allinne mei syn soannen en har froulju soe bihâlden bliuwe yn in skip dat er bouwe moast en dêr't er plak yn meitsje moast foar in great tal dieren: fan alle soarten twa, in mantsje en in wyfke, en sawn pear fan 'e reine dieren. Út dy acht minsken soe nei de greate floed it nije minskdom groeije, út dy bisten in hiele wrâld fan dieren. Sa soe it rjochtfeardich oardiel oer in forflokte ierde gean en dochs soene minsken en dieren net útstjerre en de Satan net ta syn doel komme.
Noach twivele net doe't er Gods wurd hearde en daliks bigoun er syn plannen to meitsjen. It wie gjin lyts krewei, in skip fan hûndertfyftich meter lang, en fiif en tweintich meter breed en fyftjin meter heech! Mei trije fordjippingen moast er it meitsje en mei hokken foar al de dieren; it moast bistand wêze tsjin it gewelt fan 'e weagen en alhiel wetterticht; dat it ferge gâns omtinken en rekkenjen foar't de bou bigjinne koe. Doe moasten yn 'e bosk de hege spjirren kappe wurde en nei it bouplak sleept en fakentiids joech it muoite om help to krijen by minsken, dy't de gek hiene mei syn arke. Letter waerd dat better doe't syn trije soannen, Sem, Cham en Jafeth great wiene.
Der kaem in dei dat it skip fan Noach klear wie; heech en hoekich stie it foar de blauwe loft, it blank en rûkend hout mei pik bistrutsen, in dea en donker ding boppe it bloeijend lân. En foar it lêst spriek Noach de minsken ta en warskôge er har. Hy wist net hoe faek er dat al net dien hie, dizze hûndert tweintich jier, hy wie lang de tel al kwyt, mar it hie net holpen. Hja laken him yn syn gesicht út. Dy floed, dat koe ommers net en as it al heech wetter waerd, hja wennen ommers yn 'e bergen! Hy moast dan mar yn dat donkere skip krûpe as er dêr sin oan hie, hy en syn frou en syn soannen en de trije jonge froulju - dy doarsten ek hwat oan en trou yn sa'n famylje! - mar hja bleauwen bûten, yn 'e sinne en ûnder de hege loft.
Sa kaem de lêste wike en it bifel om yn 'e ark to gean. Nijsgjirrich seagen de minsken der nei hoe't de fjouwer mânlju de ark bigounen to laden: gong nei gong oer de swypkjende planken, weet by it sekfol, ta spize foar de minsken en foar alle bisten foer. Wiis skodden se de holle. Bigriep dy Noach dan net dat it wurk om 'e nocht wie en hiel dy floed in fabel? En fûlder waerd har spot, feniniger har hún.
Mar doe't de oare deis de dieren bigounen to kommen, yn lange rigen en twa by twa, de kij en de skiep en de geiten, mar ek de wylde bisten en de fûgels, doe laken se dochs sa lûd net mear. Hwat wie dat foar in man, dy Noach, dat er sels de dieren fan it fjild bitsjoende en lokke yn syn ark? Of soe der dochs hwat oan wêze fan dat wankend oardiel? It koe hast net, de loft wie sa blau, de sinne skynde sa waerm en alles bloeide en die... Mar dy bisten? Doe't oan 'e ein fan 'e wike alle dieren to plak wiene gyngen de minsken yn 'e ark; Noach it lêst. Noch ien kear by de doar seach er om nei de minsken dy't him bispot hiene en forhúnd, dy't syn wurden yn 'e wyn slein hiene en dy't er dochs sa graech rêdde wollen hie; noch ien kear liet er syn eagen gean oer de ierde, oer de ikkers tichteby, oer de bosken yn 'e fierte, oer de hege bergen dêr't nou mei gauwens it wetter boppe stean soe. As er nou noch mar ien kear sprekke mocht, as er nou mar ien rêdde koe... Mar nou mocht it net mear. Langernôch hie God geduld hawn, nou wie it to let. Hy gie yn 'e ark en achter him die God de doar op 't slot.
De deis dêroan bigoun it. Út de donkere, leechhingjende wolkens rûze de rein oan ien wei del en tagelyk spjalte de groun en briek it wetter nei boppen. Bang sieten se byinoar yn 'e ark, de acht minsken, en hearden nei it kletterjen fan 'e rein op it houten skip. Kaem der dan nea gjin ein oan dat machtich rûzjen, dat nou al ûren en ûren duorre? Dy nachts koene se der net fan sliepe mar letter wende it en hearden se it hast net mear. En it wurk wie der: der moast iten klear en de bisten moasten har foarsoarging hawwe; dat hja hiene it drok de hiele lange dei en jouns wiene se wurch en yn 'e ein en sliepten troch alles hinne. Op in dei rekke de ark los fan 'e groun, it wetter tilde him op en nou skommelen se op 'e floed; in frjemd gefoel wie dat, mar bang wiene se net, hwant hja wisten har feilich yn Gods hoede.
It duorre omtrint sels wike, dat skriklik reinen: fjirtich dagen en fjirtich nachten. Doe waerd it stil, mar hja leauden it earst hast net iens, sa sûze it har noch yn 'e