wie foar himsels en foar Izaäk, as dy syn tiid kaem, en foar hwa't nei Izaäk komme soe. Hy wist ek wol in gaedlik grêf, in spelonk by Hebron, mar dy lei op it lân fan Efron de Hethyt dy't yn 'e stêd wenne. It wie de fraech noch oft Efron it misse woe en oft syn sibben it goed founen.
By de poarte fan 'e stêd, op it Plein, trof er de hiele famylje hast. Ek Efron siet yn it formidden, mar dy woe er net fuortdaliks oansprekke: it wie better dat er earst ris hearde hwat de sibbe der fan tocht.
Dat hy bûgde foar it deftich selskip op 'e hege stuollen en dêrnei sei er fuort syn boarskip. It wie hast net iens fatsoenlik om sa mar it doel fan syn komst to sizzen - dêr hearde men stadich, mei brede sinnen, op oan to praten - mar de tiid dreau as er hjoed syn frou noch bigrave soe.
‘Ik bin mar in frjemdling en bywenner by jim’, spriek er, ‘dat rjochten haw ik net, mar nou is myn frou forstoarn en ik soe freegje wolle: is it goed dat ik har útdraech en by jim bigraef?’
De mannen sieten stil en namen de tiid om der oer nei to tinken. Dy frjemdling koe om har wol in grêf krije, mar hy soe der goed foar bitelje moatte. It kaem miskien net iens sa min út, dat der haest by wie en net folle tiid to tingjen!
‘Myn hear’, sei ien fan harren, ‘Jo moatte net prate fan frjemd: Jo binne yn ús formidden as in foarst fan God; bigraef jins deade yn it bêste fan ús grêven; net ien fan ús sil Jo in grêf úntkeare.’
Mei in djippe bûging tanke Abraham foar har skiklikens; doe sei er: ‘As dat jim dan tinken is, doch dan in goed wurd foar my by Efron, de soan fan Sohar, dat er my de spelonk fan Machpéla forkeapet, de spelonk dy't op syn lân is.’
Allegeare seagen se nei Efron. It wie net nedich dat hja der mei him oer praetten: Efron woe dat lân mei dy rots fêst wol kwyt en hy wie âld en wiis genôch om net to min jild to freegjen. Fansels soe er net sa mar ynienen jild freegje, dat hearde sa net, mar as it der op oan kaem wie er wol los fortroud! En it kaem krekt sa't hja tocht hiene.
‘Mar myn hear’, sei Efron, ‘harkje nei my. Dat stik lân dat jòw ik jo, en de spelonk dy't der yn is dy jow ik der op ta; lân en spelonk jow ik jo presint, bigraef mar stil jins deade.’
Abraham wie tige bliid dat er de spelonk krije koe: net yn in hastich grêf, midden yn it fjild, soe syn forstoarne rêste, mar yn in rom en koel grêf yn de rots fan Machpéla. Hy hie daliks wol bigrepen dat it Efron syn doel nèt wie om him it grêf forgees to jaen; dat wie mar in sprekmenear dy't der nou ien kear by hearde. En hy wist nou mar mei iens dat Efron it grêf net apart forkeapje woe, mar dat hy it stik lân der by nimme moast.
En jitris tanke Abraham mei in bûging. Doe sei er tsjin Efron dat er beide graech ha woe: it lân en de spelonk, mar dan foar de folle priis. Dat hie Efron ek net oars forwachte en hy hoegde him net mear to birieden. Bigearich fûnken syn donkere eagen, mar hy praette op in toan as wie er tige skiklik.
‘As Jo der dan bislist jild foar jaen wolle.... De priis is fjouwer hûndert sulverstikken.... It is it neamen net wurdich foar minsken lyk as Jo en my, mar ja, men moat dochs hwat sizze.’
De deftige Hethiten seine neat, mar hja forskikten op 'e stoel. Dy Efron doarst it wol oan! It wie stikken en stikken to heech fansels, mar as dy frjemdling it bitelje woe.... Efron hie great gelyk dat er it frege: as it moast koe de helt der ôf en dan wie it noch in hege priis. Mar hja wiene àl binijd hwat Abraham hjir fan meitsje soe.
It foel har suver hwat fan him ôf dat Abraham daliks sei: ‘It is forkocht; ik sil it sulver helje.’ Spotsk seagen se him nei doe't er de poarte útgie. Wie dy man dan sà ûnnoazel, dat er fan prizen noch handel wist? Of wie it miskien dat er foar syn frou alles oer hie en oer har grêf net ienris tingje woe? Dat moast it wêze. En hy moast wol slimme ryk wêze dat er safolle goed jild joech foar dat hoekje lân dat Efron al lang kwyt woe. Yn elk gefal hie Efron hjoed in bêste slach slein.
Hja wachten oan't Abraham wer kaem mei in pear slaven en it sulver brocht. De stêven waerden sekuer woegen en ien dy't forstân fan skriuwen hie, kraste it keap-kontrakt yn in weake klaeisilinder. Thús soe Abraham it bakke litte yn 'e oune en dan soe it foar altyd biskreun stean dat it lân fan Machpéla, mei alle beammen dy't der op stiene en mei de spelonk dy't der yn