wie de wei dy't hja lâns moasten ien fan 'e bêste út it hiele ryk, hwant al wie der dan in min ein troch in moerasgebiet, it lêste stik, de Via Appia, wie strjitwei en oer de hiele wrâld forneamd; it wie fluorre mei hurde, fulkanyske stien en de Romeinen, dy't der wakker greatsk op wiene, neamden it ‘de keninginne fan 'e wegen’.
* * *
Yn Rome hie de gemeente al heard, dat de greate heiden-apostel op kommende wei wie en sa kaem it, dat twa groepen Kristenen de Via Appia op gyngen om him op to heljen. De earsten troffen him to Appiusmerk, de lêsten yn Trestabernae, dat ‘de Trije Herbergen’ bitsjut. De apostel wie oer de mjitte bliid, doe't er har seach. Wol koe er fan it hiele selskip net ien fan gesicht, mar hy hie al safolle fan 'e gemeente to Rome heard, dat er fuortdaliks mei har thús wie. Hy hie suver it gefoel, dat er al to Rome wie en dat de lange reis, dy't mear as in healjier duorre hie, nou einlings folbrocht wie. Dizze lêste fyftich kilometer, dy telde er net iens! De tiid fleach om, dêr op dy prachtige strjitwei, midden tusken de bruorren, dy't fol ûntsach harken nei syn reisforhael en dy't him wer fortelden, hoe't it der to Rome foarstie. Ear't er der sa gau erch yn hie, seagen se de stêd al foar har, de machtige muorren, de tuorren en timpels, de wite huzen op 'e heuvels. It hert sloech him, doe't er de poarte troch gyng. Foar him rounen de misdiedigers en de soldaten fan Julius, mar hy fielde him net mear de finzene, dy't to Rome syn fonnis hearre soe: hy wie oars net as Gods apostel, in tsjinstfeint fan Jezus Kristus, dy't kommen wie om it evangeelje to forkundigjen yn dizze haedstêd fan 'e heidenen. En wylst de foroardielden rounen mei de holle foardel en de dea yn it hert, koe hy wol sjonge....
De centurio Julius wie net minder bliid, dat de lange reis oan 'e ein wie en dat er de finzenen oerdrage koe oan 'e princeps peregrinorum, de kommandant fan alle troepen dy't tydlik yn 'e haedstêd wiene, mar net by it fêste garnisoen hearden; allinne it ôfskie fan Paulus foel him swier. Mar ek nou die er noch foar him hwat er koe en nei't er it rapport fan Festus en syn eigen reis-forslach yntsjinne hie, krige er it klear, dat de apostel net yn 'e kaserne opsletten waerd, mar sels yn 'e stêd in hûs hiere mocht. Paulus wie der tige bliid om; nou koe er ek yn Rome elk ûntfange dy't er woe, en de soldaet dy't him biweitsje moast en dy't er út syn eigen beurs de kost jaen moast, naem er der graech op ta.
* * *
Lyk as er op syn sindingsreizen ek altyd dien hie, bigoun er syn wurk ek hjirre mei de forkundiging oan 'e Joaden. Dizze kear koe er net nei de synagoge, mar de tredde deis dat er yn syn eigen hûs wie, kamen de foaroanmannen fan 'e Joaden al by him, tige binijd hwat dizze Joad-yn-boeijen har to sizzen hie. Om't Paulus net wist oft hja ek birjocht oer him krige hiene fan it Sanhedrin, lei er har alderearst ût, hoe't it kaem, dat er him op 'e keizer biroppen hie: hja mochten ris tinke, dat er neat mear om syn eigen folk joech. ‘Mannen, bruorren’, spriek er, ‘hoewol't ik neat misdien haw tsjin ús folk en tsjin de wetten fan 'e âffears, hawwe se my to Jeruzalem oan 'e Romeinen oerlevere; dy hawwe doe myn saek ûndersocht en om't hja bifounen, dat ik ûnskuldich wie, woene se my frijlitte. Mar doe't de Joaden dêr tsjin yngyngen en my nei it libben stiene, moast ik my op 'e keizer biroppe, net om myn folk to biskuldigjen by de heidenen, mar allinne om myn libben to rêdden. Sa sit ik hjir dan foar jim, net as boarger-fan-Rome, mar as ien fan jimme, hwant om 'e hope fan Israël bin ik yn dit keatling klonken.’
De mannen fan 'e synagoge antwurden: ‘Wy bigripe dat jo net oars koene as in birop dwaen op 'e keizer en wy nimme it jo net kwea ôf; ek ha wy gjin brieven oer jo krige út Jeruzalem en gjin klachten oer jo heard; allinne soene wy graech mear witte wolle oer dy sekte fan 'e Nazareners, dêr't jo in foarman fan binne, hwant it is ús bikend, dat dy lear oeral tsjinsprutsen wurdt.’
Paulus wie net ûntofreden oer dit antwurd; it foel him net ôf, dat hja alteast mei him prate woene en hy forsocht har, in dei to stellen dat hja wer komme soene. Dat net lang nei-tiid kamen se wer opsetten, noch machtiger as de earste kear, fan alle synagogen, dy't der yn Rome wiene. Al ier yn 'e moarn bigoun Paulus en hiel de lange dei spande er him yn om har foar Kristus to winnen; hiele rigen teksten helle er oan om to biwiizgjen dat de Messias lije en stjerre moast en doe fortelde er alles hwat er fan Jezus wist en hoe't syn lijen en stjerren, mar ek syn opstanning, foarsein wie yn 'e boeken fan 'e profeten. En iderkear kaem er mei nije biwizen, iderkear wjerlei er har arguminten en wist er in antwurd op har fragen. Hy spriek mei fjûr, soms forwitend en dan wer moanjend, de iene kear as in profeet dy't syn folk it oardiel oanseit, de oare kear as in heit dy't syn soan yn goedens torjochtwiist; hy forgeat himsels en tocht net mear om iten en drinken, hy fielde gjin wurgens mear, hy wist mar ien ding: dat er hjir yn dizze keamer to Rome wraksele om it heil fan syn folk, om har takomst en har bihâld. En wylst er spriek en pleite, gyng syn gebet omheech ta God, oft dy him de rjochte wurden jaen woe, om har hurde hert to brekken en iepen to meitsjen foar syn Geast. Hoe faek, yn 'e stêdden fan Asia en Macedonië, hie er net mei de Joaden striden en altyd wie it der op útroun, dat hja syn wurd forwurpen en dat