dere, koene de oaren noch ûntkomme.
De nacht kaem, stil en fredich; allinne Súd fan it kamp hearde men de rivier de Jabbok dy't, troch in djippe delling, in paed tocht nei de Jordaen. Hy gyng net nei syn tint; sliepe koe er dochs net. Op 't lêst, fan klearebare binaudens, bigoun er to bidden. ‘Heare’, sei er, ‘Jo hawwe my sàfolle gunsten jown: ik bin mei in stok allinne oer de Jordaen tein en nou haw ik twa legers, suver. Ik fortsjinje jins gunsten net, mar nou hawwe Josels my hjitten om nei myn lân to gean en Jo hawwe sein dat ik in great folk wurde soe, dat rêd my nou Heare, út 'e hân fan myn broer Ezau. Hwant ik bin sa bang, dat er komme sil en slach de memmen mei de bern.’
It wie dochs wol goed om sa to bidden, it makke him rêstiger, en dizze iene joun fielde er him lyts; ny bigriep dat God him helpe moast, dat dizze kear gjin snoadens him rêdde koe. Mar de oare moarns, nei de koarte nacht, wie er ier-en-bitiid al wer yn aksje: hy woe Ezau in geskink to-mjitte stjûre: lytsfé, mar ek ezels en kij en kamielen; dan koe er mar sjen dat Jakob neat fan sines bigearde en nearne forlet fan hie. Faeks wie it noch it bêste en stjûr net alles tagelyk: fiif kear achterelkoar in geskink, dat holp wis mear as yn ien kear alles. En dy rûge maten fan Ezau dy soene it fé ek leaver presint krije as dat se der om fjochtsje moasten.
Jakob makke gjin heal wurk: hy socht twa hûndert geiten en tweintich bokken út, twa hûndert skiep en tweintich rammen, tritich kamielen mei har foallen, fjirtich kij en tsien bollen en ta bislút tweintich ezelinnen mei tsien foallen. Ien foar ien seach er de fiif keppels nei, de skeante del nei de Jabbok en oan 'e oare kant wer omheech, de bergen oer. Doe't de lêste ezel yn 'e fierte wei waerd, gyng er werom nei it kamp. Hy koe neat mear bitinke dat dien wurde moast.
Mar doe't er dy nachts op bêd lei en net yn 'e sliep komme koe, bitocht er dat de karavaen dochs oer de Jabbok moast, moarn. Mar dat wie ek de dei dat Ezau komme koe en it soe net bêst wêze as dy har oerfoel as hja dwaende wiene om troch de rivier. It wie better dat hja der de nachts noch trochgyngen. It soe net maklik wêze, mar as hja goed oppasten dan moast it kinne.
Biret riisde er oerein. It soe in frjemde drokke nacht wurde en sa'n trochtocht by donker wie net sûnder gefaer, mar alles wie better as op bêd to lizzen dat men net sliepe koe. Doe rôp er de feinten en makke er alles klear. Hoeden gyng it de skeante del en it koele wetter yn. Wiet en ûngedien klommen se oan 'e oare kant wer nei boppen, de flugge geiten, de kamielen op har hege poaten, de stadige skiep, de wisse ezels, de skrille kij. Doe't alles feilich boppe wie, droech er sels de lytse bern troch it wetter. Hy moast der net oan tinke dat nou moarn dy wylde binde oer har komme koe mei swurden en spearen...
Doe't alles to-plak wie en de tinten opset gyng er allinne werom nei de oare kant. Sliiepe koe er dochs net. Hy moast iderkear oan syn sûnden tinke en dat er it oardiel wol fortsjinne hie. Noch noait hie er him sa lyts field as dizze nacht; noch noait hie er sa bidden as dêr op it stille fjild, ûnder de hege stjerre-loft, mei de brûzjende Jabbok tusken him en it sliepend kamp.
Wylst er dêr stie to bidden kaem der in man op him ta. Hy woe hwat sizze, mar de frjemdling pakte him ûnforhoeds beet en bigoun to wrakseljen. Jakob sette him to skoar en bigoun ek; hy koe him wakker binaud tinke oer in gefaer dat drige, mar as it ien kear sa fier wie, dan wie er net bang. En al wie er dan by de hûndert, hy wie noch sterk en in jongkeardel treast.
Hy fornaem al gau dat dy frjemdling ek sterk wie; hy biet op 'e tosken en sette alles op alles. Ik moat it winne, tocht er, ik mei hjir net falle; hwat soe der dan fan myn froulju en bern to-rjochte komme? Stadich krong er syn tsjinstanner to-bek en nammersto mear spande er syn úterste krêften yn.
Doe ynienen, mei in flugge biweging, sloech de oare him op 'e heupe; in fûle, flymjende pine skeat troch syn skonk. En dêrmei wist er it: dit is gjin gewoan minske, dit is in ingel of, hwa wit, God sels. De skrik sloech him om it hert. Syn heit hie ingelen sjoen en Abraham, dy hie mei de Heare sels praet, mar nea hie God mei har fochten yn 'e nacht. Sa'n man bin ik, gyng it him troch de holle, dat de hege God delkomt om my to straffen foar myn kwea... Syn bline heit, de seine fan Ezau, de bisten fan Laban... Hy hie it