slim: as de brulloft mei Léa oer wie, koe er Rachel ek noch krije. Dêr moast er dan fansels noch sawn jier foar wurkje, dat wie billik, nou? Mar hy koe fuort wol mei har trouwe, dat wurk kaem wol yn oarder, dat woe hy, Laban, wol skikke...
Jakob bigriep alles nou. Allinne om him noch sawn jier to binen hie syn skoanheit dizze gemiene streek úthelle. It gyng net earst om Léa, it wie net om't it him om syn dochter bigreate, it wie allinne om it wurk, om de keppels, om rykdom en bisit! Hy wist net hoe't er soe. Allinne ien ding stie by him fêst: hy soe Léa net forstjitte, hy koe har net foar de hiele stêd to skande meitsje, hja wie syn frou en dat soe se bliuwe. Mar hoe moast it nou fierder? Soe er tsjin Laban sizze: Nou hoech ik Rachel net mear en fuorttsjen mei Léa en bisykje fan har to hâlden lyk as hja hìm leaf hie? Dat wie it bêste: ien frou! Mar dat koè er net, hy kóe net sûnder Rachel, hy woe net syn hiele libben sûnder har. Ien frou... Ja, as dy iene Rachel wie! Doe sei er, biret: ‘Jow my daliks nei de brulloft Rachel en ik sil noch sawn jier foar har arbeidzje.’ Noch sawn lange jierren! Mar it wie him to min om to tingjen. Nea soe Laban sizze dat er foar Rachel minder bitelle hie as foar har suster...
Mei swiere, dronkene stappen roun er nei bûten. O God, tocht er, Jo dy't my seinge hawwe to Bethel, koene Jo my net biwarre hawwe foar de oanslaggen fan dizze falske Arameër? En tagelyk bleau er stean en bûgde, biskamme, de holle. Heare, tocht er, mar ik haw it ommers fortsjinne, ik haw myn bline heit bidragen, ik bin neat better as Laban. It wie as seach er himsels wer stean yn 'e tint fan Izaäk, as seach er dy smelle fingers wer oer syn rûge polzen gean, as hearde er syn heit wer freegjen: ‘Bistû dan wier myn soan Ezau?’ Noch noait hie er sa goed field hwat er syn heit oan dien hie, as dizze moarn... Doe gyng er werom, nei Léa, dy't him sa'n great leed oandien hie en dy't nou foar altyd syn frou wie. Mar ûnder it gean, hy koè it net helpe, tocht er oan ien wei: ik woe dat de brulloft mar foarby wie!
Stadich gyngen de jierren foarby, de sawn jier dy't er arbeidzje moast foar syn frou Rachel. Like trou die er syn bêst as dy earste kear, mar soms foel it him tige swier. Hwant wol wie der folle moais yn syn libben, mar der wie ek folle fortriet en folle bitterens. Hy wist wol, nou't er ien kear twa froulju hie, dat it syn plicht wie om fan har beide to hâlden, mar fakentiids koe er dat net en bytiden die er der ek syn bêst net foar. En altyd, alle dagen wer, wie der yn syn tint de stille striid tusken de beide susters en altyd wer siet hy der tusken. En om't er fan de iene hâlde en fan de oare net, koe er se net beide rjocht dwaen en Léa murk it wol dat hja der oer wie.
En krekt om't Jakob Léa ûnrjocht die, hie de Heare meilijen mei har en joech har bern. Gau opinoar krige se trije jonges. Hja krigen de nammen: Ruben, Simeon, Levi en elke kear hie Léa de forhoping dat Jakob nou fan har hâlde soe. Doe't letter de fjirde soan berne waerd, neamde se dy Juda, hwant sei se: ‘Nou sil ik de Heare loovje.’ It like wol of't hja earst by de fjirde soan oan 'e Heare tocht en God hie har dochs sa genedich west. Mei bidroch hie se har man krigen en nou hie se al fjouwer soannen en Rachel noch gjin ien. It wie wol in swier krús dat Rachel drage moast. Har man woe alles wol foar har dwaen, alles hie er foar har oer, en nou krigen se mar noait in bern. It is altyd spitich as troude minsken to-gearre bliuwe en gjin bern krije, mar yn dy tiid en yn dat lân wie it noch folle slimmer. Nou hawwe de minsken meilijen mei in frou dy't gjin bern hat, doe tochten se dat it har eigen skuld wie en dat God lilk op har wie. Rachel, seine se tsjin elkoar, dat moat wol in sûndige frou wêze, oars joech God har wol bern; it liket wol dat der in flok op har leit. Jakob mei wol oppasse mei sa'n frou yn syn tint, oars kin de flok ek wolris op him oergean.
Tsjin Rachel sels doarsten se fansels soks net sizze, mar dy fornaem it dêrom wol hoe't se har birabben. Earst hope se noch altyd dat it noch wol goed komme koe, mar doe't de jierren foarby gyngen waerd se der lilk en opstânnich ûnder. Destiids hie Sara fiif en tweintich jier wachte op in soan en Rebekka tweintich, mar sa lang wie har geduld net. Op in kear wie se wer sa oergunstich op Léa dat se tsjin Jakob sei: ‘Jow my bern en oars gean ik dea!’ En doe't Jakob har bistrafte en sei dat hy der ek neat oan dwaen koe, dat de Heare bern jowt oan hwa't Hy wol, doe sei se: