men sok in slavin dwaen mocht, dy't net om 't lyk woe.
Dat hja praette der oer mei Abram en frege hwat dy der fan tocht. Abram fielde net folle foar it plan; soks kaem hast altyd rûzje en ûnienichheit fan en God hie him ommers in soan ta-sein! ‘Ja’, sei Saraï spitich, ‘God hat dy in soan ûnthjitten, mar my net!’
Hja bigoun der iderkear wer oer en op 't lêst joech Abram har dan har sin mar en troude er mei Hagar. De earste tiid gyng it goed, Hagar die trou har wurk, mar al gau kaem der foroaring. Hja wist dat se mei 'er tiid in bern krije soe en as dat sa kaem, woe se net mear ûnder Saraï stean. Greatsk stapte se troch it tinte-kamp, de noas yn 'e wyn en al dy nuvere wetten fan dy fiere frjemde stêd hie se de gek mei. Dy't de soan hat, tocht Hagar, dat is de echte frou en dy't gjin bern krije kin, moat har nedich stilhâlde.
Dat de jonge slavin waerd hwat langer hwat koppiger en op it lêst koe it sa net langer. Saraï biklage har by Abram. ‘Jow my frij’, sei se, ‘dat ik dy opstannige slavin to plak set, lyk as de wetten fan ús lân dat foarskriuwe.’ Hja wie tige lilk en yn har donkere eagen flamme de haet. Abram waerd der hast bang fan, mar hy koe der neat tsjin ynlizze; neffens de wet stie Saraï yn har rjocht. ‘Doch har hwat goed yn dyn eagen is’, sei er. Mar it bigreate him om Hagar.
En doe naem Saraï wraek. Djip waerd de greatske slavin fornedere en sa slim teach Hagar har dy skande oan, dat se net langer bliuwe woe. Saraï hate se en as Abram it dan net foar har opnimme doarst, dan woe se syn frou net langer wêze! En mei de lilke holle roun se fuort, de heuvels oer en de lange, rjochte wei op nei Egypte ta. Hwat koe it har skele dat de sinne gleon wie en de wegen moudich en dat hja gjin bist hie om op to riden en gjin iten foar ûnderweis: hja hie jonge fuotten en in moedich hert en de reis gyng nei har eigen lân. En alles wie ommers better as noch langer de slavin to wêzen fan Saraï.
Dat moedich sette se de stap der yn en ûren en ûren roun se. Op it lêst waerd se o sa wurch en koe se net mear; by in saed oan 'e kant fan 'e wei gyng se sitten om to rêsten. Foar har, plat en wiid, lei de woastine. Soe se ea oan Egypte ta komme? Mar werom woe se net; dan noch leaver dea yn 'e wyldernis!
Doe't hja opseach stie der immen by har. It like in reisber man dy't ek rêste woe by de saed, mar niist-krektsa wie der yn gjin fjilden noch wegen immen to sjen. En ynienen fleach it har troch de holle: as it ris gjin man is, mar in ingel, in boade fan Abrams God, of miskien dy God sels? Hja waerd bang; it hert sloech har en har skonken trillen. As dy God nou ris lilk op har wie om't se fuortroun wie en kaem om har to straffen?
Strang wie Syn lûd doe't er frege: ‘Hagar, dû slavinne fan Saraï, hwer komstû wei en hwer giestû hinne?’ O, dus Hy koe har en Hy wist har namme. It wie de God fan Abram sels, dat fielde se en nou moast se miskien stjerre!
Dimmen andere se: ‘Ik bin flechtsjende foar it antlit fan Saraï, myn frouwe.’
Doe spriek de Heare: ‘Gean dan werom en skik dy ûnder Saraï's macht.’ As in gewoan man dat tsjin Hagar sein hie, dan soe se him fan antwurd tsjinne ha, mar nou, tsjin de Heare sels, doarst se net opsprekke. Hja wie ommers slavin, dat woe se nou wol wêze en as dizze God it sei, dan woe se ek wol werom. Djip yn har hert fielde se wol dat it sa it bêste wie: it ein wie to lang foar in frou allinne, sûnder liedsman en sûnder in ezel om op to riden. ‘Goed’, tocht se, ‘dan gean ik werom.’ Mar de Heare hie noch mear to sizzen. Hwant Hagar wie net allinne de slavin fan Saraï, hja wie ek de frou fan Abram en al hwa't fan Abram wie, woe Hy seingje en helpe. ‘Dû silst in soan krije’, spriek Er, ‘en dû silst syn namme Ismaël neame en dat sil in wâldezel fan in minske wêze, sa sterk en sa wyld, en allegearre sille se tsjin him wêze, mar hy sil de hân tsjin elken-ien opheevje en hja sille him der net ûnder krije en tusken syn bruorren sil er libje en hy sil ta in great folk wurde.’
Doe gie de Heare fuort en wer wie Hagar allinne, in iensume frou yn 'e wide woastine. Ûren moast se noch gean, mar dat telde se net. Nea yn har libben hie se sa bliid west! In soan soe se hawwe en dy soan soe in machtich man wurde, gjin slavesiel, mar in man dy't stie op syn rjocht en foar syn frijdom focht. Nea soe se dit godswurd forjitte, dit wurd en dizze saed