chel wie der al lang net mear en Jozef wie al jierren wei - tritich jier hie er nou al wêze kinnen! - en nou dy honger wer. En hoe soe it gean, dêr yn Egypte? Hja hiene jild genôch mei, dêr soe it net oan stean, mar soene se forkeapje wolle oan frjemden? Hy woe dat hja mar wer thús wiene, mar dat koe noch lang net...
Doe't Jozef hearde dat der tsien mânlju út Kanaän wiene, dy't earbiedich fregen om nôt foar de honger fan har bern, gyng er út er haest nei it gebou dêr't hja wachten. It hert sloech him. Soene se it wêze, de tsien healbroers, of wiene it miskien oare mânlju dêr't er net ienris kunde oan hie? Kanaän wie sa great! En dôchs? Krekt tsien! De jongste, Benjamin, dy soe miskien net mei meije, sa fier.
En dan dy oare fraech: as hja it àl wiene, soe er it dan sizze? Hwat soene se eagen opsette as er tsjin har sei: Ik bin Jozef, jimme broer, dy't jim forkocht hawwe nei Egypte! Lilk wie er net mear op har; it wie sa lang al lyn en dat âlde hertsear wie hast al wer forgetten... Of noch net alhiel! Né, hy koe net sa mar wer gewoan mei har prate; hy soe har strang oansprekke, har bang meitsje en dan soe er wol gewaer wurde oft hja noch like wreed wiene as doe dy deis to Dothan, of dat hja foroare wiene. En yn elk gefal soe er it praet op Benjamin bringe; hy woe witte oft hja dy ek sa haten as him doe en oft hja noch like oergunstich wiene. Miskien wol net en dan soe er har neat dwaen. Mar earst moast er hurd wêze, en har hifkje.
Doe't er se stean seach, tsienrisom yn 'e wide seal, koe er se daliks. Dat wie Ruben, de âldste en njonken him stie Simeon; dat wie altyd ien fan 'e slimsten destiids; en Levi wie der en Juda en alle oaren. Suver neat wiene se foroare, allinne hwat âlder wurden yn 'e tsien jier dat er fuort west hie. En fansels koene se him net mear; doe't er nei Egypte gyng wie er noch sa jong, by de tweintich om, en nou wie er in man, hiel oars yn 'e klean en hja forwachten him hjir alhiel net.
Sadré't hja him seagen kamen se op him ta en lieten har oer de groun falle; in telmannich bleauwen se lizzen, tsien mannen yn har wide bûnte mantels, de hannen útspraet, de holle oan 'e hurde flier. En foar har, heech en rjocht stie Jozef en seach op har del. Strang stiene syn eagen en nimmen koe him oansjen hwat der omgyng yn syn hert. It lei him op 'e lippen om to sizzen: Kenne jim my dan net mear? Libbet ús heit noch? En hoe is it mei myn broer, mei Benjamin? mar hy bihurde syn hert. Nou net swak wêze, tocht er; nou folhâlde en de strange hearsker spylje. Hy sei in pear wurden yn it Egyptysk, mar hja skodhollen en bigriepen him net.
Hy wonk en in tolk gyng njonken him stean en fortaelde hwat hy sei en hwat hja antwurdden; hy woe net wêze dat er elk wurd forstie dat hja seine.
‘Ik leau net’, sei er strang, ‘dat jim komme om nôt to keapjen. Jim binne bispieders en wolle sjen hwêr't it lân iepen is en dan komme jim letter mei man en macht en falle Egypte oan!’
Hy seach, hoe't hja fan kleur forskeaten en elkoar oanseagen. Ruben kaem nei foaren en die it wurd. ‘Myn hear moat net tinke, dat wy mei forkearde bidoelingen komme, mar de honger is swier yn it Suderlân, en as wy gjin nôt krije dan stjerre ús froulju en bern. Wy binne earlike minsken, hear en alle tsien binne wy soannen fan deselde heit. Dat wy kinne gjin bispieders wêze: hoe soe in heit tsien fan syn bern jaen ta sok nuodlik wurk?’
‘Hawwe jim mear broers?’ frege Jozef. Ruben sloech de eagen del. ‘Wy hiene mei syn tolven wêze kinnen, mar ien dy is der net mear en de jongste is thús by ús heit.’ De ûnderkening seach har oan; it wie oft syn donkere eagen troch har hinne seagen en liezen hwat hja tochten. ‘Ik leau nòch dat jim bispieders binne’, sei er koel, ‘mar ik wol jim noch in kâns jaen. As it wier is hwat jim my forteld ha oer dy jongste broer, dan sil ik alles hwat jim sein hawwe leauwe en oannimme dat jim earlik folk binne. Ik sil jim yn 'e finzenis sette, alle tsien, mar mei trije dagen sil ik ien fan jimme loslitte en nei Kanaän stjûre om dy jongste broer op to heljen. As dy hjir komt dan sil ik jim leauwe en jim kinne nôt keapje sa folle as jim wolle, mar sa net, by de Farao, dan wachtet jim de dea!’
Hja woene hwat sizze, pleitsje, mar Jozef kearde him om en gyng de doar út. Soldaten kamen en brochten har fuort...
Trije dagen letter stiene se wer foar him, beevjend en bang. Hwat soe er oer har bislute, dy machtige hearsker en hwa soe de iene wêze, dy't nei hûs mocht? De oaren