De Hillige Histoarje. It Alde Testamint (Deel 1)
(1949)–Ulbe van Houten– Auteursrecht onbekend
[pagina 37]
| |
nich bleaun, en bytiden tocht er dat er der net oerhinne komme koe, mar op it lêst wende it en sûnt hong er mei hiel syn hert oan de jongste, oan Izaäk. In goede, fromme jongen wie dat, ien dy't God leaf hie en syn âlden hearrich wie; hiel oars as destiids de wylde Ismaël, dy't neat om sizzen joech en net folle om God. Doe't Izaäk in jier as fyftjin wie, barde der eat, dêr't al dat âld fortriet om Ismaël folslein by wei foel, sa swier wie it en sa bitter. Op in nacht kaem de Heare Abraham foar en gebea him: ‘Nim nou dyn soan, dyn iennichste, dystû leaf hast, Izaäk en offerje him op ien fan 'e bergen dy't Ik dy wize sil.’ It wie as stie it hert him stil. Syn soan, syn iennichste, dy't er leaf hie, Izaäk... Elk wurd wie in slach op syn bounzjend hert. Stil lei er dêr yn 'e tsjustere slieptint en liet dat godswurd yn him omgean. It barde wol faker yn dy tiid en yn dat lân dat in heit syn earste en âldste soan oan 'e goaden offere, mar Abraham hie it altyd wreed foun, in heidensk en sûndich gebrûk en hy hie nea net tocht, dat de Heare soks fan him freegje soe. En djip yn syn hert sei in stim: Doch it net Abraham, dû kinst net mei eigen hân dyn jonge slachtsje, siz dy wrede God de tsjinst op en sparje dyn soan. Mar Abraham wist dat er net nei dy stim harkje mocht. Oan't nou ta hie er altyd dien hwat de Heare sei en it wie altyd goed kommen; út alle gefaer en need hie Er him rêdden, in soan hie Er him jown op syn âlde dei, dat soe er nou tsjin Him yn opstân komme, nou't it der op oan kaem? As God it frege, dan moast hy it dwaen en dan koe it ek. Wie dy God, dy't nou it bloed fan Izaäk frege net deselde Heare, dy't him doe syn jonge jown hie? Mocht God net weromnimme hwat Er to lien jown hie? En sûnder dat immen it hearre koe, sei er sunich: ‘Ik sil it dwaen, Heare, omdat Jo it wolle.’ Oan 'e moarn ta lei er wekker; hy koe net mear sliepe en iderkear seach er Izaäk foar him, syn earmen boun op it hout fan it alter. Doe't it noch hiel bitiid wie, noch amper ljocht gie er der ôf. Hy sei it net tsjin Sara; dit moast er allinne drage en hwat soe foar sok fortriet de treast fan minsken jaen? It wie ek better dat hja it net wist; hja wie de mem en dat is noch wer oars en hja soe har bern dochs net oerjaen kinne. Letter, as alles oer wie en hja kamen wer thús, miskien dat er it dan sizze koe. Hwant nou't syn bislút fêst stie en de earste striid oer wie, nou leaude er fêst dat God de jonge wer libben meitsje soe. Hie er him net mei in eed biloofd dat Izaäk libje soe en ta in great folk wurde? Né, hy twivele net, syn soan soe libje al gyng it ek troch de dea! Mar dêrom bleau it swier. Mei eigen hân moast er him slachtsje, it wrede mes troch dy jonge hals helje, it fjûr lizze ûnder it offer-hout. It koe net; hy koe it net dwaen, mar it moast. Doe makke er alles ré foar de lange reis. Sels rôp er Izaäk en de beide slaven dy't mei moasten, sels seale er de ezel en mei eigen hân kleau er it hout. It wie as rekke er mei elke slach fan 'e bile syn bern, syn Izaäk. It swierste wie it ôfskie fan Sara en dat er neat sizze mocht en moedich glimkje moast...
Twa lange, lange dagen duorre de reis; twa nachten sliepten se deun tsjininoar oan, de âlde heit, en de jonge soan dy't er slachtsje soe. Doe't Abraham de tredde deis de eagen opsloech, wiisde God him de offerberch. Hy hiet de beide feinten to wachtsjen by de ezel en to-gearre gyngen se doe omheech. Sels droech er de pôt mei it smeulend fjûr en it stiennen mes; en op syn jonge skouders droech Izaäk it hout. Abraham sei net folle; hy hie genôch to tinken en hy woe it net earder sizze as op it âlderlêst. Doe ynienen hearde er achter him it lûd fan syn soan. ‘Heit!’ ‘Sjoch, hjir bin ik, myn soan.’ Hy wist mar al to goed hwat de jonge freegje soe. ‘Heit’, sei Izaäk, ‘wy hawwe it mes en it offerfjûr en ik draech it hout, mar wer is it laem dat wy offerje moatte?’ ‘God sil sels foar it offerlaem soargje, myn soan!’ En swijend gyngen se wer fierder. Ek Izaäk frege en praette net mear. Noch wist er net hwat him oer de holle hong, mar hy murk wol dat alles oars wie as gewoan, krekt as soe der hwat freesliks barre. Sa kamen se boppe op 'e berch. Fan stiennen dy't dêr leine makke Abraham in alter ré; hy skikte it hout der op en lei de wide mantel ôf en doe naem er de touwen op. Mei greate eagen seach Izaäk him oan. | |
[pagina 38]
| |
Hwat moasten dy touwen nou't der doch gjin offerlaem wie en hwerom trillen heite hannen sa? ‘Izaäk’, sei syn heit, ‘dû moatst net kjel wurde, mar hjoed bistû it offerlaem. Godsels hat it sein en dû moatst net tinke dat ik net fan dy hâld, mar ik moàt it dwaen. As it oars koe...’ En doe bigriep Izaäk alles fan dizze frjemde reis. Hy hie sa bliid west dat er mei mocht en nou sa... Fansels, as er woe koe er flechtsje; hy wie jong en syn heit wie âld en dy koe him dchs net krije. Hy liet it yn him omgean, mar hy koe net. Hy wist sels net werom, mar op 'e iene of oare wize bigriep er dat it dan noait wer goed wurde koe tusken him en God. It koe net oars, as God it woe moast er stjerre. Willich stiek er de hannen út en liet er him bine. Doe tilde syn heit him op - it grize burd teistere oan syn hite wangen - en lei him op it hout. It wie hurd oan syn bleate rêch. Doe seach er dat syn heit it mes naem en hy knypte de eagen ticht... Hy hearde dat in frjemde stim rôp: ‘Abraham, Abraham!’ En doe't er de eagen iependie seach er hoe't syn heit nei boppen seach en hearde er him sizzen: ‘Sjoch hjir bin ik, Heare.’ En fan 'e hege himel rôp de Heare sels: ‘Stek dyn hân net út nei de jonge en doch him neat; hwant nou wit Ik datstû godfreezjend bist en dyn soan, dyn iennichste, my net ûnthâlden hast.’ Doe flikkere foar syn eagen it skerpe mes; it ritste troch de touwen en hy sprong yn syn heite earmen. Nea hie Abraham mear fan syn soan hâlden as doe op 'e offerberch doe't er him weromkrige, as út 'e dea. En doe't er dêr stie en syn jonge oanseach, stil fan gelok en tankberens, hearden se achter har in wyld gerissel. In sterke raem siet mei de hoarnen fêst yn 'e taeijen tûken fan in strewel en hoe wylder as er sparle, hoe minder't er los komme koe. Bliid namen Abraham en Izaäk it bist en offeren it de Heare ynpleats fan Izaäk. Sa waerd dat wurd dochs noch wier, dat Abraham sein hie: ‘God sil sels foar in offerlaem riede, myn bern!’
Nei it offer spriek de Heare jitris ta Abraham en fornijde alle biloften dy't Er him dien hie. Doe gyngen se by de berch del en mei de beide feinten reizgen se wer nei hûs. Nea hat Abraham dizze dei en dy reis wer forgetten en dy berch-fan-it-offer neamde er to-nei nea oars as: ‘de Heare soarget.’ En sa waerd hy, Abraham, mei syn sterk en hearlik leauwe in foarbyld foar al Gods bern. |
|