It bloed fleach har nei de wangen en fuort dêrop, fan klearebare skrik, waerd se wyt as in doek; it wie oft it hert har stil stie. Wie dy frjemde gast dêr bûten ûnder de beam, de Heare sels? O, mar hoe soe it dan mei har komme? Dan hie se Godsels útlake en Syn wurd forachte en nou soe Er har swier straffe! O, mar hja woe net stjerre, hja woe libje en dy soan hawwe dy't har ta-sein wie... En sa mar sûnder der by to tinken, sei se: ‘Ik haw net lake.’ Doe't it der út wie, bigriep se hoe dom it wie! De Heare wist ommers alles. Nou hie se it mei har leagen noch minder makke!
Bûten sei dyselde stim, nou strang en tsjin harsels: ‘Né, dû hast al lake!’ Hja trille op har fuotten en wachte op 'e straf dy't komme moast.
En tagelyk seach se hoe't de trije mannen oerein riisden en hja hearde har sizzen dat se nou wier net langer bliuwe koene en doe makke Abraham him klear om har in ein to bringen. Net ien tocht mear om har, sa't it liek en nimmen praette fan straf. It wie har in pak fan it hert.
Yn 'e donkere tint bleau se allinne achter, alhiel forslein en tagelyk ek wûndere bliid. In soan op har âlde dei! In soan dy't net fan in slavinne wêze soe, mar echt fan harsels! De wangen gloeiden har en har hert sloech rêd. It wie hast to great, to wûnderlik. En hwat soe Hagar opsjen!...
En wilens, oer de brune heuvels, brocht Abraham syn gasten fuort. De sinne stie noch heech oan 'e loft, mar de slimste hjittens wie oer. Hja gyngen de kant op nei de Jordaen, dêr't de stêd fan Sodom lei. Frjemd, tocht Abraham, dat de Heare boadskip hie yn dy sûndige stêd!
En dêrmei hearde er de Heare sizzen: ‘Ik wol foar Abraham, myn freon, net forswije hwat Ik dwaen sil. Wy binne op reis nei Sodom, hwant de rop oer har sûnde is great en har ûngerjochtichheit ropt om straf en nou geane wy nei de flakte om to sjen hoe slim it is. Hwant as har sûnde wier sa slim is as de minsken sizze, dan sil Ik Sodom en de hiele Streek fordwaen.’ Abraham bleau stean. Syn earste gedachte wie: Lot! Hwant it foel nèt ta mei de sûnde fan Sodom, dat wist elk dy't hjir yn it Suderlân wenne. En nou't de Heare der sels wurk fan makke, nou soe it fêst net sparre wurde. En Lot wenne yn dy faeije stêd!
Abraham seach hoe't de beide ingelen fierder gyngen. Nêst him bleau de Heare stean. Wachte Er op him? Mocht er noch hwat freegje? Mar hwerom soe er bang wêze? Wie de Heare dan syn freon net? ‘Heare’, frege er earbiedich, ‘Jo sille de goede dochs net mei de forkearde ombringe? As der yn Sodom nou ris fyftich rjochtfeardigen wenje, sille Jo dan de stêd net sparje? It mei fier fan Jo wêze to deadzjen de rjochtfeardige mei de goddeleaze.’
De Heare antwurde: ‘Byhwannear't Ik to Sodom fyftich rjochtfeardigen fyn, sil Ik om dy fyftich it hiele plak sparje.’
Abraham wie bliid mei dy tasizzing, mar fuortdaliks al kaem de twivel op yn syn hert. Fyftich, dat is net folle op in stêd fol minsken, mar de sûnde fan Sodom wie sa swier!
‘Sjoch, Heare’, sei er earbiedich, ‘ik haw it weage ta de Heare to sprekken hoewol't ik stof en jiske bin. Faeks sille der oan 'e fyftich fiif ûntbrekke: sille Jo dan om fiif de hiele stêd fordwaen?’
De Heare antwurde: ‘Ik sil har net fordjerre as Ik dêr fiif-en-fjirtich fyn.’
En noch wie Abraham net gerêst. As der nou ris fjirtich wiene en net mear? Miskien wie fjirtich noch earder to folle as to min. En doe't de Heare him op syn bea tasein hie dat Sodom net forgean soe, as Er yn 'e stêd fjirtich rjochtfeardigen foun, frege Abraham jitris: ‘Faeks sille der tritich foun wurde.’
Op 'e nij waerd syn bea forheard en noch wer - hy wist sels net hwêr't er de moed wei-helle - spriek er de Heare oan. Tritich soe foar Sodom to folle wêze! Soe de Heare de stêd net sparje wolle as der tweintich foun waerden?
Hy doarst nou net mear to freegjen, fêst net! Mar doe't it godlik antwurd kaem: ‘Ik sil net fordjerre om 'e tweintich,’ en doe't de Heare noch by him stean bleau, doe weage er it noch ien kear. Hy woe sa graech dat Lot rêdden waerd en bûten Lot en syn húsgenoaten soene der wis safolle goede minsken net yn Sodom wêze!
Earbiedich frege er: ‘De Heare mei it net kwea nimme as ik jitte ienris siz: faeks sille der tsien foun wurde.’
De Heare antwurde: ‘Ik sil net fordjerre om 'e wille fan 'e tsien.’