De dreamer
Ek nei syn heite dea bleau Jakob yn 'e delling fan Hebron. Dêr, tusken de wylde kalkrotsen, weiden syn soannen de keppels lytsfé. Soms swalken se einen fier fan hûs en fan tiid ta tiid, as der krapte wie fan ien of wetter, teagen se nei Sichem, dêr't hja in soarte fan fêst kamp hiene, op it stik lân dat Jakob destiids kocht hie. Hja wennen dêr rêstich en Jakob soe dêr lokkich west ha, as net alle dagen weroan it leed der wie om Rachel en, iderkear wer, de sûnden fan syn soannen en har hate tsjin Jozef.
It wie al bigoun doe't Rachel noch yn libben wie en hja by Sichem wennen. Soms like it as stie dy âlde striid tusken de susters Léa en Rachel wer op yn har bern. Jozef wie noch mar lyts, in jonge noch, doe mochten de oaren him al net lije; doe't er in jongfeint fan sawntjin jier wie en mei har op en út gyng, de fjilden yn, doe waerd it net heite better. Jozef murk al gau dat de broers der net folle omjoegen en dat hja noch wol oare dingen diene, as hja fan hûs wiene, as op 'e keppel passe. Gemiene dingen hellen se út en sokke tiden wiene se wreed en mijden gjin ien. Yn it earstoan praetten se der wol oer as hy der by wie en woene se der him ek yn bihelje, mar doe't er net meidwaen woe lieten se him gewurde. Hy bigriep ek net hoe't hja sokke dingen neame doarsten, lit stean dat er mei-dwaen soe en diele yn 'e bút. Soms, as it hiel slim wie, koe er it net swije en fortelde it oan har heit; as hja dan thús kamen en Jakob wist it al en sei der hwat fan, dan wiene se forgrime. De haet fûnke út har donkere eagen. Soe men him net forgrieme, dy soan-fan-Rachel mei syn eigenwiis gesicht, dy't sels neat doarst en dy't har swart makke om by har heit yn 'e gunst to kommen? En as de âldman har bistrafte - net dat hja der hwat omjoegen: in minske is mar ienkear jong! - dan stie hy der by en harke mei sawn pear earen.
It wie wier, soms koè Jozef net folle fan 'e healbroers op en hy seach wol ris hwat heech by him sels op, mar it wie ek wier dat er God oprjocht leaf hie en dat er better wie as de bruorren. De sûnden, dy't hja sa mar diene en dêr't hja great op gyngen, hie er in ôfgriis fan. Syn heit, dy bigriep him better en dy wie bliid dat alteast ien fan syn bern de Heare leaf hie en yn Syn wegen gie. Fan 'e alve ien - it wie to-minsten net to-folle!
Mar it wie dochs net allinne om syn frommens, dat er Jozef leaver hie as al syn oare bern; it wie der miskien net iens it meast om! Né, mar Jozef wie de soan fan Rachel, har iennichste, en Rachel hie er fan alle fjouwer froulju it leafst. Hy koe it net forjitte, as er Jozef seach, dat er fan Rachel wie en as it der op oan kaem hâldde er it altyd mei him. Fan lyts bern ôf oan al hie er him foartrutsen, dat sels hie er der skuld mei oan dat de bruorren him net lije mochten. Nei alles dat er bilibbe hie mei Rachel, nei alles dat er om har útstien hie, wie it gjin wûnder dat er tige oan har soan hong; mar it wie net goed dat er it him sa skine liet. Bytiden hie it der fan dat er mar om ien fan syn bern hwat joech, en dat om ien alles draeide: Jozef.
Op in kear hie er in prachtige moaije mantel, wiid en mei lange mouwen en bûnt fan kleur, lyk as de minsken fan dat lân moai founen. It wie suver hwat bysûnders; gjin mantel om yn it wurk oan, dat de broers wiene binijd hwa't him krije soe. Hja tochten, as it earlik om en ta gyng, kaem er Ruben ta, de âldste, dy't it wurk regele as hja fan hûs wiene en dy't dus net altyd sels yn it swierste plak stie. Mar fansels, doe't it sa fier wie, krige Jozef de mantel! Soe men jin net...? Och, né, it koe har neat skele om dy mantel, as it wêze moast koene se elk foar oar wol djûrder bitelje, mar dit wie gjin menear. Jozef wie noch in bern en sa'n mantel koe mar krekt foar de âldste!
Mar hja bigriepen wol hwat hjir achter stike: as har heit syn sin krige, dan kaem it rjocht fan 'e earste berte oan Jozef en dêrmei in dûbeld bemepart. Sels hie er dêr om wraksele mei Ezau, hoewol't dy de âldste wie, en nou soe er it wer syn jongste taparte, mar sa fier wie it noch net! Dan wiene hja sels der ek noch! Hja lieten har net alles dwaen, as er dat mar wist! Wie it soms noch net moaijernôch, dat hja dy Jozef alle dagen foar eagen hiene, de noas yn 'e wyn en 'e bûnte mantel om, net oars as wie er in prins en de hear fan har heite folk? En stadich, hast sûnder dat hja it murken, bigounen se him to haetsjen.
Jozef sels wist dêr neat fan. Hy bigriep