ik by de boarne en aenstouns sille de fammen fan 'e stêd om wetter komme. Jow dan Heare, as ik ien fan harren om drinken freegje, en hja seit út har sels: “Ik sil ek de kamielen drinken jaen” - jow dan dat dat de jonge frou wêze mei dy't Jo Izaäk útsjoen hawwe.’
Noch mar krekt hie er it bidden dien, of der kaem al in jongfaem oan. Hy seach har yn it foarbygean oan en murk dat se tige tsjep wie. Stil wachte er, wylst hja nei ûnderen gyng en wetter helle; doe't hja wer omheech kaem, de folle krûk op 'e holle, frege er om in slok drinken. Daliks liet hja de krûk sakje. ‘Drink, myn hear.’ En noch wylst er dronk sei se freonlik: ‘Ik sil jins kamielen opputte oant hja sêd dronken hawwe.’
Lang seach er nei har sa't se op en del gie mei de wetterkrûk, fan 'e boarne nei de drinkersbak en fan 'e bak wer nei it wetter. Tsien kamielen kinne gâns wetter op, nei in lange mars oer de moudige wegen, en de âldman wie al lang de tel kwyt fan har reizen. It wie as forgeat er alles om him hinne, as seach er oars net mear as dat slanke jonge fanke mei har donker hier en har linige earmen. En hoe langer as er nei har seach, hoe fêster as er wist dat syn gebet forheard wie! Hy hie bidden om ien dy't de kamielen boarne woe, en dizze die it, sûnder dat er it frege hie, alhiel út harsels! Dit wie in frou dy't hwat foar in oar oer hie en dy't net bang wie foar it wurk. Hy gyng nei syn kamielen en naem út ien fan 'e pakken in gouden ring en twa swiere gouden earmbannen. Doe't it boarnen dien wie gyng er op har ta en hong har de ring yn 'e noas; de beide earmbannen skoude er om har brune earmen. Hja krige in kleur as fjûr. Mocht se sa mar geskinken oannimme fan in man dy't se nea earder sjoen hie? It soe fêst neat hinderje: hy wie sa goed en sa âld; om 'e jierren hie er bêst har pake wêze kinnen. Mar nou moast se nedich nei hûs en alles oan har mem fortelle. En hwat soe har broer Laban dan greate eagen opsette! Dy hâldde wol fan moai, binammen as er it sels net hoegde to biteljen.
Mar foar't hja fuortkomme koe moast se noch hiel wat fragen bianderje. Hja fortelde dat se Rebekka hiet en in dochter wie fan Béthuël, de soan fan Nahor; dat hja yn Haran wennen en dat der romte genôch wie thús, foar him en de feinten en foar alle tsien kamielen. En dy âlde man lake mar en knikte mar, lyk as hie er har famylje al jierren en jierren kennen. Hja bigriep it net.
En wylst Rebekka hurd nei hûs ta roun, bûgde dêr by de boarne in âld man de grize holle en tanke God út 'e groun fan syn hert. Doe gie er sitten en wachte dat hja him helje soene; hy foun it net fatsoenlik om sa mar mei de hiele karavaen dêr foar de doar to kommen. Lang hoegde er net to wachtsjen. Ut de poarte fan 'e stêd kaem mei flugge stappen in jonge man op him ta; hy seach dat it famylje fan 'e jongfaem wêze moast, sa like er op har. Doe't er him bikend makke hie, - hy wie Laban, de broer fan Rebekka - moasten se daliks mei: it hûs wie rom en der wie plak en strie foar de kamielen. De âldman glimke tankber. Dit wie wol in bysûnder wolkom, mar hy soe wolris witte wolle oft it ek net in bytsje mei om 'e ring en de earmbannen wie...
Dy jouns siet er by de tafel yn it gastfrij hûs fan Béthuel. De fuotten hie er wosken yn koel en helder wetter, de kamielen leine yn it strie en hiene folop foer hawn; de feinten ieten mei de boaden fan Béthuel. Hja droegen it iten op. ‘Kom’, noegen se, ‘jo sille wol honger bireizge hawwe en der is genôch.’
Earnstich skodde er de holle. ‘Ik sil net ite, foar't ik myn wurd sprutsen haw.’ Binijd seagen se him oan. Hwat boadskip koe er hawwe dêr't sa'n haest by wie, dat sels it iten wachtsje moast? Ticht skikten se by him en harken nei alles dat er fortelde. Hoe't God de Heare Abraham seinge hie mei skiep en kij, mei goud en sulver, mei slaven en slavinnen, mei ezels en kamielen en hoe't Er him, op syn âlde dei, noch in soan, Izaäk, jown hie. En dat dy soan nou al wer fjirtich jier wie en dat er nou op 'n paed wie om foar Izaäk in frou to sykjen. En noch frjemder harken se op doe't er fortelde fan syn gebet by de boarne en dat God himsels de frou oanwiisd hie dy't er mei ha moast: Rebekka. ‘En nou moatte jim it mar sizze’ sei er, ‘oft jim myn hear dy greate gunst dwaen wolle en jow my it fanke mei. En sa net, siz it dan rounút, dat ik oars om sjen kin.’
Béthuel en Laban namen de tiid om der oer nei to tinken. Dit wie sa frjemd en sa