fraech nei foaren, hwat er doe noch dien hat foar de tsjerken. Lukas seit der neat fan, mar by in oare skriuwer binne dochs wol inkelde oanwizingen to finen. Yn it jier 96 skreau biskop Clemens, in lieder fan 'e tsjerke to Rome oan 'e gemeente to Korinthe, dat de apostel Paulus ‘nei't er gerjochtichheit forkundige hie oan 'e hiele wrâld en sels yn it uterste westen, as martler tsjûge hat foar hege magistraten; sa is er dan frijmakke út dizze wrâld en hinnegien nei de himel...’ Dizze Clemens libbe dus net sa lang nei Paulus en yn elk gefal moat er minsken by syn gemeente hawn ha, dy't de apostel noch heard hiene en wisten, hoe't er stoarn wie. De fraech is nou mar hwat er bidoelt mei dat ‘úterste westen’ of, sa't er letterlik skreau: ‘de ein fan it westen’. It kin hast net oars, of hy hat oan Spanje tocht, dat doedestiids sahwat de ein fan 'e wrâld wie en dêr't doe al gâns Joaden wennen. En yn dit forbân komt it ús yn it sin, dat Paulus sels oan 'e gemeente fan Rome skreaun hat dat er fan doel wie om oer har stêd nei Spanje to reizgjen. Dat, al kin gjin ien it mear mei wissichheit útmeitsje, it is wol tige wierskynlik dat de apostel ek noch yn dat lân it evangeelje brocht hat. As it wier is dat de brief oan Titus en de twadde oan Timotheüs ek skreaun binne nei it dûbel-jier to Rome, - dat wurdt al folle oannommen - dan moat Paulus yn dy tiid ek noch by syn âlde gemeenten, yn it Easten, lâns west ha.
* * *
Likemin as oer dizze lêste reizen is der wissichheit oer de marteldea fan Paulus. Der wurdt frij algemien oannommen, dat er inkelde jierren nei syn frijlitting op 'e nij finzen nommen is en dat er, noch ûnder it regear fan keizer Nero, fallen is troch it swurd fan 'e skerprjochter; de twadde brief oan Timotheüs soe dan skreaun wêze, doe't er iensum, hast fan elk forlitten, yn 'e finzenis to Rome op syn fonnis wachte....
Wy kinne dus noait sizze hoe't it krekt west hat - al wize de wurden fan biskop Clemens wol de kant út fan in wrede dea! - mar wy meije wol oannimme dat Paulus, às er ûnder beulshannen stoarn is, ek dit lêste offer, syn libben, mei blydskip brocht hat: gjin ien sil dêr oan twivelje dy't yn 'e Bibel de forhalen fan Lukas en de brieven fan 'e apostel lêzen hat. Dat hwat hindert it dan dat wy net krekt witte hoe't er stoarn is, of hwat syn lêste wurden west ha, of hwêr't er krekt bigroeven is?
* * *
Hwant it giet yn 'e Bibel net alderearst om 'e minsken, sels net om minsken as Paulus, mar it giet om it wurk, dat hja troch Gods genede op ierde dwaen mochten. De apostel sels is der al lang net mear en fan 'e gemeenten dy't er stichte hat, binne de measten weiwurden, mar de Tsjerke fan Kristus, dêr't hy oan bouwe mocht, bliuwt oan 'e ein fan 'e ieuwen ta. Altyd wer hat de Satan bisocht om it wurk fan Kristus to forsteuren, alle tiden troch hawwe de machthawwers fan 'e wrâld de Tsjerke forfolge, iderkear wer hawwe falske profeten har forlaet, mar Kristus hat har biwarre oant hjoed-de-dei ta. Wol is der ek yn 'e Tsjerke altyd wer de sûnde, is der ûntrou en ûnleauwe en twivel, wol is der fakenfolle haet en grime, dêr't leafde wêze moast, wol is de iene Tsjerke útinoar gien yn hûndert aparte tsjerken, mar noch altyd ís hja der, in teken yn it formidden fan 'e folken, dy't net fan har witte wolle en har forkundiging gjin acht slagge. Noch altyd, yn sûnde en swakkens, biwarret hja it Wurd fan God en forkundiget hja it evangeelje en sa sil it bliuwe oan 'e ein ta.
En dan, as Kristus wer op 'e nij op ierde komt, lyk as er biloofd hat oan syn tolve apostelen, dan sil ek de Tsjerke wurde hwat hja wêze moat: syn reine en suvere breid; dan sil se net lyts mear wêze en net forachte, net sûndich mear en machteleas, en allegearre dy't Kristus leaf hawwe en yn him leauwe, sille yngean yn it ivich libben en der sil gjin sûnde mear wêze en gjin oarloch en God sil alle triennen fan har eagen ôfwiskje. Der is gjin minske op 'e wide ierde dy't wit hwannear't dat wêze sil, mar elk dy't leaut moat der nei útsjen en der om bidde, lyk as Paulus en de oare apostelen dien hawwe. Hja wiene gewoane minsken, swak en sûndich lyk as wy allegearre, mar hja hiene út Kristus' mûle heard dat Er komme sil op 'e wolken en dêr twivelen se net oan. Wy hawwe Jezus sels net heard, wy hawwe net oan syn fuotten sitten, wy hawwe net mei him roun troch de stêdden en doarpen fan Israël - mar wy meije lykwols leauwe en wy hoege net to twiveljen, hwant wy hawwe syn wurd: de Bibel, it hillich Wurd fan God.
EIN