de steppen yn fan it Suderlân; elke stap dy't er sette brocht him nou fierder fan hûs, fierder fan syn âlde heit. Dy wist it nou noch net en de bruorren soene wol soargje dat er it ek net to witten kaem. O God-yn-'e-himel, tocht er, hwat haw ik har dien, dat hja my dit oandwaen koene? De leafste soan wie ik fan ús heit, ik koe krije hwat ik ha woe en de slaven fleagen as ik wonk; en nou bin ik sels in slaef, forkocht troch myn eigen heal-broers en op wei nei in frjemd lân.
En iderkear op dy lange mars, moast er tinke oan 'e dreamen dy't er destiids hawn hie. Soe it dan dochs gjin boadskip fan God west hawwe en hiene de bruorren dochs gelyk dat it allegearre fuortkaem út syn greatsk hert? Mar it wie oars ek sa ienfâldich: bûgjende skeaven, en de sinne en de moanne en de stjerren, dy't him hulde diene. Nou noch, as er de eagen tichtknypte en him meilûke liet troch dy kamiel, seach er alles foar him. En nou noch, yn dizze greate need, nou't er slaef wie en stellen út syn heite hûs, lei it him by dat der in omkear komme soe, dat God in doel mei him hie! Hy wist allinne mar net hwannear en hoe...
Yn elk gefal woe er net mear gûle en jammerje; as eigen gjin meilijen mei him hie, hwat koe er dan hoopje fan dizze hurde Ismaëliten? Mar nou soene se gjin triennen mear fan him sjen; hy soe geduldich wêze en op God bitrouwe.
Yn 'e keningsstêd, tichte by de grins, forkochten se him oan Potifar, de kommandant fan 'e liifwacht, in machtich man, dy't de wacht hâldde oer de Farao. Hy wenne yn in prachtich hûs en bûten de stêd hie er lân, dêr't de slaven wurken, hast neaken yn yn 'e gleone sinne, mei oars net om as in smelle doek om 'e heupen. Jozef wie tige bliid dat er net nei it lân hoegde, mar dat er yndield waerd by de hússlaven. Hy naem it as in teken fan Gods gunst oer him en fan 'e earste dei ôf die er goed syn bêst. En mei't er út alle macht syn wurk die, hie er deis gjin tiid om ûnwennich to wêzen en foel er jouns fan wurgens yn 'e sliep, sadré't er it bêd roerde.
It duorre net lang of Potifar murk dat Jozef bysûnder goed yn syn wurk wie en dat alles him slagge dat er bisocht. Dat hy keas Jozef út om him persoanlik to bitsjinjen en sadwaende hie er him altyd om him hinne en fornaem er dat God him seinge. Doe't er lang by him west hie sette er Jozef boppe alle oare slaven yn 'e hûs en noch letter krige er it bistjûr oer alles dat Potifar hie. Hy moast alles regelje dat der to dwaen wie, hy hiet de slaven it wurk en biskikte har de spize, hy kocht alles yn en forkocht hwat it lân to-folle joech; der barde neat dat bûten him omgie. Allinne it iten dat er sels iet en dat oan de strange Egyptyske spiis-wetten foldwaen moast, gie Potifar sels oer.
Sa wie Jozef dan de bistjûrder fan it hûs fan Potifar; tusken de slaven mei har smelle heupdoek, roun hy yn syn lang wyt kleed en gjin-ien soe it weagje om tsjin him op to stean. Guon wiene oergunstich op him en founen it net sa moai dat dy frjemde Hébréër boppe har set waerd, dy't langer yn it hûs fan Potifar wennen. Faek seagen se skean nei him as er har foarbykaem, mar hja doarsten him neat to missizzen.
Der wie noch ien yn it greate hûs dy't faek nei Jozef seach: de frou fan Potifar, mar yn har donkere eagen stie hiel hwat oars as oergunst en haet. Hja foun him sa jong en sterk, sa tsjep fan gesicht, in hear hast ynpleats fan in slaef, mei syn wide mantel. Har man wie lang sa aerdich net, folle âlder en hy bimuoide him net folle mei har; hy gie ek alhiel op yn syn wurk en wie hast altyd by de kening. Hja woe dat Jozef har man mar wie en op in kear, doe't er earne yn it greate hûs oan it wurk wie, rôp se him en frege: ‘Kom by my op 'e divan; myn man sjocht it dochs net; dy hâldt net fan my, dat wês dû myn man sa lang...’
Jozef seach har mei greate eagen oan; hy fielde dat er in kleur krige. Hoe doarst se it sizze, tsjin him, dy't in slaef fan har hear wie! Hy skodholle en wylst er by har wei roun sei er: ‘Sjoch, myn hear hat my oer alles set dat yn syn hûs is en hy hat my neat ûnthâlden bihalve jo, om't jo syn frou binne; hoe soe ik dan sa'n great kwea dwaen, en sûndigje tsjin God?’
Hja seach him nei en glimke. Hy doar net, tocht se, mar hy wol wol graech en as ik him wer freegje, moarn, dan docht er myn sin. Fêst! Dat Jozef dat greate kwea net dwaen woe, en dat de Heare him holp om sterk to stean yn 'e forlieding, dêr bigriep se neat fan.