Abram, de roppene
Net fier fan 'e mouning fan 'e rivier de Eufraet lei de greate drokke stêd Ur. Tûzenen minsken wennen binnen de mânske muorren, machtige keningen hearsken neffens strange wetten, karavanen brochten skatten oan út fiere, frjemde lânnen, rike féhoeders, dy't simmers mei de keppels swalken en yn tinten wennen, hiene yn 'e stêd har winter-hûs. Ien fan dy hoedersfoarsten wie Tearach, in man út it slachte fan Sem. Hy hie trije soannen, Abram, Nahor en Haran; de beide lêsten hiene sels al greate bern, mar Abram, dy't mei syn healsuster Saraï troud wie, hie gjin soan.
It wiene hiel gewoane minsken, dizze lytse famylje fan Semiten, wol ryk oan fé fansels, mar fierder neat bysûnders: hja diene trou har wurk, pasten op 'e keppels en fan tiid ta tiid, om 'e goaden ta freon to hâlden, brochten se in offer yn 'e rimpel. Allinne Abram wie oars as de oaren; hy hie gjin frede by de tsjinst fan al dy goaden en goadinnen en sels de moannegod Sin, dy't de measte offers krige, leaude er net oan. Hy tocht dat der mar ien God wêze koe, in God dy't himel en ierde makke hie en alle ding bistjûrde, mar net ien koe him de namme fan dy God fortelle en dus wist er ek net hoe't er Him tsjinje moast. Soms hie er langst om fuort to tsjen, fier fan dy stêd mei timpels en preesters, om in nij libben to bigjinnen yn in nij lân. Mar dêr praette er mar net ienris oer mei de oaren: hja soene him dochs net bigripe.
Mar hy wie al bliid doe't syn heit op in kear de famylje gearrôp en sei dat er forfarre woe, it Westen yn, de kant op nei Kanaän. Dat wie to-minsten gjin lân fan machtige stêdden en greate timpels en krekt in oarde foar har mei har keppels lytsfé.
Hja gyngen allegearre mei, op Haran nei, dy't stoarn wie. Om de iene of oare reden kamen se lykwols net yn Kanaän, mar sahwat op healwei, yn 'e stêd Haran, setten se har nei wenjen. It foldie har dêr bêst, de keppels dijden en hja krigen de romte fan fé en slaven. Ek Abram skikte him en hy tocht net oars, as hy soe syn dagen fierder yn Haran slite.
En krekt doe't hy sels der net mear oer tocht om fierder, wie it Gods tiid. Op in kear, it sil wol yn 'e stilte fan 'e nacht west ha, spriek de Heare him oan: ‘Gean út dyn lân en út dyn sibbe en út dyn heite hûs nei it lân dat Ik dy wize sil. En Ik sil dy ta in great folk meitsje en dy seingje; Ik sil dyn namme great meitsje en wês in seine; en Ik sil seingje dy't dy seingje en forflokke dy't dy forflokt en yn dy sille alle slachten fan it ierdryk seinge wurde.’ Lang tocht Abram oer dat Godswurd nei en hy wie tige bliid. Nou soe er dochs noch fuort moatte en brekke mei de goaden fan Haran, nou soe er de Iene God dochs kennen leare en tsjinje, syn libben lang! Allinne koe en him net bigripe hwerom't hy krekt roppen waerd en hwerom't dy stream fan seine nou krekt foar him wêze moast. En hoe koe hy ta in great folk wurde, in man fan fiif-en-sawntich jier en sûnder bern? Hy koe der net by, mar ien ding stie fêst: hy soe gean dêr't God him rôp! Syn folk en lân moast er forlitte, mar hwat hindere dat, nou't er sels ta in great folk wurde soe? En dat er út syn heite hûs gean moast, dat wie net slim, nou't God syn heit wêze woe en mei him reizgje nei it frjemde lân. Hy wist net iens hwêr't er hinne moast, mar it lei him by dat it Kanaän wêze soe, it lân dêr't destiids syn heit al hinne woe.
Net folle dagen letter gie de karavaen op reis: Abram, syn frou Saraï, Lot, de soan fan syn forstoarne broer en dêrefter de slaven mei de keppels. It ôfskied fan syn âlde heit en fan 'e oaren hie swierder west as er earst tocht hie, mar dat wie nou foarby en moedich, fan syn hege kamiel, seach Abram de fjilden oer en de takomst yn. Mei sa'n heap fé by har koene se fansels net fluch reizgje en faek hiene se al de tinten opslein foar de nacht, ear't se yn 'e fierte de wite sniekoppen seagen fan 'e Libanon en, tichteby, de blauwe marren fan 'e Jordaen. Mar dêrmei wiene se dan ek yn Kanaän en fan Noard nei Súd reizgen se it hiele lân troch.
It wie by Sichem, ûnder de greate Wiersizzersbeam, dat Godsels by Abram kaem en sei, dat dit nou it lân wie dat Er foar him ornearre hie en dat hjir nou letter it folk des Heare wenje soe. Op datselde plak brocht Abram de Heare in offer en doe teagen se mar wer fierder, it Suden yn. Tichtby de âlde stêd Hebron, yn it Suder-