as wie gjin man to Sodom thús bleaun. Der wie oars gjin wei op: hy moast yn goedens, al hoe't er dit folk forachte.
‘Myn bruorren’, sei er, ‘doch dochs gjin kwea. Yn it lân dêr't ik wei kom is de gast hillich, dat ik kin jim dizze beide mannen net oerjaen, dy't kommen binne ûnder it skaed fan myn dak; mar ik haw twa dochters thús, jongfammen; as ik dy nou ris útbrocht. It is better, dat jim har kwea dogge, as dy oaren’.
‘Né’, raesden se, ‘dyn dochters wolle wy net ha en dyn fromme praetsjes ha wy al lang ús nocht fan. De gast is hillich, seit erl Neat is ús hillich en wy litte ús fan frjemden de wet net stelle! Wacht mar, nou sille wy dy mear kwea dwaen as har!’ En mei de fûsten omheech, flokkend en bearend, krongen se op him oan. Dit wurdt myn dea, tocht er. As nou dy twa noch ûntkomme kinne, dan stjer ik net forgees! En doe kreake achter him de doar iepen, fjouwer sterke hannen namen him en skuorden him yn 'e hûs; mei in fûle slach foel de doar yn it slot.
Hy wist sa gau net hwat er der oan hie; noch trille er op syn skonken; hy hime. Dit hiene de beide mannen dien; har libben hiene se foar him ynset. Hwat wie dat moai! mar aenstouns kaem de binde wer fansels, en dan mocht God har genedich wêze. Buten flokte en tjirge it folk; skille stimmen rôpen, mar net ien roerde de doar! Doe hearde er dat it lûd fierderôf wie, syn hûs foarby. Op it lêst waerd it stil; in frjemde, ûnwennige stilte nei dat wyld trelit fan niist. Binijd seach er om him hinne. Njonken him sei ien fan 'e gasten: ‘Hja komme net wer; wy ha se mei blinens slein, dêrom koene se de doar net fine.’ En doe earst bigriep Lot. Dit wiene gjin reizgers dy't er herberge hie, dit wiene ingelen, boaden fan Abrahams God. Nou hoegde er net bang mear to wêzen; hwa soe him kwea dwaen kinne as Gods ingelen de wacht hiene yn syn hûs? Hy die in stap nei foaren, hy woe foar har delbûge, mar earnstich sei de ingel: ‘Rop dyn frou en dyn dochters, hwant de Heare hat ús stjûrd om de stêd en de Streek to fordjerren.’
Doe't er har helle hie harken se nei it boadskip fan 'e ingel, bang en forslein. De sûnde fan Sodom wie sa great dat God it net langer oansjen woe; strak soe it fjûr fan 'e himel reine en hiel de flakte soe yn 'e flammen ûndergean. Allinne Lot en syn húsgenoaten soene bihâlden bliuwe; hja mochten flechtsje de kant nei de bergen op en as er faeks noch mear famylje hie, soannen of dochters of miskien oantroude bern, dan mocht er dy noch ophelje. Oars soe gjin ien út 'e stêdden it libben der ôfrêdde. En às er noch guon ophelje woe, dan moast it daliks, hwant de tiid dreau.
Démoedich bûgde Lot de holle. Sa't God it bisletten hie, sa soe it komme. Mei ien slach rekke er alles kwyt: hûs en have, fé en slaven, mar syn frou en bern en it eigen libben wie mear wurdich as alle skatten. En nou wist er dat it forkeard west hie dat er him hjir nei wenjen set hie. De sûnde fan Sodom hie er nea oan mei-dien, mar dit wie gjin plak foar him. Dy earste kear, doe't de Elamiten him fuortfierd hiene, dat hie in warskôging west, mar hy hie der gjin acht op slein. Doe hie er alles weromkrige, mar dizze slach kaem oars oan.
Mei in sucht sloech er de mantel om en gaspe de gurle fêster. Hy moast de beide jongemannen warskôgje dy't mei syn dochters trouwe soene. De froulju gûlden doe't er de doar útgie. It is hurd, as men ryk is, om alles oer to jaen.
It wie stil yn 'e stêd; de mannen fan Sodom sliepten har lêste sliep. Hwat soene se sizze, dy beide feinten, as er syn boadskip sei? Soene se him leauwe en alles efterlitte en mei har flechtsje út 'e faeije stêd? Hy hie net folle hoop. Mei in swier moed kloppe er op 'e doar en rôp. Lang moast er wachtsje foar't se him hearden. Doe't de feint by de doar kaem, slûch en noartsk, die er syn forhael. De jongeman lake him yn syn gesicht út. Dêr leaude er neat fan, dat de stêd forgean soe. As Lot ris wer sokke grappen bitocht, dan leafst by dei! It wie in hiele forsteuring yn 'e nacht! Doe klapte er de doar ticht en gie wer op bêd. By de twadde gie it net better. Hoe't Lot ek praette, ek dy leaude him net. Dy beide frjemden hiene him hwat wysmakke, of miskien hiene se to folle wyn dronken jouns! En dat it ingelen wiene, dy twa reizgers, kom, dat leaude er ommers sels net.
Mismoedich gyng Lot nei hûs. Swier sleepten syn fuotten troch de moudige strjitten; it wie soel, as broeide der yn 'e fierte ûnwaer op. It wie al nacht doe't er einlings thúskaem. De beide fammen jammeren lûd;