Jakob antwurde: ‘Ik bin Ezau, jins earstberne; ik haw dien lyk as jo sein hawwe; jow jo dochs oerein en yt fan myn wyld, dat jins siele my seingje mei.’
De âlde man riisde oerein op it bêd.
‘Hoe hastû sa gau hwat krige, myn soan?’ Sûnder him to bitinken sei Jakob: ‘Omdat de Heare, jins God my in bist yn 'e mjitte skikt hat.’ Krekt sa soe Ezau it sein ha: jins God. Mar yn 'e haest tocht Jakob der net om dat er syn lûd forbrekke moast en doe wist Izaäk hielendal net mear hwat er der oan hie.
‘Kom dochs tichterby, dat ik dy bifiele mei, ofstû wier Ezau bist, of net.’ Djip skamme Jakob him doe't er de hannen op 'e tekken lei en him bûgde oer it bêd. It wie as stie it hert him stil, doe't dy smelle, âlde fingers glieden oer de fellen om syn polzen, oer de rûgens yn syn hals. Hy hearde de âldman sizzen: ‘Frjemd, mar de stim is Jakobs stim en de hannen binne Ezau's hannen.’ En jitris frege er: ‘Bistû dan wìer myn soan Ezau?’
‘Ik bin it’, sei er fêst. Oer it antlit fan 'e bline glied in blide glim. Fansels wie it Ezau, syn leafste soan. It wie as klonk syn stim hwat oars, mar dat soe wol fan syn âlde earen komme; hy hearde sa skerp net mear as yn syn jonge jierren, mar syn fielende fingers, dy wiene noch wissernôch. En gjin man op Gods wide wrâld hie sokke rûge earmen, sok in rûge hals, as Ezau.
‘Set it by my’, sei er, ‘dat ik ite en dy seingje mei.’
Jakob sei neat mear; hy hie ek al genôch leagens sein en hy tocht der net oan dat alles dat er die, syn swijen likegoed, bidroch en leagen wie. Flak foar syn bline heit sette er it iten del en sels stjûrde er de taestende hannen. Strak seach er nei de âldman. En Izaäk, by dit kostlik miel, forgeat alles om him hinne. Hy mocht dan âld wêze en swak en wurkje koe er net mear, mar hy koe noch tsjin in jongkeardel ite! En hwa koe it wyld sa kostlik briede as Ezau, de wylde jager? Dit wie al edeler smaek as fan Jakob syn nuete bokjes! Doe't er sêd wie, brocht Jakob wyn en hy dronk der fan, stadich, mei lytse swolchjes. It wie oft alle wurgens by him wei foel; rjochtop siet er op it bêd, jong suver en moedich.
‘Kom, myn jonge, patsje my!’
En wer bûgde Jakob oer it platte bêd; syn lippen roerden syn heite foarholle, de bûnte mantel fan Ezau foel oer it bûnte tekkenguod. Doe roek de âldman de rook fan Ezau's klean, de rook fan it wide fjild en alle twivel foel by him wei. Dit wie hwat oars as de skieppe-rook dy't Jakob oeral mei hinne naem, dit wie syn âldste, Ezau en sa mar yn-ienen foun er de wurden fan Gods greate seine.
‘Sjoch, de rook fan myn soan is de rook fan it fjild, dat de Heare seinge hat. Mei God dy jaen de dauwe fan 'e himel, en it fette fan 'e ierde, en oerfloed fan weet en druvesop. Folken sille dy tsjinje en naesjes sille har foar dy bûge; wês in hear oer dyn bruorren en de soannen fan jimme mem sille foar dy bûge. Forflokt moat wêze hwa't dy forflokt en hwa't dy seinget mei seinge wêze.’
Doe't er alles sein hie, liet er him yn 'e kessens sakje. Hy wie tige wurch en tige bliid. Hy woe nou rêste en tinke oer de takomst. Ezau... syn greate, sterke soan!
Sûnder in wurd to sizzen gyng Jakob de tint út. Nou hie er dan de seine, dy't er sa lang en sa fûl bigeard hie. Mar nou wie it krekt as koe er der sa bliid net mei wêze as er earst tocht hie. En hoe moast er nei dizze dei noch wer by syn heit komme!
Rebekka lake om syn noeden en soargen. Har slimme plan wie slagge: Jakob hie de seine en it rjocht fan 'e earste berte. Al it oare telde se net!
Yn 'e fierte, oer it iepen fjild, sette Ezau op hûs ta; in sketten bist hong oer syn sterke rêch en hy lake breed en foldien yn syn rossich burd.
It wie wer in skoft letter, dyselde oerdei. Yn 'e skimer fan 'e tint slûge de âlde Izaäk nei dat oerdiedich miel. Doe wie der bûten in swiere stap, it tintkleed rissele iepen, in lûde stim sei: ‘Hjir bin ik al. Gean nou oerein heit en yt fan myn wyld en seingje my mei jins hiele hert.’
Kjel riisde Izaäk oerein op it bêd. Hwa koe dat wêze, dat syn lûd sa op it lûd fan Ezau like? Hwa woe him nou noch iten bringe, nou't er al iten en seinge hie? Woe Jakob nou ek noch...
‘Hwa bistû dochs?’
Dyselde stim sei, forheard en hast forwitend ‘Mar heart heit dat dan net? Ik bin ommers Ezau, jins earstberne soan!’