Mei alle soarch socht er de bêste raem fan 'e keppel út en as er it bist deade en op it alter lei, moast er iderkear wer tinke: sa hie ík mei myn sûnden de dea fortsjinne en sa moast myn bloed yn 'e ierde rinne. Dan heve er de hannen omheech en tanke God dy't him alle goede dingen joech: de molke fan 'e keppel, de waerme wol en it streksum fleis.
Kain wie hiel oars. As dy thúskaem fan it wurk, wurch en yn 'e ein en syn sober jounmiel iet, dan stie him de holle net nei tankjen. Hwerom soe er God tankje foar it brea dêr't er sels foar switten hie? Soms tocht er dat God him gram wie en it op him forsjoen hie: hoe wie oars de groun sa wreed, de sinne sa gleon, de risping sa earmoedige lyts? Hy koe der net by dat Abel altyd sa tofreden wie en sa tankber: in greate keardel dy't as de bern mei in bytsje bliid wie! Hy mocht der him suver net mear om lije en tiden lang mijde er him en sei net folle tsjin him.
Op in kear wie it wer tiid ta offerjen. Kain naem fan syn fruchten, in skeaf fan 'e bêste weet en mei in somber gesicht seach er hoe't de ieren oan jiske baernden. Hy tocht oan alle soarch dy't er hawn hie om it sa fier to krijen, oan alle wurgens, oan it bitend swit - mar net oan God, dy't de waechsdom joech. Mei in skean each seach er nei Abel dy't stie to bidden. Bidden, tocht er bitter, dat is neat foar my. Hy frege God net om gunsten, hy soe himsels wol troch it libben slaen!
Mar doe't er letter murk dat God Abel syn offer oannommen hie en sines net, dat God Abel seinge en dat hím alles tsjinroun, doe waerd er forgrimende lilk. Seis woe er neat fan Gods gunsten witte, mar Abel gunde er se dochs ek net. Hwat langer hwat mear krige er in hekel oan him; op it lêst groeide dat oan ta in wylde haet, dêr't er nachts net fan sliepe koe. Deis gie er syn wegen, wrokjend, somber, de holle foardel en soms hie er oanstriid om Abel to deadzjen.
Op in kear doe't er allinne wie, spriek God him oan en warskôge him. ‘Hwerom bistû sa grammoedich en litst de holle hingje? Bikear dy en dan meist de holle frij opstekke, mar wit dat de sûnde op 'e loer leit en tink der om dat er dy net yn 'e macht kriget.’
Kain sei gjin wurd werom. Hwat hie God him der mei to bimuoijen? Hy soe sels witte hwat er dwaen soe; hy wie gjin ûnmounich bern mear. Mar sá koe it net langer, dat wie al wier. En koart dêrnei lokke er Abel mei it fjild yn. Doe't se fierdernôch wiene sprong er ûnforhoeds op him ta en sloech as in wyld op him yn. Earst doe't Abel oan syn fuotten lei en gjin lûd mear joech, bikaem syn gleone grime. Mei greate stappen gyng er fuort. It spiet him net dat er it dien hie, mar hy fielde dat er nou de dea fortsjinne hie en hy waerd bang. Mar doe't God him to-mjitte kaem en frege ‘Hwer is Abel, dyn broer?’ doe bihurde er syn hert en sei greatsk: ‘Ik wit net, bin ik myn broers hoeder?’ Doch mar gjin muoite, woe er sizze, ik wol myn skuld net bilide, ik freegje gjin genede.
Der wie ek gjin genede foar him. Strang spriek de Heare it fonnis oer him út: ‘Nou dan, wês forflokt op 'e groun dy't syn mûle opdien hat om dyn broers bloed fan dyn hân to ûntfangen. Astû it ierdryk bouwe silst, it sil dy syn krêft net mear jaen; swalkjend en doarmjend silstû wêze oer de ierde.’
Kain bûgde de holle; nou, nei dizze freeslike flok, woe er it wêze dat er bang wie. It wie as seach er syn broer wer lizzen, as hearde er de stimme fan it bloed fan Abel dat rôp om wraek. ‘Ik wit it wol’ sei er somber ‘myn skuld is to swier om to dragen. Dit lân hjirre forbiede Jo my, mar al swalkje ik noch sa fier, de iene of oare kear fine se my en slagge se my dea.’
En jitris naem de Heare it wurd. ‘Net ien sil dy deadzje, dêr sil Ik foar soargje. Elk dy't dy deadwaen doarst soe sels de dea stjerre, hwant sawnfâldich sil Ik Kain wreke oan elk dy't him to-nei komt.’ En doe 't Kain it net leauwe woe liet de Heare him in teken sjen dat er wis wêze koe dat gjin bloedwreker him fine soe.
Gjin wurd fan tank kaem oer Kains lippen. Hy hie de dea fortsjinne en nou mocht er ynpleats libje en krige er tiid ta birou, mar ek dêr wie er net bliid om; hy seach allinne mar dy flok dy't him oeral folgje soe en fan birou oer de sûnde wist er net. Sa teach er it Easten yn, biladen mei syn skuld. Ien fan syn susters, dy't syn frou wie, naem er mei op dizze reis sûnder ein. Doe't se Abel nei hûs ta droegen, syn sterke lichem kâld en dea, wie it Eva as soe it