to bidden. Dat hie er fansels wol faker dien, mar noch nea hie er sa mei ynmoed bidden as nou. En dizze kear harke God nei him en sels spriek Er mei Rebekka en sei dat hja twillingen krije soe. Beide soene se ta in great folk wurde, mar der soe oanienwei striid tusken harren wêze en de jongste soe oer de âldste hearskje.
Faek tocht Rebekka oer dat godswurd nei. It moast wol in bysûnder bern wurde, dy jongste, dat er it rjocht fan 'e earste berte ha soe. Mei him soe God dus Syn forboun oprjochtsje, út him soe letter it folk fan God fuortkomme en as Izaäk kaem to stjerren soe hy it dûbeld diel fan 'e erfenis krije. En hoe mear't hja der oer neitocht, hoe greater har langst nei de jongste waerd. Soms wie it as foel it wachtsjen har noch swierder, nou't hja wist dat it net lang mear duorje soe.
Doe't dan einlings de greate dei der wie en de twillinkjes berne waerden, liken se neat op elkoar. De jongste, Jakob, wie in hiel gewoan bern, mar de âldste, dy't Ezau hiet, wie hielendal mei hier bigroeid; it like wol hwat op in lyts brún geitsje, sa't er dêr yn syn memme earmen lei yn 'e mantel fan syn rossich hier. Rebekka wie noch net forgetten hwat God fan 'e jongste sein hie, mar de lytse Ezau wie se suver hwat greatsk op. ‘Dat is gjin gewoan bern’, seine de slavinnen, ‘it sil in sterke knaep wurde, hwant al dat hier is in teken fan krêft.’ Dat leaude Rebekka ek wol, mar hoe sterk moast dan dy oare net wurde, dat er oer syn âldere broer hearskippij ha soe? En doe blonken der triennen yn har donkere eagen, doe't hja der oan tocht dat der striid wêze soe tusken de bruorren. God hie it sels sein, mar sa't hja dêr to-gearre leine to sliepen, fredich nêst elkoar op it greate bêd, koe se it hast net leauwe.
Doe't de beide jonges great waerden, waerd Ezau in jager en Jakob in féhoeder. Jakob wie stil en rêstich, in húslik man, dy't fan moarns ier oan't yn 'e lette joun oan it wurk wie, mar Ezau wie in swalker, dy't it noait net lang op itselde plak úthâlde koe. Ûren en ûren koe er achter it wyld oanjeije en as er hwat fongen hie makke er it sels ta en brette it fleis en brocht it by Izaäk, hwant hy hâldde in bulte fan syn heit en mocht de âldman graech in deugd dwaen. En allinne al om dat brette wyld, dêr't er alles yn 'e wrâld by forjitte koe, hie Izaäk syn âldste soan it leafst.
Rebekka hâldde it meast fan Jakob, net allinne om dat Godswurd fan lang forlyn, mar ek om't er alhiel har aerd hie en alles wol foar har dwaen woe. Der wie gjin ding dat er net mei har bipraette en binammen oer it rjocht fan 'e earste berte hiene se it faek to-gearre. Altyd wer sei Rebekka dat hy, Jakob, de earste wêze moast en dat him it dûbeld part fan 'e erfenis takaem en altyd wer warskôge se him, dat er oppasse moast dat Ezau him net út syn rjochten wrotte.
Dat hie Jakob sels nammers ek al tocht, mar Ezau wie sa sterk en sa wyld en dy soe wis net tofreden wêze mei it twadde plak. Hy koe it him ek net bigripe dat Izaäk dy't sels sa stil en evenredich wie sa fier mei Ezau wei-roun. Wis, de âldman mocht it brette wyld tige graech, mar yn oare dingen steurde Ezau him net oan syn heit en die er syn eigen sin. Doe't er fjirtich jier wie naem er twa heidenske froulju en troude dêrmei, hoewol't er wist dat syn heit en mem it freeslik founen. Ek Izaäk hie der tige mei to dwaen, mar dy sei der net folle fan en doe't Ezau likegoed noch faek op 'e jacht gyng en him fan it brette wyld brocht en syn âlde heit net forgeat, doe waerd der alhiel net mear oer praet. Allinne Rebekka koe der net oer hinne komme en klage der oer tsjin Jakob. Dy soe soks noait dwaen, hwant Jakob tsjinne de Heare en woe graech Gods seine ha.
Hoe âlder de beide soannen waerden, hoe mear Izaäk oan Ezau hong en hoe fûlder Rebekka foar Jakob opkaem. It wie oft God har net twa soannen tabitroud hie, mar oft hja elk in soan hiene, de heit ien en de mem ien. En beide bigriepen se net hoe sûndich dat wie en dat dêr rûzje fan komme moast.
Op in kear barde der hwat, dat alles noch helte slimmer makke.
Jakob wie yn it fjild by de keppel en om't er fier fan hûs wie, sea er sels syn iten, in gerjocht fan peulfruchten, read en smaeklik. Hy soe krekt ite doe't Ezau der oan kaem, hongerich en yn 'e ein fan in lange, swiere jacht. Hy koe de reis nei hûs suver net mear dwaen en dêrom kaem er op Jakob ta. Syn eagen ljochten op doe't er yn 'e panne seach. Hy liet him falle yn