Dream to Bethel
Noch gjin wike letter wie Jakob al fier fan hûs, op reis nei Paddan-Aram, it lân fan syn memme folk. Op in joun, net fier fan 'e stêd Loez, koe er gjin ûnderdak krije en moast er bûten sliepe. Hy foun it neat slim en socht hwat stiennen byelkoar; op dat hurde kessen lei er de holle del. Al hoe wurch as er wie nei dy lange marsen, koe er dochs fuort net sliepe. Net dat er bang wie: hy wist dat God him biskermje soe yn 'e donkere nacht op it iepen fjild, mar hy moast al mar tinke oan hwat bard wie thús.
Hy seach himsels wer stean yn 'e tint fan syn bline heit, de mantel fan Ezau om, de geitefellen om polzen en hals, it brette fleis op 'e platte panne. Hy hearde de âldman wer freegjen: ‘Bistû wier myn soan Ezau?’ en hy hearde himsels wer sizzen: ‘Ja wis al, heit.’ Nou noch, nei al dy dagen, kaem it bloed him yn 'e wangen, as er der om tocht, mar hy wist dat it forjown wie en dat sels syn heit net lilk mear wie.
Hy wie wol kjel wurden doe't de âldman him roppe liet en mei in swier moed wie er gien. Soe heit him strang tasprekke en him syn bidroch forwite? Hy hie it fortsjinne, mar ynpleats hie er him oplein om nei Laban ta en om in frou to sykjen. En doe't er stie to wachtsjen op hwat der mear komme moast: hurde, bittere wurden, doe hie heit de hannen wer op syn holle lein en wer wie de geast oer him kommen en op 'e nij hie er him seinge. As it der op oankaem wie dizze twadde seine noch hearliker as de earste: der kaem minder yn foar fan de ierde, minder fan weet en druvesop, mar mear fan God en syn forboun. It measte wist er der nou noch wol fan: hy soe ta in mannichte fan folk wurde en God soe him de seine fan Abraham jaen, en ek syn bern soe Er seingje en erflik soene se bisitte it lân dat God biloofd hie. In seine wie it om nea wer to forjitten. Mar fansels, it aldermoaiste wie, dat er dizze seine net stellen hie, mar dat syn heit him seinge hie út eigen frije wil. De âldman hie nou fêst ynsjoen dat Jakob dochs de seine takaem en dat er him Ezau net jaen mocht. Al wie syn eigen kwea dan tûzen kear slimmer, syn heit hie dochs ek skuld mei. En syn mem... Mar oan mem woe er leaver net tinke, dan krige er langst nei hûs en dat mocht net! Hy moast nou fierder, de takomst yn; mar mei God. Dêrom wie er ek net bang yn 'e nacht! Om him hinne wie de himel mei tûzen stjerren en dêrboppe wie God, de God fan syn heit Izaäk en de God fan Abraham. It muoide him ek net dat er sà op reis gien wie sûnder kamielen, sûnder ezels, sûnder slaven. En nou koe Ezau dan mar sjen dat it him net om har heite have to rêdden west hie. Allinne in stêf hie er by him, in houten stok en yn in flesse hwat suvere oalje. It wie net folle foar ien dy't op God bitroude en dy't sok in seine hie... Dy nachts krige er in frjemde dream. Hy stie bûten ûnder de hege
stjerreloft en boppe him skoude de himel iepen. Dêr stie God en nêst him, yn it dampe gêrs, stie in ljedder, sa heech dat it boppeste oan 'e himel, oan God ta kaem. En ingelen seach er, dy kleauwen op en del by dy ljochte ljedder lâns. Mar doe waerd alles noch folle moaijer: doe bigoun de Heare him oan to sprekken; net mei wurden fan straf en oardiel, lyk as er fortsjinne hie, mar in hearlike seine waerd it. Dat waerd dan de tredde, mar dizze kaem fan God sels. En earbiedich harke er nei Gods eigen wurden: ‘Ik bin de Heare, de God fan dyn heit Abraham en de God fan Izaäk. It lân dêrstû op leist to sliepen, sil Ik dy jaen en dyn bern. En dyn sied sil wêze as it stof fan 'e ierde, en dû silst dy útwreidzje nei it Westen en nei it Easten, en nei it Noarden en nei it Suden; en yn dy en yn dyn sied sille alle slachten fan 'e ierde seinge wurde. En sjoch, Ik bin mei dy, en Ik sil dy