De Hillige Histoarje. It Alde Testamint (Deel 1)
(1949)–Ulbe van Houten– Auteursrecht onbekend
[pagina 16]
| |
‘Wês fruchtber en meitsje de ierde fol.’ En altyd wer moasten se de jonge minsken fortelle fan de greate floed en fan dy wûndere reis yn dat wûnderlik skip, dat dêr noch altyd heech en donker lei op 'e top fan 'e Ararat. Fansels, ek dizze minsken wiene gjin hilligen en ek yn har herten wenne de sûnde. Ien kear - Sein, Cham en Jafeth hiene al greate bern - hie Noach in wyngert plante en doe't er letter dronk fan 'e sterke wyn, wie er dronken wurden. Doe hie er him neaken útklaeid en sa sliepte er syn roes út oer de flier fan syn tint. Sa hie Cham him foun en ynpleats dat er syn heite skande stilhâldde, hie er it fierder forteld en hy en syn âldste soan, Kanaän, hiene der de spot mei dreaun. Lokkich wiene doe de beide oare soannen kommen en hiene earbiedich har heite skande bidutsen, mar Noach, doe't er wekker waerd, hie dochs heard hwat Kanaän en Cham him oandien hiene. Doe wie jitris de geast oer Noach kommen, mar ditkear net de geast fan 'e wyn mar de Geast fan God, en hy hie in flok útsprutsen oer Kanaän en in hearlike seine oer Sem en Jafeth. It slachte fan Sem soe seinge wêze yn 'e Heare en letter soe it skaei fan Jafeth diele yn dy seine. Sels wist Noach net hoe't dat krekt komme soe, mar hy wist dat de ieuwen troch dy seine en dy flok syn wurking dwaen soe yn hwa't nei him kamen. Sa wurke de sûnde yn it hûs fan dizze greate Godsman, mar der wie ek birou oer it kwea by Noach, en de seine oer Jafeth en Sem en God wie deunby. Mar letter, doe't Noach der net mear wie en de trije broers net mear en doe't de famylje al greater waerd, bigounen se God al mear to forjitten. It houten skip op 'e berch wie lang al forgien, de Greate Floed wie in âld en moai forhael, de bôge op 'e wolkens net langer it teken fan Gods trou. En dat bifel des Heare, meitsje de ierde fol, dat wisten se noch wol, mar hja woene der net neffens dwaen... Der kaem in tiid dat de minsken to machtich waerden yn dat berchlân en dat hja op syk gyngen nei rommer wengebiet. Dat founen se yn 'e wide flakte tusken de Tigris en de Eufraet en dêr, yn it lân fan Sinear, setten se har nei wenjen. Hja bouden de fette groun, ieten de skoandere weet en it fleis fan 'e keppel en dronken de sterke wyn, dy't as fjûr troch de ieren rint. It foldie har sa skoan dat hja dêr altyd bliuwe woene. Dat it tsjin Gods bistel yn gie, dêr joegen se neat om! Yn letter jierren fielden se har yn 'e flakte noch better thús. Hja learden om fan 'e rivierklaei stien to bakken en mei it asfalt út 'e groun mitselen se dêr sterke muorren fan. Sa groeide der nei forrin fan tiid midden yn 'e flakte in greate stêd, dy't letter de namme Babel krige. Doe woene se tominsten yn 'e flakte bliuwe en doe't it tal minsken al mar oanwoun en guon jonge minsken praetten fan forfarren, doe makken de lieders it plan om in hege toer to bouwen. Dy toer soe in teken wêze fan har macht, mar tagelyk ek it teken fan har ienheit. Om dy toen hinne soene se wenjen bliuwe en hoe fier t se ek swalken, op jacht of mei de keppel, altyd soene se boppe de horizon dy spits sjen en dêr werkomme. En stadich, boppe de lege huzen, riisde breed en hoekich de toer fan Babel. Elk moast meibouwe; dy't net woe, waerd mei gewelt twongen. Dy toer moast klear en al hurder skrepten se, al langer makken se de dagen en fûlder sloegen de swipen oer de bleate rêggen. Mar út 'e hege himel wei seach de Heare del op it wurk fan 'e minsken; Hy seach de toer en Hy seach yn 'e herten fan 'e bouwers; har greatskens seach Er, har dryste moed, har opstân tsjin Him, har húnjende spot. Kom, tocht Er, lit Ús deltsjen nei de ierde en dat wurk forsteure: dit is it earste wurkstik dat hja meiïnoar meitsje en as dit har slagget sil der gjin ein wêze fan har greatskens en sille se neat mear skromje. En ûngemurken kaem Er del en foroare har hert: hja bigounen ûngelyk to tinken oer dingen dêr't se it altyd iens oer west hiene, hja koene elkoar mar min fordrage en dy't juster noch ienriedich bouden, stiene hjoed mei gleone koppen foarinoar. En, ûngemurken earst, foroare ek har tael: wurden krigen in oare bitsjutting, klanken foroaren sa mar, en de iene forwiet de oare dat er de tael forknoeide dy't harres meiïnoar wie. Dat joech forheftige skelen dy't gâns kwea bloed setten en dêr't al mear mei yn bihelle waerden. Op it lange lêst stie man tsjin man, famylje tsjin famylje en bruiden se it ark der hinne: it greate wurk lei stil. | |
[pagina 17]
| |
Doe smiet in lytse, dryste ploech de kop yn 'e nekke en teach de wrâld yn, de flakte fan Sinear út. Hwat maelden se mear om dy stêd en dy huzen en dy forûngelokke toer? Der wie op it lêst mear goed lân as dizze iene flakte! Dat wie it bigjin: al mear groepen gyngen de wrâld yn en sochten in gaedlik plak to wen jen. Letter groeiden dy groepen ta stammen út en de stammen ta folken, elk mei in eigen lân, in eigen aerd, in aparte tael. En sa kamen se, tsjin har wil en sûnder dat hja it wisten, dochs noch it Godswurd nei. Net langer hokke der ien greatsk folk om 'e toer fan Babel gear, mar oeral wennen folken en swalken al fierder fuort. En net mear ien minskdom sette alles op alles yn in dryste opstân tsjin God, mar folk stie tsjin folk en yn 'e striid tsjin elkoar waerd har macht en ienheit brutsen. Sa wie der in seine yn 'e straf en yn it oardiel genede en waerd de sûnde stuite.
Lang noch stie boppe de stêd fan Babel it brokstik fan 'e toer, teken fan minskene macht en ûnmacht, teken tagelyk fan Gods grime en gunst... Mei de bitizing fan 'e talen hie God de wurking fan 'e sûnde opkeard, mar yn 'e folken bleau de sûnde en groeide mei de ieuwen. Der stiene hearskers op, Nimrod wie de earste, dy't alle folken ûnder har skepter twinge woene en sa dochs wer in ienheit smeije tsjin God, mar dy greatske plannen rounen to neate: God woe de ienheit net. Doe't op it lêst de sûnde alle folken yn 'e macht krige en it like as soe it dochs wer op in skriklik oardiel ta-gean, kaem de Heare op 'e nij fan wegen. Hy liet de minsken foar in tiid oan har needlot oer en formearre Himsels in folk dat Syn eigendom wêze soe en Syn Wurd en Wet biwarje en dat, nei lange ieuwen, troch Jezus Kristus, dochs wêze soe ta heil fan alle minsken en fan alle folk op ierde. Dit is dan de ein fan 'e skiednis fan 'e minsken en it bigjin fan 'e skiednis fan Gods folk. |
|