fan 'e Streek brochten him elk jier swiere skatting. Machtige keppels lytsfé waerden elk jier nei Elam dreaun en ek Lot, dy't by Sodom wenne, sil dêr syn part wol ta levere ha. Mar nou hiene al dy folken en stammen yn it Westen har nocht en omdat Kedor Laomer yn it Easten ek fijannen hie, en dêr de hannen fol hie, seine se him de tsjinst op. Hiene se nou ek meiïnoar stien en in fiks leger yn it fjild brocht, dan hiene se it faeks rêdden, mar dat diene se net. Elk tocht dat it mei syn lân wol hwat tafalle soe en de oaren moasten mar om harsels tinke.
It kaem fansels net ta to fallen. Kening Kedor Laomer wachte dy hjerstmis forgees op 'e fette skiep en geiten; de lange winter forbiet er syn grime, mar doe't it oare jiers de wegen opdroege wiene nei de stjelpige maitiidsrein, stjûrde er in binde soldaten om dy opstannige stammen ris goed nei to sjen. En dy wylde, wrede mannen forstiene har fak: stêd nei stêd foel har yn hannen, al hwat wapens tsjin har brûke doarst waerd delhoud, en fierder sleepten se alles mei: mânlju, froulju en bern en net to forjitten it fé, it sulver en it goud; neat kaem har fan ûnpas.
It like earst as soe de Streek der noch goed foar wei komme; wol baernden nachts yn it Easten de loften read, mar de fijân sakke ôf it Suden yn en sloech de stammen dy't dêr wennen. Dwers troch it lân fan 'e Amalekiten gie it en doe troch it westen wer it Noarden yn, om Sodom hinne. Mar doe, ûnforhoeds, namen se har draei en teagen dochs noch op 'e fette flakte ta.
De fiif keningen fan 'e Streek - dy fan Sodom, Gomorra, Adama, Séboïm en Soär - seagen it swurk driuwen en rôpen har folk op ta de striid. Hja stelden de slachoarder yn in fjild dêr't gâns pikputten wiene; as it har slagge de fijân dêryn to twingen dan wie er forlern. Mar de rôvers fan Kedor Laomer fochten as liuwen en, hoewol hja gâns folk forlearen, de slach wounen se en de mannen út 'e Streek rekken sels ynpleats yn 'e putten.
De Elamiten plonderen Sodom en Gomorra; de oare stêdden diene se har net mear oan tiid: hja moasten nedich op nei hûs, har keppel wie gâns bilune nei dizze fûle slach en hja hiene in ûngemaklike sleep fé en minsken mei. Ek Lot waerd ophelle en moast mei op mars. Yn lange rigen waerden de finzenen oaninoar keppele en sa, as bisten, it Noarden yn dreaun. En njonken de kolonnes rounen de soldaten en sloegen der ûnbarmhertich op as it har net hurdernôch gyng. Hwa't net mear rinne koe waerd losgaspe en oan 'e kant smiten: dy soe wol stjerre fan toarst of honger en dan wisten de roppige gieren der wol wei mei...
Faeks sil Lot op dizze skriklike reis noch wolris tocht ha oan it heuvellân fan Hebron, dêr't it sa rom net omkaem foar it fé, mar dêr't foar rôvers ek sa folle net to heljen wie.
Abram krige it birjocht fan ien fan Lot syn slaven, dy't ûntkommen wie. In wylde grime lôge yn him op. Lot mocht it dan hûndert kear himsels oandien ha, hy wie dochs syn omkesizzer, syn eigen flesk en bloed, de iennichste fan 'e sibbe dy't him folge wie nei it frjemde lân! Hy soe him helpe en God soe mei him gean op it oarlochspaed. ‘Ik sil forflokke dy't dy forflokt...’, dat wurd wie Abram noch net forgetten.
Mar dêrom moat men sels jins bêst ek dwaen! Syn trije buorlju, Aner, Mamré en Eskol, dy't him wol faker holpen hiene, gyngen mei en Abram wapene alle slaven dy't mist wurde koene by it wurk. Al mei al hie er trije hûndert achttjin wapene mannen, doe't er it greate aventûr oangie. It waerd in lange bloedige mars, hiel Kanaän troch fan Súd nei Noard, oer heuvels en troch flakten, oer moudige wegen ûnder in gleone simmersinne. Fan tiid ta tiid sloegen se der hwat iten troch, op 'e middei sliepten se en in pear koarte ûren nachts en fierder diene se har gjin rêsten oan tiid. Fansels koe de fijân mei al syn fé en slaven lang sa hurd net en yn it uterste Noarden hellen se him yn. It die bliken dat de Elamiten gjin oanfal mear forwachten, hja ieten en dronken en dounsen en de wacht hâlde diene se mar net.
Doe't it tsjuster wurden wie bisingelen Abram en syn mannen it kamp en doe, fan trije kanten, foelen se de rôvers oan. Wyld houden se der op yn en de forbjustere Elamiten stouden alle kanten út; doe krigen Abrams mannen der aerdichheit oan en setten se efternei oan Hoba ta, in plak dat Noard fan Damaskus leit.
En sa foel it hiele tintekamp, mei alle bút fan fé en reau en minsken har yn hannen.