en yn dy greate need rôp er ta de Heare: ‘Hwat moat ik dochs mei dit dôfhûdich folk? It skeelt net folle of hja sille my stiennigje.’ Ek dizze kear woe de Heare wer helpe. Hy seach net op 'e sûnde fan it folk, hy tocht mar allinne oan Syn eed, dy't Er sward hie en oan it roppen fan Syn freon Mozes en Hy lei him op nei de rots to gean en dêr op to slaen.
En sa teagen se doe yn optocht nei de hege rots: foarop, mei de stôk dy't in slang west hie, roun de man Mozes, fuort nei him kamen al de âldsten en dêrefter it gewoane folk. Suver bang seagen se nei Mozes op, sa heech en strang stie er dêr, en it wie dea-stil doe't er de stôk delsloech op 'e rots. En dêrmei briek de hurde stienrots iepen, it wetter brûsde der út en it waerd in stream as fan in rivier yn 'e winterrein. En allegearre dronken se lyts en great, âld en jong, sa't se net wer dronken hiene sûnt de deis fan Mara. It duorre lang foar't elk syn part hawn hie en foar't alle flessen en sekken oerrinnend fol wiene en doe skammen de measten har dochs en hja namen har foar dat it noait, noait wer sà soe. En op dat stuit mienden se it ek echt. As it har goed gyng en hja hiene nearne forlet fan, dan wie it noch net sa'n min folk, tocht Mozes, mar as it tsjinroun, dan wiene se krekt as de bern. En ta in oantinken oan har sûnde, neamde Mozes dat plak Massa en Meriba, hwant, sei er: ‘Hjir hawwe se de Heare hifke en mei my en Aäron tsierd.’
Nou't der wetter wie, gyngen se mei nije moed oan it wurk om it greate kamp yn to rjochtsjen, mar it wie noch net ienris goed yn oarder, doe't der hwat freesliks barde. De Amalekiten, dy't it net sette koene dat Israël nou wetter hie en net mear fan har boarnen ôfhong, foelen it kamp ûnforwachts fan efteren oan. In tal froulju en bern waerd as slaven meifierd en forskate mânlju foelen yn 'e ûnforwachte striid, noch wurch dat hja wiene fan 'e lange reis. En lang foar't de Israëliten mei man en macht opsetten kamen, wie it ûnheil al bard en wiene de flugge rôvers al wer fordwoun yn har kamp yn 'e oase. It hie ek alhiel har doel net west om de striid tsjin it hiele folk oan to gean, hja woene iderkear wer fan dy ûnforhoedse útfallen dwaen en rôvje en moardzje, yn 'e forhoping, dat de Israëliten dan wol bang wurde soene en werom gean.
Mar it wie Mozes syn doel net om foar Amalek to wiken! De Heare woe syn folk nei de Hoareb Iiede en gjin folk, hoe wreed en dryst it wêze mocht, soe dêr tusken komme! Dy falske bern fan Ezau wiene fan efteren oanfallen op froulju en bern, mar Israël soe har oerwinne yn in earlike, fûle striid. Hy rôp Jozua, de soan fan Nun, in man dy't gâns jonger wie as hysels en lei him op, in leger gear to roppen en it oan to fieren tsjin 'e fijân.
It duorre net lang of Jozua hie in fiks leger byinoar; jonge keardels meast, biwapene en útrist ta de striid. ‘Moarn moatte jim de striid oangean’, gebea Mozes. ‘Ik sels bin to âld om mei to gean, mar salang't it duorret sil ik op dy heuvel dêr stean en bidde en de stôk, dêr't ik de rots mei slein haw, sil ik meinnimme.’
En sa barde it doe, de oare deis. Wylst Jozua mei syn stridders tsjin Amalek optriek, stie Mozes achter him op in heuvel. Dizze reis hie er gjin opdracht fan 'e Heare en it wie him net ta-sein dat syn folk it winne soe, dat nammersto ynmoediger bea er, de wûnderstêf omheech nei de himel. En salang't er dêr stie, de beide hannen heech boppe de grize holle, gyng it dêrûnder yn 'e flakte goed en twong Jozua de fijân tobek, mar doe't syn hannen wurch waerden en hy de stêf efkes sakje liet, doe woun Amalek. It wie oft de Heare sizze woe: Toe nou, Mozes, dû hast dit sels op dy nommen; dû soest mei dyn gebet de kampslach winne: it kin, mar dan moat dat bidden ek oan ien wei trochgeanl Dû hast de stêf mei op 'e heuvel nommen, Mozes: bid dan mei dy stêf en Ik sil dy hearre. It kin wol sûnder wurden: hjoed moatstû mei de hannen bidde!
Doe bigriep Mozes dat er gâns hwat op him nommen hie en faeks soe elk oar minske nou moedeleas wurden wêze, mar hy hâldde fol! De stôk soe net wer sakje, net earder as dy rôversbinde moast foargoed forslein wêze. Hy rôp Aäron en Hur, dy't er út foarsoarch al meinommen hie op 'e heuvel en hja brochten in stien dêr't er op sitte koe en doe, elk oan in side, steunden se him de earmen. Sa bleauwen syn hannen fêst, de hiele gleone middei lâns en doe't lang om let de sinne ûndergyng, wie