It forboun en it teken
En wer gyng de tiid foarby, fyftjin lange jierren. De lytse Ismaël wie in feardige, fikse jonge wurden, in jongfeint al hast wer, tocht Abram. Hy wie tige wiis mei syn earste en iennichste soan, mar Saraï mocht him net lije. Hy hie it wylde en greatske aerd fan syn mem en bûtendat, Saraï koe mar net forjitte dat er it bern wie fan 'e slavin.
Datselde jiers kaem de Heare jitris ta Abram. ‘Ik bin God Almachtich’, spriek Er, ‘wannelje yn myn wegen en wês oprjocht.’ En wylst Abram him earbiedich bûgde, de holle oan 'e groun, bifêstige God it forboun mei him en sei Er jitris hwat der yn 'e takomst barre soe. Hy, Abram, soe ta in great en machtich folk wurde en dêrom moast er to-nei net mear Abram, mar Abraham hjitte en God soe in ivich forboun hawwe, net allinne mei himsels, mar ek mei it folk dat út him fuortkomme soe.
Mar om't der nou ienris by elk forboun twa partijen binne, soe God net allinne Syn seine jaen, mar moast ek Abram hwat dwaen: as in teken dat er diel ha woe oan Gods forboun, moast er himsels en al syn bern en al syn boaden bisnije. Alles dat by Abram hearde en manlik wie, moast it teken ûntfange en hwa't dat net woe, dy moast stjerre.
Abram hearde der net sa frjemd fan op dat er syn folk bisnije moast; it waerd yn dy tiid wol mear dien en dat it pynlik wie en men der in dei-of-hwat heal siik fan wurde koe, dat telden se doe sa net. En nou't dy bisnijing it teken wêze soe fan Gods forboun, it teken fan Syn genede en gunst, nou siet er to-minsten net oer dat bytsje ûngemak yn.
Mar de Heare hie jitte mear to sizzen en dàt binijde Abram al! Hy moast ek syn frou in oare namme jaen en har Sara nearne, hwant hja soe in soan hawwe en ek út har soene folken en keningen fan folken berne wurde. Hy koe it hast net leauwe. Saraï wie al njoggen-en-tachtich, fiersten to âld om bern to krijen en wylst er wer op syn antlit foel, lake er en tocht: sille twa sokke âlde minsken in soan krije en sil Saraï, dy't al lang beppe wêze koe, nou noch mem wurde? It koe ommers net en as it al barde, dan soe it in great, great wûnder wêze.
En it hoegde ommers ek net mear! Hy hie al in soan, Ismaël, en foar de wet wie dat Saraï's soan. ‘Och Heare’, sei er earbiedich, ‘och dat Ismaël libje mocht foar Jins antlit.’ Mar de Heare antwurde: ‘Né! Sara sil sels in soan krije en dû silst syn namme nearne Izaäk, “Se laitsje”, hwant om dy jonge soan fan dat âlde minske sil elk dy't it heart fan blidens laitsje. En Ik sil myn forboun mei him oprjochtsje, ta in ivich forboun en mei syn bern nei him. Fierder sil Ik ek Ismaël seingje omdat er dyn soan is, en Ik sil him formannichfâldigje, tolve keningen sil er winne en Ik sil him ta in great folk sette, mar myn forboun, dat haw Ik mei Izaäk allinne.’
Mei dy wurden makke de Heare in ein oan dit petear en Abram seach Him opfarren nei de himel. Hij wie wûndere bliid! Fiif en tweintich lange jierren hie er wach-