It lân fan 'e rêst
It wie net lang nei dy tiid dat se Jozef oanseine: ‘Sjoch, jimme heit is siik en sil it wol net lang mear meitsje.’ Hy naem daliks syn beide soannen, Manasse en Efraïm, mei en reizge nei de provinsje Gosen.
Hja founen de âlde man op syn divan-bêd, mar hy siet noch oerein mei de fuotten by it bêd del en syn lûd wie noch klear en syn geast noch helder. Hy bigoun daliks oer Jozef syn soannen: ‘De Almachtige hat my seinge, to Loez yn it lân Kanaän en Hy hat tsjin my sein: Ik sil dy ta in mannichte folken stelle en Ik sil dyn bern dit lân ta in ivige bisitting jaen; nou dan, Manasse en Efraïm sil ik oannimme as myn eigen bern en hja sille mei Ruben en de oaren gelyk op diele, letter, as it lân forparte wurdt.’
Doe naem er de beide soannen yn 'e earmen en patte se en dêrmei heve er de hannen op en woe se seingje. Jozef seach lykwols dat er de earmen krúslings hie en dat er de rjochterhân lei op 'e holle fan 'e jongste, fan Efraïm en om't er wist dat syn heit hast neat mear sjen koe, naem er him by de pols om de hannen to forlizzen. Jakob skodholle.. ‘Ik wit it wol’, sei er, ‘Manasse sil ek great wurde en God sil him seingje, mar de jongste broer sil greater wêze as hy.’
Jozef lei der net tsjin yn; hy bigriep dat dizze âlde man, swak en siik dat er wie en mei de iene foet al yn it grêf, profeet wie en dat alles komme soe sa't hy it sei. Stil en earbiedich harke er nei de seine oer syn bern: ‘De God dy't my weide hat fan myn berte ôf oan't hjoed-de-dei ta, de Ingel dy't my forlost hat út alle need, dy mei dizze jonges seingje en har oermjitte formannichfâldigje yn dit lân.’
Jozef wie tige bliid mei dizze seine: it bitsjutte dat syn neiteam in dûbeld diel hawwe soe fan 'e erfenis, dat hy, de âldste soan fan Rachel, it rjocht fan 'e earste berte krige. Lange jierren lyn, dat wist er, hie der bittere striid oer west yn 'e tint fan Izaäk: nou, nei alles dat der bard wie, soene de bruoren der net lilk om wêze.
Dyselde deis noch, de lêste fan syn libben, liet Jakob ek de oare soannen komme om har to seingjen foar syn dea. Fol spanning wachten se foar hwa't de greate seine wêze soe en de bilofte fan God. En noch ienkear wie it oft alle swakkens en wurgens by har heit weifoel, oft syn âlde eagen yn fiere fierten seagen en hy spriek, dúdlik, dat hja it allegearre forstean koene.
By Ruben bigoun er en sa gyng er de rige bylâns oan Benjamin ta en elk krige in wurd dat by him paste. Mar net de trije âldsten krigen de seine en de biloften fan God; dy wie foar Juda, de fjirde soan. ‘Juda, dû bist it, dy sille de bruorren loovje; foar dy sille dyn heite soannen har bûge... De skepter sil fan Juda net wike, noch de hearskersstêf tusken syn fuotten wei, oant Silo komt en him sille de folken hearrich wêze.’
Ek Jozef krige in hearlike seine, de langste fan allegearre, in profesij fan wielde en rykdom oan lân en fé en bern, mar oan dy fan Juda kaem ek hy net ta. Net ien fan al dy soannen wist hoe't it krekt wêze soe, mar dit bigriepen se al, dat út Juda keningen fuortkomme soene en dat Ien út syn geslacht hearliker wêze soe as alle minskene keningen. Hja wisten noch net dat dy iene Gods Soan wêze soe, dyselde dy't wraksele hie mei Jakob en dy't forskynd wie oan Abraham, mar hja wisten al dat God oan alle folken syn heil jaen soe en dat it heil út Juda wêze soe.
Doe't Jakob alle soannen seinge hie wie er wurch; hja seagen hoe't er al swakker waerd, mar noch ien ding woe er sizze. ‘Ik wurd forgearre ta myn folk, bigraef my yn 'e spelonk fan Machpéla, deselde dy't Abraham kocht hat fan Heths soannen ta in erflik grêf. Dêr hawwe se Abraham bigroeven en syn frou Sara, dêr rêste Izaäk en Rebekka en Léa, myn frou.’
Syn lûd stoar stadich wei en hja seagen dat it net lang mear duorje koe. Mar noch hie er de krêft om de fuotten op to lûken en út to strekken op it bêd; doe liet er him efteroer en joech er him ta de lêste sliep. Hja murken it mar amper, dat de lêste siken der útgyng, sa rêstich stoar er...
Allegearre skriemden se, mar Jozef liet him falle oer it bêd en patte it kâlde, deade antlit. Doe't er ta himsels kaem moast er fuort; der moast noch fan alles dien wurde foar de bigraffenis. It lyk moast balseme wurde foar de fiere reis en Jozef moast der oer prate mei de dokters en fansels