ús, al dat fé en dy slaven, dy't God him ôfnommen hat, dat lit ús mar gau fuortreizgje en dwaen hwat de Heare sein hat.’ Moai wie it net, om sa mar fuort to gean, sûnder wurd noch groetenis, mar it koe hast net oars. It wie altyd noch better, dat hja har heit nea wer seagen, as dat it op in fjochtsjen gyng en der deaden foelen. En às hja kieze moasten tusken Laban en Jakob, tusken har heit of har man, dan wie har plak by Jakob.
Sa kaem dan de tiid fan it skieppeskearen en Laban sette ôf nei syn keppel ta, in reis fan trije dagen. Sadré't er fuort wie makke Jakob alles klear: de hoeders dreauwen de keppels byinoar; de slaven pakten it húsrie yn en laedden it op 'e ezels, Jakob sels holp de froulju en de lytse bern op 'e kamielen. Doe trieken se op, de hiele karavaen, de kant út nei de Eufraet. Sa gau as it koe gyngen se troch de rivier en doe gyng it wer fierder, sa hurd as it jongfé mar rinne koe. Fluch skeat it net op, hwant de bisten wiene gau wurch en hja moasten ek tiid ha to weidzjen. Jakob wist wol dat men in keppel net to foars driuwe moat, tominsten net as hja krekt lamme hat.
Sa swalken se fierder, fan plak nei plak. Fan tiid ta tiid seach Jakob om oft Laban der miskien ek oan kaem. Hy koe it nou lang al witte en as er har efterneikaem mei flugge kamielen... Ek de froulju wiene bang. As it nou ris op in fjochtsjen gyng en Jakob kaem to fallen, hoe moast it dan mei har? Léa moast der net oan tinke. Mei in skean each seach se nei har suster. Hoe kaem it dochs dat Rachel net bang wie, dat hja dêr sa koel en rjocht op 'e kamiel siet, de earm om 'e lytse Jozef hinne?
Né, Rachel wie net bang! Hoe lang de reis ek wêze mocht, en hoe nuodlik ek, it soe dochs goed ôfrinne, dat leaude se fêst. Hja hie út har heite hûs in pear tearafim meinommen, in soarte fan goademaskers dêr't fan sein waerd dat hja gelok oanbrochten. Rachel wie der wis fan dat dy goaden har biskermje koene en dat hja se stellen hie, dat hindere neat, dêr bleauwen se like krêftich om. Har man, dy mocht der neat fan witte; dy bitroude op 'e Heare en Dy soe ek wis wol machtich wêze, mar hja hâldde it dochs mei de tearafim dy't hja sjen en fiele koe. Hja leaude fêst, dat it dêr fan kaem, dat Laban wei-bleau.
Hwant al wiken wiene se op reis en noch wie der neat bard. Al moediger waerden se en doe't Jakob op in goede dei de tinten sette liet op 'e bergen fan Gilead, net ienris fier mear fan 'e Jordaen, hie er alle hoop dat it sa ôfgean soe. Laban kaem net mear! As er wollen hie, hie er har al lang hawn, mar hy skynde it der by sitte to litten. Noch in goede wike miskien, dan wie de lange reis oan 'e ein.
Krekt yn dyselde nacht wie Laban, mei syn soannen en syn freonen, flakby...
Hy hie it birjocht dat Jakob flechte wie, de tredde deis al krige, midden yn 'e drokte fan it skieppe-skearen. It wie net mûglik om der fuortdaliks út to brekken, mar Jakob wie noch net to plak! Dy reis nei Kanaän duorre wiken en wiken en op har flugge kamielen hellen se him yn in deimannich yn. Hwant ien ding stie by him fêst, Jakob sòe werom! As Laban der allinne mar om tòcht, waerd er wyt fan lilkens. It wie fêst noch net moaijernôch dat er him syn fé ûntnadere hie mei syn snoade streken - nou naem er ek noch syn beide dochters mei en dy alve harten fan bern! Nei Kanaän gyngen se, omtrint de wrâld út, en hy mocht se net ienris goêreis winskje en patsje. Wie oait in heit sa bihannele troch syn oantroude bern? Mar hy liet it der net by sitte, hy helle him werom.
It kaem net by him op, dat hysels de measte skuld hie. Dat bidroch, doe dy nachts fan 'e brulloft, doe't er Léa brocht ynpleats fan Rachel, dêr tocht er net ienris mear oan; dat er yn seis jier it lean fan Jakob tsienris foroare hie, dêr skamme er him net oer; dat er Jakob net iens in fatsoenlik lean gunde, dat wie allegearre neat. Laban wie in man dy't syn eigen kwea net telde, mar as der him hwat misdien waerd, dat rekkene er dûbeld. It wie ek net moai, sa't Jakob him der tusken nommen hie, mar it wie net heal sa slim as hwat hy Jakob oandien hie! Sa gau as it koe makken se it skearen dien. Doe rôp er syn soannen byelkoar en al syn freonen en kunde en sette it Suden yn. Hja jagen sa hurd as it om 'e kamielen koe en makken de nachten koart en de dagen lang. De sawnde deis, krekt foar't it tsjuster waerd, wiene se by de bergen fan