den sizze? Sjoch, it jild dat wy yn 'e sekken founen ha wy wer werombrocht, dat hoe soene wy dan út it hûs fan jins hear goud of sulver stelle? Sjoch ús sekken nei en by hwa't de tsjelk foun wurdt, dy meije jo deadzje en wy allegearre, wy sille jo ta slaven wêze.’
De Egyptner skodholle. ‘De sekken sil ik neisjen, mar allinne de dief, yn hwaens sek ik de tsjelk fyn, sil myn slaef wêze en alle oaren binne ûnskuldich.’
Swijend gyngen se nei de ezels en gaspen de sekken los; doe gyngen se njonken inoar stean, elk mei de greate sek foar him, Ruben, de âldste earst en sa fierder oan 'e jongste ta. Ruben wie de earste dy't syn sek losmakke en meiïens forskeat er fan kleur: boppe-yn lei it sulverjild dat er juster al bitelle hie! Hy woe it útlizze en stammere der yn om, mar de tsjinner loek ûnforskillich oan 'e skouders. ‘Dat bytsje jild, dat is de muoite net!’ Doe smiet er linich de wide mantel út en bigoun de sekken nei to sjen. Djip stiek er de brune earm yn it nôt en alle sekken fielde er nei, de iene nei de oare. Doe't er se allegearre hawn hie op Benjamin nei, stieken de bruorren de holle omheech. Yn 'e sek fan 'e jongste soe er gjin drinkenstsjelk fine, al die er noch sa syn bêst, dy frjemde snuiter. Benjamin, dy hoegde net to stellen, dy koe thús ommers alles krije dat syn hert bigearde!
En dêrmei sprong er rjocht oerein, de tsjinner, en stiek de earm omheech: yn syn brune fûst hie er de sulveren tsjelk. ‘Hwat haw ik jim sein?’ frege er, lûd en daegjend. ‘Dit is de tsjelk dêr't myn hear de ûnderkening alle dagen út drinkt!’ Mei greate, bange eagen seagen se nei him. Mar dit koe ommers net, dit wie net mûglik! Benjamin wie gjin dief. En sa't er dêr stie, de jonge, sa wyt en fan 'e wize, gyng it har troch alles hinne. En doe sprieken se op him yn, allegearre trochinoar, lûd en forheftich. De jonge wie ûnskuldich, dat moast er dochs leauwe en hwat soe er mei sa'n drinkenstsjelk dwaen? Dy man dy't it jild yn alle sekken dien hie, dy soe hjir ek wol mear fan witte. It wie better dat er dêr ûndersyk nei die. Mar Benjamin, dy wie sa earlik as goud.
De Egyptner stiek de hân op en allegearre waerden se stil. ‘Ik hâld jimme oan jim wurd’, sei er koel: ‘de tsjelk fan myn hear is foun yn 'e jongste syn sek, dat him nim ik mei en al de oaren meije har wegen gean en bring it nôt oan har folk yn Kanaän.’ Hja seagen fan 'e iene op 'e oare. Hwat joech it dat hja der tsjin ynleine? Hy soe har dochs net leauwe en de skyn wie tsjin har. En dat it nou krekt de jongste treffe moast, Benjamin, dêr't har âlde heit sa oan hong! Hoe koene se him oait wer ûnder de eagen komme, sûnder dat de jonge der by wie? En yn har wanhoop skuorden se de mantel stikken en bigounen de ezels op to laden. ‘Wy geane allegearre mei werom’, seine se, ‘wy litte him net allinne.’ De Egyptner knikte. ‘Jim kinne gean dêr't jim sels wolle!’
Sa trieken se de poarte troch, de keningsstêd yn, dêr't se de moarns sa moedich úttein wiene. In drôve optocht wie it, tsien stadige ezels mei de sek dwers oer de rêch, tsien mannen mei to-skuorde mantels en foar har út, nêst Benjamin en syn ezel, de Egyptner heech op syn kamiel. De bruorren hiene gjin moed mear. Allinne ien ding wisten se: noait, noait lieten se de jonge yn 'e steek...
En wilens, yn syn heech paleis, wachte Jozef. Hoe soe it komme? Soene se nou Benjamin yn slavernij gean litte en sels nei hûs reizgje en tsjin har heit sizze dat ek de twadde soan fan Rachel net wer thúskomme soe? Of soene se yn dizze greate need foar har broer opkomme en by him bliuwe? Soe nou aenstouns syn tsjinner komme mei Benjamin allinne, of kamen se alle alve? Hy hope it lêste en, djip yn syn hert, rekkene er der op. Juster hie er sjoen hoe wiis hja mei de jonge wiene, mar fansels, dat wie oan it miel, by brea en wyn. Nou hjoed, nou kaem it der op oan... It waerd al letter; hja hiene der al wêze moatten.
En dêrmei gyng de doar iepen en kaem syn tsjinner op him ta. ‘Ik haw dien hwat Jo my opdroegen hawwe, de jongste broer haw ik meinommen, mar de oaren binne mei him kommen, alle tsien en freegje démoedich oft jo har hearre wolle?’
‘It is goed; ik kom’, sei er, mar syn hert bounze fan greate blidens. Dan wiene se wol foroare, dat hja dit foar de jonge oer hiene? Hy wie binijd, hwat hja sizze soene en sa lang makke er him net bikend.
Fluch roun er nei har ta yn 'e greate seal