Sa libben dêr de earste ieuwen twa stagen njonken elkoar, dy fan Seth, dy't de bernfan-God neamd waerden en de Kaïniten, dy't God net frezen, en har eigen wegen gyngen.
Doe't de beide famyljes al greater waerden, kamen se al tichter by elkoar to wenjen. Jonge keardels út 'e staech fan Seth swalken de bergen oer om nije wenromte to sykjen en troffen de bern fan Kain. Hja gyngen mei har en setten greate eagen op by al dy wielde: de machtige keppels fé, de donkere tinten, it blinkend wapen-ark. Hja seagen de feinten en fammen dounsjen op 'e muzyk fan fluiten en siters en al faker gyngen se der hinne en al fûlder waerd de bigearte nei rykdom en wielde, nei in libben sûnder soargen. Fansels murken se ek al gau de sûnden fan 'e Kaïniten: har greatskens en opstannigens, har flokken en swarren, de ûnsédichheit, de wylde rûzjes, mar al dy dingen wenden. Op it lêst wiene der jonge mannen út 'e staech fan Seth, dy't in frou namen út 'e dochters fan Kain.
De âlde fromme minsken skodden de holle. ‘Dat kin net goed gean,’ seine se, ‘mei dy wylde froulju; nou hearre jim al heal by dat Kainsfolk en mei koarten lokje se jim hielendal op 'e forkearde wei.’ Mar hwat hja ek seine, it wie om 'e nocht. It luftich jongfolk lake der om. Sa gau lieten se har net meitroaije; wacht mar, it koe noch wol ris sa bislaen, dat ynpleats de bern fan Kain har bikearden. En al mear trouden de beide stagen yninoar om; fammen út Seths famylje trouden mei Kaïniten en op it lêst wie der gjin ûnderskied mear. Ynpleats fan twa aparte stagen wie der nou ien machtige stam, mar in stam dy't fan God net mear witte woe.
Hwant it kaem sa't de âlden al tocht hiene: doe't de bern fan Seth al mear omgong mei de Kaïniten krigen, bigounen se God to forjitten; hja offeren net mear en mienden dat se harsels wol rêdde koene. Doe 't dat jierren duorre hie, wie der hast net ien mear dy't God noch tsjinne. Elk die mar hwat er woe, gjinien frege mear nei wet en rjocht, de himel neamden se net mear, sa hie de ierde en it ierdske libben har yn bislach.
It like ek wol as waerd it libben al riker en bloeijender, de minsken al knapper en sterker. Al mear krigen se it wurk yn 'e macht, al mear hellen se út 'e groun, al wieldriger namen se it der fan. Sterke, soune bern krigen se, dy't opgroeiden ta kante, feardige keardels, reuzen suver, sa sterk en sa great.
Lange tiden gyng dat sa troch en al mear kamen se yn 'e macht fan 'e sûnde. De âlde fromme minsken, dy't Adam noch kend hiene, stoaren de iene nei de oare en fan de jongerein wie der mar ien dy't him de tsjinst fan God net skamme. Dy iene wie Noach, de soan fan Lamech, in man út it skaei fan Seth.
En doe't it sa fier kommen wie, en it like as soe de Satan dochs noch ta syn doel komme en as soe hiel it minskelibben ûndergean yn sûnde en ûngerjochtichheit, doe kaem der in ein oan Gods geduld. Lang hie er de sûnden fan 'e minsken fordroegen, mar nou't it noch oan dy iene, Noach, stie, nou soe er oer de minsken komme mei in wetterfloed dy't hiel dat fordoarne Kainsfolk fordylgje soe en allinne Noach, mei syn trije soannen en har froulju, soe bihâlden bliuwe. It bislút stie fêst, it oardiel soe komme, mar gjin minske noch duvel soe ea sizze kinne dat Hy, de Heare, gjin geduld genôch dien hie.
Yn Syn ûnbigryplike genede joech er har noch hûnderttweintich jier de tiid.