sa'n Egyptner oan? Hja wisten it net en woene it net foar elkoar wêze, mar it hert sloech har red en bang. De jonge Benjamin allinne hie syn moed wol en seach alle nijs op dizze earste, lange reis; hy tocht it soe wol hwat tafalle; hja hiene dy man dochs neat misdien? ‘Wacht mar’, seine de oaren, ‘dû kenst him noch net, mar dû silst it gauwernôch gewaer wurde.’
Yn 'e keningsstêd meldden se har by itselde gebou dêr't hja de earste kear west hiene; de ûnderkening seach har en murk dat Benjamin der by wie. Doe rôp er syn tsjinner en droech him op om har nei syn hûs to bringen en alles ré to meitsjen foar in great gastmiel; alle alve soene se dy deis by him ite.
Troch de strjitten fan 'e keningsstêd rounen se, mannen en ezels, achter de Egyptner oan nei it hûs fan 'e ûnderkening. Hja wisten net hwat hja dêr moasten en tochten al wer it slimste. Soe it om dat jild wêze, dat sulver dat yn 'e sekken lei? Soene se har mei sin yn dat paleis bringe om har dêr to oerrompeljen en har ta slaven to meitsjen?
Hja gyngen nei de tsjinner ta en fortelden him fan it jild en dat hja nou dûbeld by har hiene en dat it net mei sin bard wie. Hy seach har oan en murk hoe bang se wiene. ‘Frede mei jimme wêze’, sei er freonlik; ‘ik haw jimme sulver bard, dat wit ik noch goed. En dat jild yn 'e sekken? Jimme God en jimme heite God hat in skat yn 'e sekken dien! Mar lit ús nou yn it hûs gean, hwant jim moatte hjoed allegearre by myn hear ite.’
‘By him ite?’ fregen se. Hoe wie it mûglik? Koe alles dan mar yn dit wûndere lân? Koe dy hearsker jin de iene kear as misdiedigers yn it tichthús sette en bea er jin de oare kears oan tafel? Hja koene der net by! Mar hwat joech it dat hja der oer praetten en diene? Hy wie net mear lilk, hja wiene gjin bispieders mear - it wie in pak fan har hert! En dat dat nou allegearre om Benjamin wie! Dy jonge die syn namme ear oan: hy brocht gelok. En wylst hja de fuotten wosken yn it wetter dat de tsjinner brocht hie, pleagen se him goedmoedich en laken blier om him. Dy jonge, dat dy sa yn 'e gunst stie by sok in hege hear!
De hiele moarn moasten se noch wachtsje en yn dy tiid kaem Simeon by har. Dy wie al sa bliid, de wiken wiene him lang fallen, al hie er it net sa min hawn. Nou wiene se alle alf wer byinoar. Dit moast har heit ris witte! Hwat soe er ûngerêst wêze oer Benjamin! En djip yn har hert, sûnder dat hja it seine, tochten se oan dy iene, Jozef, dy't net wer komme koe. Hwerom hiene se dat doe dien?...
It wie middei doe't de ûnderkening thús kaem en sadré't hja him seagen bûgden se har nei de ierde en brochten se him it geskink dat har heit foar him ornearre hie. Hy wie tige freonlik, suver as hie er har al jierren kend en hy frege nei har heit, oft dy noch libbe en hoe'n reis hja hawn hiene. Doe seach er Benjamin oan, lang en earnstich en sei: ‘Myn soan, God mei dy genedich wêze.’ Hja hearden dat syn lûd trille. En meiïens draeide er him om en roun de keamer út; achter him sloech de doar ticht.
En yn syn eigen keamer, dêr't gjinien him steure mocht, skriemde Jozef oft syn hert brekke soe, skriemde er fan blydskip om't er Benjamin wer sjoen hie, syn folle broer, om't er nou mei gauwens syn heit wer moetsje soe, om't alles nou goed wurde soe tusken him en de healbroers. Hy gûlde ek om't er nou noch neat sizze koe, om't er noch as in frjemde foar har stie, om't noch altyd dy tolk tusken har en himsels wie, omdat er har noch ienkear bitter leed dwaen moast. It baernde him yn om alles to sizzen, om Benjamin om 'e hals to fallen, mar it mocht net. Noch net. Hy moast earst goed witte oft hja Benjamin haten lyk as destiids himsels; hy woe har noch ien kear bang meitsje om to sjen, oft hja yn 'e need ek foar har jongste broer opkamen.
Doe't er wer by har kaem, yn 'e ytseal, seagen se it him net mear oan dat er gûld hie. Hy gyng mei har nei in greate tafel en wiisde harren sels it plak. Oan 'e ein fan 'e tafel kaem Ruben, de âldste; dêrnjonken kaem Simeon to sitten, doe Levi, doe Juda... De bruorren seagen forheard fan 'e iene op 'e oare. Trof it sa, dat er krekt de fjouwer âldsten earst neam? Mar doe't er Dan en Naftali plak joech nei Juda, en njonken harren Gad en Aser sette en dêrnêst Issaskar en Sébulon, doe wisten se dat it gjin tafal wie. Wist er dan alles, dy hege Egyptner? Wist er fan alle alve de âlderdom?