De Hillige Histoarje. It Alde Testamint (Deel 1)
(1949)–Ulbe van Houten– Auteursrecht onbekend
[pagina 65]
| |
... Leaude er nou wier, dat hja foar him bûge soene as slaven ...?!
| |
[pagina 66]
| |
kaem, bigoun it Jakob oan to gean. Hwa wit, hiene de Kanaäniten net wraek nommen oer de moart fan Sichem en har alle tsien deade? It soe in lange mars wurde, alhiel fan Hebron ôf, en allinne reizge it net plezierich, mar der holp neat oan: Jozef moast der op út. Hy woe witte hoe't it mei de jonges gyng en hoe't it der mei de bisten foar stie. Jozef wie daliks ré om to dwaen hwat syn heit him oplei; hy hie al gjin aerd om tsjin to praten en de lange reis lokke him oan. Fansels joech er neat om it lang ein rinnen; dy't alle dagen mei de keppel it lân út is, dy is wol rinnen wend. It kaem net by him op, dat der gefaer by wêze koe en dat de bruorren him wol ris kwea dwaen koene. Hy wist wol, dat hja him net lije mochten en dat hja him faek pleagen, mar hy tocht dat dat altyd sa wie mei de jongste fan in keppel broers; dat hja him sa fûl haten en sels gjin moart skromje soene, dat wist er net. Dat hy sloech moedich de bûnte mantel om, deselde dy't syn heit him jown hie en dêr't de bruorren sa lilk om west hiene en sette de stap der yn, de kant nei Sichem op. Jakob seach him lang nei. It soene frjemde, ûnwennige dagen wurde, mar langer as op syn heechst in pear wike, hoegde it net to duorjen. Hwerom stjûrden dy bern gjin birjocht, hja wisten wol dat er it mar heal fortroude, dêr by Sichem en der wie dochs wis yn it kamp wol in slaef dy't mist wurde koe? Hy soe bliid wêze as Jozef der goed en wol wer wie, dan wist er to-minsten hoe't it wie.
Hja weiden de keppels in hiel ein fan Sichem, op 'e flakte fan Dothan, doe't hja Jozef kommen seagen oer de heuvels. Earst tochten se dat it in reizger wie dy't de greate karavaen-wei del kaem, it Noarden yn, mar doe't er tichter by kaem, koene se him oan syn stap en syn mantel. En mei't hja him seagen lôge al de âlde grime op, dy't hja sa lang al opkroppe hiene, alle oergunst en de fûle haet om syn greatske dreamen en hja seine tsjininoar: ‘Kom, lit ús him deadzje en him yn ien fan dizze kûlen smite en wy sille sizze dat in wyld dier him forskuord hat; dan sille wy ris sjen hwat der fan syn dreamen wurdt!’ Hwat koe it har skele dat er har broer wie, har eigen flesk en bloed, dat er noch sa jong wie en dat der thús in âlde heit op him wachte? Hy wie hàr yn 'e wei en dan moast er mar stjerre! En bûtendat, sa'n kâns as nou kaem der miskien noait wer. Fan al dy tsien jonge keardels wie der net ien dy't oerein sprong en sei: mar dat sil net! Dat is in gemiene moart en dy't it weaget om oan him to kommen, dy kriget mei my to dwaen! Mar der wie àl ien, dy't dit to fier gyng en dy't it bigreate om har heit. Dy iene wie Ruben, de âldste. It wie net dat er mear mei Jozef op hie as de oaren, mar hy hie skoan foar it forstân, dat hy letter, om't er de âldste wie, rekkenskip jaen moast en dat doarst er net. As hy skuld mei hie oan it bloed fan syn broer, hoe soe er dan de âldman oait wer ûnder de eagen komme? Mar hy bigriep ek wol dat it gjin sin hawwe soe om in goed wurd foar Jozef to dwaen; hja joegen dochs net om sizzen en har hate en wrok siet to djip. As er Jozef rêdde woe soe er hiel oars to wurk gean moatte. Hy wist wol hwat: as Jozef mar libben yn 'e kûle kaem, ynpleats fan dea, dan koe er him der to-mûk úthelje en nei har heit ta stjûre! Mar hja mochten neat oan him fornimme! Dat, suver ûnforskillich, sei er: ‘Wis, it bêste is dat er stjert en hjir, yn sa'n kûlesûnder-wetter, kraeit der gjin hoanne nei! Mar it is àl better dat wy him sels net oan it libben komme; bloed dat yn 'e ierde getten wurdt, dat ropt nei de himel om wraek. Soe it net folle better wêze, dat wy him libben yn dy kûle smieten? Dan stjert er likegoed, fan honger of toarst, mar gjinien kin sizze dat syn bloed oan ús hannen klibbet.’ Hy hie net ienris folle hoop dat hja nei him harkje soene: der wiene mannen by, dy joegen nearne net om en de wylde Simeon hie nou ek wer it heechste wurd. Dy wie net bang fan bloed, dat hie wol bliken dien to Sichem! It wie suver in pak fan syn hert, doe't hja it allegearre goed founen. Miskien wie it wol goed foar Jozef dat er ris goed yn 'e binaudheit kaem, mar yn elk gefal wie syn libben rêdden. Sûnder dat de oaren it wisten, soe er him út 'e kûle helje en nei hûs ta stjûre en gjinijien soe witte dat hy it dien hie! Hy bleau fan siden stean doe't Jozef der oankaem. Hwat like er noch jong en sûnder euvelmoed; bliid dat er, nei de lange iensume reis, wer by eigen wie. Ruben | |
[pagina 67]
| |
hearde syn lûd doe't er in groetenis spriek en hy seach hoe deadlik wyt er waerd, doe't hja op him tasprongen en him de bûnte mantel fan 'e skouders skuorden. Wiid en skril stiene syn donkere eagen; it wie as fregen se: Hwat wolle jim, hwat haw ik dien, dat jim op my oanfalle, tsien tsjin ien? Doe seach er hoe't in pear fan 'e bretaelsten him fuortsleepten, de flakte oer nei de kûle ta. Hy jammere en rôp om genede. Mei greate stappen sette Ruben de flakte út; doe't er al in ein fuort wie, miende er noch dat er dat wanhopich gûlen hearde. Wacht mar jonge, tocht er, strak as de oaren ite, helje ik dy der út! Hja ieten in ein fan 'e kûle ôf, dêr't de karavaen-wei nei it Suden troch de flakte fan Dothan rint. It iten smakke der har net minder om en hja praetten lûd en drok. It wiè in rare gedachte, dat dy broer fan harres dêr nou yn dy kûle lei, dat er stjerre soe fan toarst en honger, mar it wie suver syn eigen skuld. Hwat die er ek sa greatsk to wêzen en sokke rare dreamen to hawwen? Hwat die er ek to klikken as hja ris hwat forkeards diene en hwerom wie er sa from en stie er sa by har heit yn 'e gunst? Har heit... Dy soe him komme to missen, mar soks slyt wol mei de tiid en de lytse Benjamin wie der ek noch! Op e' wei, noch in fiks ein ôf, seagen hja in rige kamielen kommen. Sokke karavanen kamen hjir wol faker lâns: Ismaëliten, dy't balsem en myrrhe en swietrokige krûden út Gilead wei nei Egypte brochten en dy't fierder alles kochten dêr't hwat op to winnen wie: ek slaven as it sa útkaem. En yn-ienen krige Juda in prachtich idé. ‘Stil’, sei er, ‘harkje ris nei my. It is dochs to slim dat wy ús eigen broer deadzje, ek al forjitte wy syn bloed net. Kom, lit ús him forkeapje oan dizze Ismaëliten!’ De oaren founen it daliks goed. It wie gau sa goed as him yn dy kûle omkomme to litten en hja wiene him likegoed kwyt! Dy't as slaef nei Egypte gyng, dy kaem net werom! Hja riisden oerein en wachten op 'e keaplju en stieken de hân omheech. De klokjes oan 'e koppen fan 'e kamielen tinkelen. De lieder fan 'e karavaen lake de wite tosken bleat yn syn brún gesicht. ‘Oft hja yn slaven diene? Wis; hja wiene keaplju en kochten alles.’ Doe gyngen der in pear fan 'e bruorren op út om Jozef op to heljen. Yn 'e donkere kûle hearde Jozef har stap en har stimmen. Dus hja kamen dochs noch om him! It hie dus oars neat west as in wrede grap en it wie har doel net om him hjir stjerre to litten, fier fan hûs. O heit, tocht er bliid, nou kom ik dochs wer thús! Doe seach er har donkere koppen boppe de rânne fan 'e kûle en it tsjûke tou dat hja sakje lieten; dronken fan blidens knypte er syn hannen der om hinne en plante syn fuotten tsjin 'e steile kant. Hymjend stie er dêr boppe en seach de flakte wer, de muorren fan Dothan en op it brune fjild, it bûnte fé fan syn heite keppel. Hy woe har bitankje, hy woe sizze hoe bliid er wie, mar de wurden bistoaren him op 'e lippen. Op 'e nij pakten se him beet en sleepten se him oer it fjild. En dêr by de wei stiene de oaren by in lange rige kamielen. Hwat woene se nou? Makken se him nou dochs noch dea? Hy gûlde wer en rôp om help, mar net earder as doe't de Ismaëliten op him ta kamen, bigriep er hwat him boppe de holle hong. It skeat troch him hinne dat er dus net hoegde to stjerren, dat hja him net formoardzje woene, mar tagelyk wist er, dat dit slimmer wie as de dea. De soan fan Jakob in slaef yn Egypte! O, as syn heit dit wiste. En wer bigoun er to roppen om genede. De broers stieken gjin hân út en laken en de brune Ismaëliten bounen him en gaspen him fêst oan in kamiel. ‘Ik bin gjin slaef’, rôp er, ‘ik bin in broer fan har en hja meije my net forkeapje!’ In Ismaëlyt sloech him yn it gesicht en fan 'e skrik wie er stil. Doe makken se alles klear om fierder. It wie bêst mûglik dat dy jonge in broer wie fan dy skieppehoeders, mar hwat soe it dan noch? Hy wie jong en linich en sterk en hja hiene tweintich goede sulver-sikkels foar him bitelle, dat hy wie nou fan har! As dizze njoggen rûge knapen har eigen broer forkwânselen, dan wie dat har eigen saek. En de karavaen-lieder stiek de hân op. De kamielen skodden de kop; de sulveren klokjes letten, de karavaen gie op reis. Sa bigoun Jozef, de soan fan Jakob, de soan fan Izaäk, de soan fan Abraham, syn reis nei it lân fan Egypte... Op 'e flakte fan Dothan sieten de bruorren en parten it jild dat hja fan 'e Ismaëliten bard hiene. Twa sulverstikken de man, as Ruben syn part ek ha soe. Men | |
[pagina 68]
| |
koe der noch net by: in pear ûren lyn kaem er noch greatsk op har ta stappen yn 'e bûnte mantel en nou wie er op mars nei Egypte. En as Ruben net sa syn bêst die hie, en Juda letter, dan lei er dêr nou noch yn dy tsjustere kûle. It wie dochs better sa. En de dreamen kamen yn elk gefal net út! En dêrmei seagen se allegearre forheard op; oer it fjild kaem Ruben op har ta mei greate stappen; wyld mealden syn bleate earmen boppe de holle en de mantel hong him to-skuord om 'e lea. Doe't er tichter by kaem hearden se him roppen: ‘De jonge is der net mear, en ik, hwer moat ik nou keare?’ Hja namen him tusken har yn en joegen him de beide sulversikkels. En bang hoegde er net to wêzen: hja makken alles yn oarder. Ien gyng nei de keppel en helle in geitebok; hja slachten it bist en hellen de moaije mantel fan Jozef troch it bloed, dat it krekt like oft in wyld bist him forskuord hie. De oare moarns bitiid stjûrden se in slaef nei Hebron; dy moast Jakob de bluodrige mantel bringe en sizze: ‘Dat hawwe jins soannen foun yn it fjild; jow dochs útslútsel oft it jins soan syn mantel is, of net?’
Doe't Jakob de mantel seach, to-skuord en ûnder it bloed, wie it as stie syn hert stil fan 'e skrik. Doe't er wer prate koe rôp er mei triljend lûd: ‘It is myn soan syn mantel, in wyld dier hat him opiten; forskuord, forskuord is Jozef.’ Lang stie er dêr mei de mantel yn 'e bannen en tocht oan Jozef, oan dy dei in Haran doe't er berne wie; oan de dei dat Rachel stoarn wie; oan dy moarn doe't Jozef ôfskie naem en de stap nei Sichem sette. It wie oft er gjin siken mear krije koe, oft alles him bisette en wyld taestte er nei de mantelkraech en skuorde syn klean. Dagen roun er om mei in swarte rou-doek om 'e heupen en doe't de bruorren en har froulju kamen om him to treastgjen, woe er net harkje. ‘Ik hoech gjin treast mear’, sei er wurch, ‘it is gau dien mei my: in mannich dagen noch en dan stjer ik. It libben is neat mear sûnder Jozef en om dit skoftsje hoecht de rou-doek net mear ôf. Rouwend sil ik ta myn soan yn it grêf delfarre.’ Mar doe't de dagen en de wiken foarbygyngen bigriep er dat syn tiid der noch net wie. Dan wie dat him ek wer goed, God moast it mar witte. It wie himsels ûnbigryplik, mar it alderslimste leed bikaem hwat, al gyng der gjin dei foarby dat er net tocht oan 'e forstoarne soan. Soms tocht er mei in drôve glim oan dy beide dreamen. Nea soene de bruorren foar him bûge; nea soe er de greate seine sizze oer de holle fan Rachel har earste soan. Dy dreamen... Dat de sinne en de moanne en de stjerren net fan 'e himel fallen wiene, dy deis doe't dat bist syn jonge bisprong! En hy hie sa fêst forwachte, dat God hwat greats mei dy jonge foar hie! Stadich-oan, doe't de lytse Benjamin opgroeide joech er alle leafde fan syn hert oan dat bern fan Rachel De oaren wiene troud en krigen sels bern en groeiden fan him ôf, mar Benjamin hie er altyd by him. En it wie frjemd, mar doe't er Benjamin leaf hie, hast noch mear as Jozef destiids, doe't er him foartriek en it like as joech er mar allinne om dy iene soan, doe teagen de oare soannen it har net oan; hja founen it bêst en hâldden allegearre fan him. Wie it miskien om't hja âlder wiene en sels al heit en har ta deugd oanstelden nei de wylde jeugd? Of woene se, sûnder dat hja it sels rjocht wisten, oan de jongste fan Rachels soannen goedmeitsje hwat hja oan 'e âldste misdien hiene? Hiene se spyt oer hwat hja dien hiene? Yn elk gefal hat net ien fan harren syn sûnde biliden en it oan Jakob forteld... |
|