It forboun
Tiden lang wachten abram en Saraï nou al op har earste soan, mar hoe't se ek hopen en beaën, bern krigen se net. It like hast as hie God Syn bilofte forgetten en as hearde Er har bidden net.
Sa'n tachtich jier wie Abram nou al en syn frou wie mar tsien jier jonger, fiersten to âld dus om noch mem to wurden. ‘It wurdt dochs neat mei ús’, sei Saraï soms, ‘it is mar better dat wy in bern oannimme, of faeks moatstû in oare frou der by hawwe, hwant God hat dy in soan ta-sein, mar myn namme is net neamd!’ Sokke tiden foel it ek Abram swier om leauwende to bliuwen en soms tocht er oan syn slaef Eliëzer, dat dy dan de erfgenamt mar wurde moast. Dêr hie er him ek suver al nei set, doe't op in nacht de Heare him forskynde en sei: ‘Wês net bang, Abram: Ik bin dy in skyld; dyn lean is great.’
Abram antwurde: ‘Dat wit ik wol, Heare, dat Jo my fan alles jaen sille, mar hwat helpt it my, as ik dochs gjin soan krij en alles letter oan myn slaef, oan Eliëzer, forfalt?’
Doe sei de Heare mei klam: ‘Né, net dyn slaef sil letter dyn erfgenamt wêze, mar sels silstû in soan hawwe en dy sil alles oer krije, dyn fé en dyn have, mar myn seine en myn biloften ek.’
En tagelyk wie it oft er net langer yn syn tint yn it tsjuster lei; yn in soarte fan fisioen seach er himsels bûten stean ûnder in hege stjerreloft. God frege him oft er de stjerren faeks telle koe en doe't Abram skodholle, spriek Er: ‘Sa machtich as de stjerren oan 'e loft, sil ienris dat folk wêze, dat út dy fuortkomme sil, en gjin-ien sil it telle kinne.’
En dêrmei waerd Abram wekker. Om him hinne wie de stilte fan 'e nacht en it tsjuster fan 'e tint; de stim des Heare klonk net mear oan syn earen en hy seach gjin stjerren mear. Mar hwat de Heare sein hie, dat leaude er mei hiel syn hert, hy wist dat er dochs jit heit wêze soe en hy fielde dat er nou geduldich wachtsje koe, jierren noch as it wêze moast. En God de Heare, dy't de herten fan 'e minsken lêst as in iepen boek seach it leauwe fan Abram en rekkene it him ta gerjochtigheit. Fan nou ôf oan woe God net mear mei him prate yn 'e nacht en yn 'e dream, mar by ljochtskyndei en fan mûle ta mûle, krekt sa't in man praet mei syn freon.
Dyselde moarns al kaem de Heare del en neamde Syn namme en biloofde jitris dat syn folk it lân Kanaän ervje soe. Bliid hearde Abram dat Godswurd oan, mar tagelyk wist er dat hy it fêst net bilibje soe. As ienris, ieuwen letter, dat folk hjir wen-