Malta
296
Nei de earste, fûle blidens om dizze wûndere rêdding, wie der mei-iens wer de soarch foar de takomst. Hjir stiene se nou op in frjemd strân, op in eilân dêr't net ien fan harren oait west hie, ûnder in donkere, driigjende loft, dêr't strak de rein út delslaen soe. Oan it fel ta trochwiet wiene se en stiif fan kjeld en alles dat hja by har hiene op it skip, ek alle iten, wie weiwurden yn it wetter; it skoandere nôt hiene se mei eigen hân oer boart set! It wie gjin ûnbiwenne eilân, der't hja op forfallen wiene, mar hwa wist hoe great it wie en oft der iten wie foar sa folle minsken ekstra? Twa hûndert sels en sawntich man en dy moasten de fjouwer wintermoannen iten hawwe! Koe dat? Der wie in doarp, net fier ôf; hja seagen de wite huzen tusken de beammen troch, mar soene de minsken dêrre ré wêze om har winter-foarrie mei har to dielen? Dat wie de fraech noch! It barde yn dy tiid faek, dat minsken dy't op in ûnbikend eilân forfoelen, as slaven forkocht waerden nei Afrika; dat soe nou mei har wol hwat tafalle, om't hja in centurio en in ôfdieling soldaten by har hiene, mar har de winter oer de kost jaen en in dak boppe de holle, dat wie it oare úterste! Yn elk gefal soene se it nou gau witte: út it doarp wei kaem in kloft minsken op har ta. Sa't it like hiene se gjin wapens mei....
It wie in pak fan har hert, doe't de eilanners freonlik op har ta kamen en drok bigounen to praten yn in frjemde tael. It wie dúdlik, dat hja it har goed mienden en Paulus koe sels foar in diel bigripe, hwat hja seine: har tael like wol hwat op it Arameesk, dat ek yn Juda sprutsen waerd. Hja fortelden, dat har eilân Malta hiet en doe wisten de matroazen wol, hwer't hja wiene: it eilân lei net fier fan Sicilië ôf en dus hie de stoarm har net iens sa fier út 'e koers slein. Sa goed as hja wisten hearde Malta by de provinsje Sicilië en doe't hja der op ynfregen, die it bliken, dat der op it eilân in heech Romeinsk amtner wenne, de foarman Publius. De centurio foaral wie tige bliid; net allinne, dat sok in amtner syn tael forstie en maklik mei him prate koe, mar hy moast him, as offisier fan it keizerlik leger, ek yn alles helpe. Nou koene se sûnder soarch de winter yngean: Publius soe wol soargje, dat alles yn oarder kaem en dat it hiele selskip iten en ûnderdak krige.
Mar de Maltezers op it strân hoegden net troch in Romeinske amtner oanset to wurden om to helpen; it bigreate har al fiersten to folle, dat dy minsken dêr wiet en forklomme omrounen yn it kâlde, stoarmige waer en hja bisleaten om in great fjûr oan to lizzen. In hege steapel hout sleepten se oan en it duorre net lang of al it skipsfolk stie ticht by it flamjend fjûr. Noch koene se it har net yntinke, dat hja sa ûntfongen waerden. Hoe wie it dochs mooglik, dat sokke barbaren - sa neamden se doedestiids alle folken en stammen, dy't it Gryksk net machtich wiene - sa goed foar har wiene? It wie net to leauwen, nei alles hwat hja de lêste fjirtjin dagen trochmakke hiene, dat hja nou feilich oan lân wiene, de fuotten stevich op it hurde strân, de rêch nei de forbolgen sé, de hannen sa ticht as it koe by de knetterjende flammen. It libben wie dochs wer goed en sels de finzenen forgeaten it wrede lot, dat har to Rome wachte en formakken elkoar mei har rouwe grappen.
* * *
En tusken al dy blide minsken, it hert fol tankberens, stie de apostel Paulus. Hy tocht net om himsels, net om alles dat er útstien hie, hy wie allinne mar bliid om al dy oaren, dy't rêdden wiene út in great gefaer. ‘....Ik haw dy skonken allegearre dy't mei dy farre.’ It wie, as hie de Heare se him mei dat wurd op 'e noed jown, al dy sé-lju, dy passagiers, dy soldaten, sels dy misdiedigers: twa hûndert seis en sawntich man. Hy hie se wol graech allegearre ta-sprekke wollen, hy soe se fortelle wolle fan syn God, fan 'e Heare Jezus Kristus, dy't ek har it ivich libben jaen woe en dy't rêdde koe út slimmer gefaren as fan 'e wylde sé. Fansels koe dat nou net; it wie nou de tiid net, earst moasten se de klean droegje en wer hwat waerm wurde.... In kostlik fjûr wie dit! Hy wie sels net iens sa botte wiet mear; it hie gjin sin en stean hjir noch langer; in oar moast nou syn plak mar ris ynnimme.
Hastich krong er tusken de oaren troch en roun in ein fierder, dêr't de Malthezers ryshout hellen ûnder de beammen wei. Der lei genôch en al gau hie er in earmfol en roun der mei op it fjûr ta. Hy wist der neat fan, dat er tusken al dy deade prikken in libbene slang meidfoech.... Doe't er him bûgde en it hout op it fjûr falle liet, skeat it bist to-foare en kronkele om syn pols. Hy fielde in fine prip yn syn hân en skodde forheftich syn earm. In telmannich hong it bist oan syn hân, doe foel er yn 'e flammen. ‘Dy byt gjin ien wer’, glimke Paulus en rêstich roun er wer om in nije dracht hout.