De Hillige Histoarje. It Alde Testamint (Deel 1)
(1949)–Ulbe van Houten– Auteursrecht onbekend
[pagina 73]
| |
goed sin hie. Dat de earste wyks bleau it der by en de twadde ek en doe't der in moanne om wie, wie der noch neat fan kommen. It kaem fansels ek net op in wike oan mei ien dy't al jierren sitten hie! De twadde en de tredde moanne lykwols kaem de skinker der ek net oer gear en doe wie it hast to lang lyn om der noch oer to bigjinnen. It bigreate him suver om Jozef, mar it soe net iens forstannich wêze en bring it de kening wer yn it sin, dat hja doe sitten hiene, de bakker en hy: men koe mei de Farao noait witte hoefolle it krekt lije koe. Op it lêst tocht er net iens mear oan Jozef en hie er der alhiel gjin lêst mear fan. It wie twa folle jierren letter dat er ûnforwachts wer om dy jonge Hébréër kaem to tinken. Op in nacht hie de Farao dreamd en de ieremoams al wie alles yn it paleis yn rep en roer: boaden draefden de wide gongen troch en iderkear kamen wizen en wiersizzers oan, dy't de kening de dream útlizze moasten. Yn fol ornaet gyngen se de keningsseal yn en hja glimken wiis: hja hiene de machtige Farao wol earder dreamen ûtlein. Doe't hja, in skoft letter, fuort gyngen, glimken se net mear. De hovelingen seagen somber: dit wiisde net bêst; de kening hie in dream hawn en de wizen wisten gjin biskied! En doe, ynienen, tocht de skinker wer oan Jozef. Dy jonge slaef yn 'e kûle, dy koe dreamen útlizze! Hy moast daliks nei de kening ta en siz it. En doe't er foar de Farao stie forhelle er alles, fan it kwea dat hja dien hiene, fan de dreamen dy't hja hawn hiene en fan de útliz dy't Jozef jown hie. Dat er syn wurd oan Jozef brutsen hie en dat er him twa lange, einleaze jierren yn dy hoale sitte litten hie, dat fortelde er der net by. De kening bitanke him tige en stjûrde fuortendaliks boaden om Jozef to heljen: hja moasten him skeare en nije klean oantsjen en him dan foarbringe. Noch deselde moarns kaem Jozef. Rêstich stie er foar de troan, frij man, net frijpostich, mei klopjend hert mar foar it úterlik kalm. Freonlik seach de Farao him oan: ‘Ik haw in dream dreamd en gjinien kin him útlizze, mar nou haw ik sizzen heard, astû in dream hearst, datst' him ek útlizze kinst.’ Jozef antwurde: ‘Dat is net fan my, o kening - God sil Farao's heil wytgje.’ Om 'e strange mûle fan 'e kening luts in glim. Oan dizze jongeman woe er graech de dream fortelle; hy twivele der net oan of hy soe de útliz witte! En it wie frjemd, mar nou wie er der ek wis fan dat de útliz gunstich wêze soe, al hoe driigjend de dreamen liken. En doe fortelde er. Hy stie yn syn dream oan 'e kant fan 'e rivier en seach sawn kij dy't út it frisse wetter opkamen en weiden yn it gêrs; hy hie der syn niget oan, sa fet en glânzich wiene se, suver in lust foar it each. Mar wylst er der noch nei seach, kamen sawn oare kij út it wetter op, sa skriklik meager, dat de kening him bisaude. Mar it waerd noch slimmer, hwant ûnforhoeds foelen se op 'e sawn fette kij oan en slokten se troch. It allerfrjemdste wie noch dat hja, nei dat nuver miel, noch like meager wiene as to-foaren... Fan skrik waerd de kening wekker mar letter foel er wer yn 'e sliep en hie noch in dream. Foar syn eagen skeaten sawn ieren op, fol en skoan en alle sawn oan ien strie en dêrnjonken groeiden sawn oare ieren, geld en fan 'e gleone wyn forskroeid en ek dizze kear forslynden de meagere de fette... Wie it wûnder dat de kening ûntdien wie, de moarns, en alles der foar oer hie om dy dream to witten? Stil hie Jozef harke nei de Farao en, krekt as doe yn 'e finzenis, wist er daliks de bits jutting; hy hoegde der net oer to tinken, der net om to bidden ienris; it wie as kaem it sa mar fansels by him op, mar hy wist dat God it wie, dy't it joech en it kaem net by him op om der greatsk op to wêzen. Rêstich, mei kleare stim fortelde er. ‘De twa dreamen dy't de Farao sjoen hat, binne ien en deselde: God wol de kening forkundigje hwat der mei gauwens barre sil. De sawn fette kij en de sawn fette ieren binne sawn jierren en de meagere kij en de gelde ieren, dat binne sawn jierren fan hongersneed. Sjoch, de sawn jierren dy't nou komme, sil der greate oerfloed wêze in it lân fan Egypte, mar dernei komme der sawn jierren dat der hast neat waechse sil. En dat de meagere de fette oermânsk wiene en forslynden, dat bitsjut, dat yn 'e sawn hongerjierren alles opiten wurde sil, dat der fan 'e oerfloed oerbleaun wie; ja it sil sa slim wêze dat | |
[pagina 74]
| |
de honger it lân fortart. Twaris hat de kening dreamd: it is om sjen to litten dat it wis komt en dat God haest hat om it to dwaen... Nou dan, lit de kening sjen om in wiis en forstannich man en dy sette oer it lân fan Egypte en lit him fan alle nôt dat der de sawn earste jierren groeit, in fyfte part opkeapje en dat opslaen yn skuorren, dat der iten wêze mei foar minsken en fé, as de minne jierren komme.’ De kening en syn riedslju hiene mei greate niget harke; der wie net ien dy't oan Jozef syn wurden twivele, net ien dy't tocht: it sil wol hwat ta-falle. De kening sels seach Jozef oan en spriek: ‘Omdat God dy dit alles sjen litten hat, is der gjin-ien sa wiis en forstannich as dû, dat dû silst oer hiel Egypte hearskje en neffens dyn wurd sil myn hiele folk ite en ik allinne sil heger wêze as dû!’ Doe naem de machtige Farao syn segelring en stiek him Jozef oan 'e finger, hy waerd yn it djûrste linnen klaeid en krige in gouden keatling om en noch dyselde oerdeis ried er troch de keningsstêd yn ien fan 'e keningsweinen. Heech stie er boppe it bûgende folk, Jozef de soan fan Jakob, en by alle blidens moast er iderkear wer tinke oan alles dat er trochmakke hie. Hy seach himsels wer gean nei Sichem, de bûnte mantel om; hy seach himsels wer stappen achter dy hege kamiel, de einleaze wei nei Egypte; hy seach de sombere finzenis wer by Potifar's heech paleis. Tritich jier wie er nou en dy bêste jierren kamen net werom. Mar dan skodde er de holle wer as woe er al dy drôve tinzen fan him ôfsette. Hy wie frij en de sinne wie waerm oan syn wangen en boppe him stie Gods blauwe loft. Hy mocht earder tankber wêze! En nou wist er hwerom't dat him allegearre oerkomme moast, hwerom't er forkocht wurde moast nei Egypte, hwerom't er yn Potifars hûs komme moast, hwerom't er yn 'e finzenis de skinker treffe moast: it wie om't God in doel mei him hie, it wie om't er Egypte rêdde moast fan 'e hongerdea. Nou koe er net mear treurje om dy foarbije jierren, nou koe er net ienris mear lilk wêze op syn heal-broers. Út wraek hiene se him forkocht, mar krekt troch har sûnde wie er yn Egypte kommen en ûnderkening wurden. Dat hoe soe er lilk bliuwe kinne, nou't God sa goed oer him wie? Fuort de oare deis al bigoun er mei syn wurk. Hy makke in reis troch Egypte om to sjen hwer't berchromte wie en hwer't skuorren boud wurde moasten. Doe't dat jiers de risping ynhelle waerd, kochten syn tsjinners it fyfte part op en sa gyng it alle sawn fette jierren. De tiid fleach om mei alle wurk en soarch. De kening hie him in frou jown, Asnath, in dochter fan 'e preester fan On, út in tige rike famylje. Hy krige twa soannen, noch foar't de hongerjierren bigounen, en neamde se Manasse en Efraïm. Doe't nei de tiid fan oerfloed it earste jier fan 'e honger kaem - de rivier de Nijl sette net op en it lân roun net ûnder - gyngen de skuorren iepen en kaem it folk fan Egypte om nôt to keapjen. Der kamen birjochten dat ek yn Kanaän krapte fan iten wie. It hert kloppe Jozef, doe't er it hearde. Soene se noch ris nei Egypte moatte, de tsien broers, om nôt foar de honger fan har hûs? Soe sa de dream noch wier wurde, de dream fan 'e bûgende skeaven? Mar djip yn syn hert hie er it ommers altyd witten doe't er by Potifar wie, doe't er finzen wie, sels yn dy lêste twa bittere jierren, doe't de skinker him forgeat. Hy joech syn tsjinners bistel dat hja alle bûtenlanners dy't kamen om nôt to keapjen foar him bringe moasten. |
|