heare dyn God net idel brûke, hwant de Heare sil net ûnskuldich hâlde dy't syn namme idel brûkt. Bitink de sabbatdei, datstû dy hilligest. Sels dagen silstû arbeidzje en al dyn wurk dwaen, mar de sawnde dei is de sabbat fan 'e Heare dyn God: dan silstû gjin wurk dwaen, dû, noch dyn soan, noch dyn dochter, noch dyn tsjinstfeint, noch dyn tsjinstfaem, noch dyn fé, noch dyn frjemdling, dy't yn dyn poarten is; hwant yn sels dagen hat de Heare de himel en de ierde makke, de sé en alles hwat deryn is en Hy rêstte de sawnde deis: dêrom seinge de Heare de sabbatdei en hillige him.
Earje jimme heit en jimme mem, dat dyn