Reis nei Bethel
Nei syn thûskomst ût IT frjemde lân hie Jakob him foargoed nei wenjen set yn Kanaän; ticht by de stêd Sichem, op in stik groun dat er foar jild kocht hie, sette er syn tinten op en dêrwei swalken de hoeders alle kanten út mei it fé. Letter, doe't syn soannen greater waerden, gyngen dy der wol op út mei de keppel.
Yn it earstoan wie Jakob alle dagen bliid dat er nou wer thús wie, yn it lân dêr't letter it folk fan God wenje soe; mar stadichoan wende dat en gyng it nijs der hwat ôf. De drokten wienen der fan it wurk, de fjouwer froulju, de soargen om 'e bern en al dy dingen hiene him yn 'e macht. Hy libbe sa ticht net mear by God as yn it earst; hy bigoun àl minder to lykjen op de Israël, dy't by Pniël syn God oerwoun en àl mear op de âlde Jakob, dy't opgyng yn syn wurk. Sels de reis nei Bethel, dêr't er noch altyd it tank-offer bringe moast, dat er de Heare tasein hie, wie er noch noait oan ta kommen.
Miskien wie it der ek altyd wol by bleaun, as God it him net yn it sin brocht hie, krekt op in tiid doe't Jakob tige yn noed siet oer syn libben en syn soannen.
Elke dei, as er wekker waerd, forwachte er dat de Kanaäniten it kamp oerfalle soene en deadzje al hwat manlik wie; elke joun, as er de holle dellei, tocht er tankber: al wer in dei! En faeks wie it slimste net iens dat har libben faei wie, mar dat syn eigen bern him dat oandien hiene, dat spiet him it meast.
It wie bigoun mei syn dochter Dina, dy't allinne nei de stêd tein wie om yn 'e kunde to kommen mei de fammen fan Sichem. Hja hie ek kunde krige - mai oars as hja tocht hie. Sichem, de jonge soan fan Hémor, de foarst fan 'e stêd, seach har en krige sin oan har en mei gewelt twong er har om syn frou to wurden. In great kwea wie dat en in slimme sûnde en Jakob wie forslein doe't er der fan hearde. Hoe moast er Dina werom krije, en as er har àl wer thús hie, hwa soe dan noch trouwe wolle mei ien dy't fan in oare man west hie? Mar it kaem hiel oars as er tocht hie; Sichem kaem út himsels by Jakob om syn skuld to biliden en it kwea goed to meitsjen: hy woe har hâlde as syn frou en Jakob mocht sels sizze hwat breidskat der komme moast; hy woe alles wol bitelje, hwant hy hâldde fan har. En net allinne dat Dina sa in man krige, mar de soannen fan Jakob koene ek wol trouwe mei fammen út 'e stêd, dat hja ien greate famylje waerden, de bern fan Jakob en de lju fan Sichem.
Doe't hja dêr oer praetten wiene de soannen fan Jakob krekt thús kommen fan it fjild en hja moasten mei bislúte. It wie goed, seine se, mar op ien bitingst: dan moasten de mânlju fan Sichem har bisnije litte; hwant mei ûnbisnienen woene hja gjin gedoente ha. En dàt sels hie de jonge prins foar Dina oer. Hy en syn heit bipraetten de mânlju fan 'e stêd en op ien dei lieten se har allegearre bisnije.
It wie de tredde deis, doe't hja siik en slop fan 'e koarts wiene, dat Simeon en Lévi, Jakobs twadde en tredde soan, mei in mannich slaven de stêd yngyngen en yn alle huzen de mânlju formoarden. Net ien sparren se: ek Sichem en syn heit foelen troch it moardzjende swurd. Doe kamen ek de oare soannen en plonderen de stêd: alle fé en húsrie en goud en sulver, mar ek alle froulju en bern namen se mei. Greatsk kamen se thús mei de rike bút, net oars as hiene se yn 'e striid in sterke fijân slein. Sels doe't har heit har forwiet en sei dat hja nou allegearre faei wiene en dat de Kanaäniten wis komme soene om wraek to nimmen, sels doe skammen se har net. ‘Dan hie er mar fan ús suster ôfbliuwe moatten’, seine se koppich.
Dagen lang siet Jakob yn noed en it wie krekt yn dy tiid dat God him oanspriek en sei, dat er nei Bethel gean moast en offerje dêr it tank-offer dat er biloofd hie, doe't er op reis wie nei Haran. Yn dizze greate need woe Jakob wol harkje nei God en daliks naem er it bislút om to gean. Mar hy wist ek dat dit sa mar net in gewoane reis wurde soe: hy gyng om to Bethel syn God to moetsjen, dyselde hege God dy't mei him wraksele hie by de Jabbok. Hwa't dat oandoarst om God sels yn 'e mjitte to gean, dy mocht wol suver wêze fan hert en dy mocht wol alles fuortdwaen, dat net goed yn Syn eagen wie.
Dat hy lei al syn folk op dat hja de frjemde goaden by him bringe moasten en alle amuletten, dêr't hja fan mienden dat se lok oanbrochten. Der kaem noch al hwat: