wetter wie foar it fé - hy gyng nei Jozef en by dy freugde foel al it oare wei.
Hy liet Juda foarút gean om to sizzen, dat de karavaen der oan kaem en om to freegjen hwer't hja krekt wêze moasten, en dalik liet Jozef syn wein ynslaen en ried nei de provinsje Gosen, in streek dy't gaedlik wie foar fé en dy't er fuort al foar syn folk ornearre hie. Hy ried sa fluch as de hynders drave koene, hwant it baernde him yn om syn heit to moetsjen. Doe't er tichte by de karavaen wie, liet er stilhâlde en roun op syn heit ta: it soe gjin pas jaen en moetsje syn âlde heit steande, heech yn 'e bak fan 'e wein. Hwant hy mocht dan in great man wêze yn Egypte, de earste nei de Farao, hjoed wie er oars neat as de soan fan Jakob, in jonge dy't bliid op syn heit tarint. Mar ek de âlde man sels wie fan 'e wein ôfklommen en sa, tusken de weinen metten se elkoar. Lang stiene se der, de earmen stiif ominoar hinne; de soldaten en froulju mochten it sjen hoe't se skriemden, wang oan wang. Doe't Jakob wer wurden foun sei er: ‘Lit my nou stjerre, nou't ik dyn antlit sjoen haw, datstû jitte libbest.’ En doe klommen se yn 'e wein, beide yn 'e selde en sa, deun nêst elkoar, rieden se fierder Egypte yn. En om har hinne, foar en achter, wiene de weinen fan Egypte en njonken har, mei flikkerjende spearen, de ruters fan de Farao en de gloarje fan 'e ûnderkening striele ôf op Jakob, de féhoeder út it Suderlân. It wie suver to folle blidens foar ien âld hert. As Rachel dit noch ris sjoen hie...
Doe't hja yn 'e provinsje Gosen huzen hiene en ta rêst kommen wiene naem Jozef op in kear syn heit mei nei de Farao. Net dat de âldman folle telde foar de gunst en gloarje fan keningen, mar hy woe graech de man ris sjen dy't syn soan út 'e finzenis roppen hie ta syn heech amt. Hy wie ek net forlegen yn 'e wide keningsseal, foar de hege keningstroan; hoe soe er ek bang by in kening wêze, hy dy't wraksele hie mei de libbene God?
Hja praetten lang to-gearre en de Farao fielde dat dizze âlde féhoeder út Hebron boppe him stie yn wiisheit en ûnderfining. Doe't er frege hoe âld Jakob wol wie, antwurde dy: ‘De dagen fan 'e jierren fan myn frjemdlingskippen binne hûndert en tritich jier; koart en kwea hawwe de dagen fan myn libben west, en hja binne net ta kommen oan 'e dagen fan 'e libbensjierren fan myn âffears, yn de dagen fan har frjemdlingskippen.’ De kening foun it frjemd: hy foun it libben in feest op in rike, bloeijende ierde en dizze âldman spriek oer it libben as in frjemdlingskip! Hy, de kening, wie bang foar de dea en it neare, tsjustere grêf, en dizze man seach út nei de dea as in swalker nei it feilich honk. Mar doe't Jakob fan syn libben forteld hie, fan alle leed en tsjinslach, fan dy breidsnacht yn Haran, fan de dea fan Rachel, fan al dy jierren dat er Jozef mist hie, en boppeal doe't er forteld hie fan God dy't him forskynd wie en dy't mei Abraham omgyng as in man mei syn freon, ja doe bigriep er Jakob better. En oan 'e ein fan har petear skamme er him net om fan 'e troan to kommen en op syn swarte lokken lei Jakob de hannen en seinge him. Doe naem er ôfskie en sette him nei wenjen yn Gosen.
De fiif hongerjierren kamen en gyngen foarby en hiele Egypte kocht spize fan Jozef, de earste pear jier foar jild en doe't dat op wie foar har fé en op it lêst forkochten se har lichem en har lân, dat hja allegearre de slaven waerden fan 'e Farao. To-nei moasten se it lân fan 'e kening hiere en elk jier brochten se in fyftepart fan 'e fruchten oan it Ryk op. Mar de famylje fan Jozef hoegde neat to biteljen en waerd ryk en de keppels dijden.
Noch sawntjin jier hat Jakob yn Egypte libbe en oan 'e ein doe't er minder waerd liet er Jozef roppe en sei: ‘Biwiis my in gunst en as ik stjer, bigraef my dan net yn dit frjemde lân, mar liz my dan yn'e grot fan Machpéla, yn it lân fan Gods bilofte. Dêr wol ik rêste by myn âlden, by Abraham en Sara, by Léa, myn frou. Swar my dochs, datstû dat dwaen silst.’
It wie gjin lyts ding dat Jakob frege, mar Jozef biloofde it him yn des Heare namme. Hy hie de triennen yn 'e eagen, mar Jakob glimke en bûgde de holle en tanke God dat him ek dizze lêste winsk op ierde noch barre mocht.