'e havenwyk fan Korinthe, foar de wiisgearen to Athene, mar noch noait to foaren hie er foar sok in gehoar it wurd fierd. Hjoed waerd it wurd fan 'e Heare Jezus wier, dat er tsjin syn discipelen sprutsen hie: ‘En jim sille foar keningen en steedhâlders stean en it sil jim dyselde ûre ynjown wurde hwat jim sizze sille....’ Hy mocht him forantwurdzje yn dizze rounte fan soldaten en magistraten, ien foar oar minsken dy't er oars noait ûnder syn gehoar krigen hie; hjoed wie er omtrint bliid, dat er finzen wie! In forantwurding soe it wurde, mar tagelyk ek in forkundiging fan it evangeelje oan dizze heidenen en oan dy kening, dy't in soan wie fan it âlde folk.
Hy seach hoe't Festus omheech kaem en hearde nei syn iepeningswurd. Hy spriek goed, dizze procurator, en hy stelde de saek skerp en suver. Dit wie gjin gewoane rjochtssaek: de finzene hie him op 'e keizer biroppen, dat in fonnis koe der hjoed net sprutsen wurde; it gyng der nou allinne mar om, dat er wissichheit hie, hwat er nei Rome skriuwe soe en hy wie tige bliid, dat kening Agrippa, in man dy't sa bysûnder op 'e hichte wie fan 'e Joadske saken, him helpe woe.
Marcus Julius Agrippa hie noch noait lêst hawn fan to folle biskiedenheit en nei dit wurd fan Festus naem er sûnder mear de lieding fan 'e gearkomste. Hy knikte nei Paulus, sahwat út 'e hichte en dochs goedmienend: ‘Jo hawwe frij om josels to forantwurdzjen.’ Mei blinkende eagen kaem de apostel nei foaren en wylst er de boeide hannen útstiek, sei er: ‘Ik achtsje mysels lokkich, o kening Agrippa, dat ik my hjoed-de-dei foar jo forantwurdzje sil, aldermeast om't ik wit, dat jo kundich binne yn alle striidfragen fan 'e Joadske wet. Dêrom forsykje ik jo, dat jo my lankmoedich oanhearre.’
En doe bigoun er to fortellen fan syn libben, fan 'e wûndere wegen dêr't God him yn laet hie, hy spriek oer syn jonge jierren, oer syn stúdzje yn Jeruzalem by de Farizeër Gamaliël en hoe't er sels ek in Farizeër wurden wie. Altyd hie er strang neffens de wet en de foarskriften fan 'e âlden libbe en nou stie er hjir foar it rjocht, om't er leaude, dat Kristus opstien wie. Mar wie it dan sa frjemd, dat er in opstanning fan 'e deaden leaude? Alle Farizeërs leauden it ek en dy waerden dochs net forfolge!
Hy wachte in telmannich en op in hiel oare toan, mei triljend lûd, gyng er fierder: ‘Ik miende yn dy tiid, dat ik tsjin 'e namme fan Jezus de Nazarener folle fijannige dingen dwaen moast en dat haw ik ek dien yn Jeruzalem; folle hilligen haw ik yn 'e finzenis brocht en as hja foar it rjocht stiene en it gyng om in dea-fonnis, dan stimde ik der foar. Yn al de synagogen to Jeruzalem haw ik har mishannele en har twongen God to lasterjen en sa fier gyng myn grime alle perken to bûten, dat ik har forfolge yn 'e stêdden bûten Juda.’
En doe bigoun er to fortellen hoe't er ta ynkear kommen wie op 'e wei nei Damaskus. It wie as seach er alles wer foar him: dat himelsk ljocht, syn reisgenoaten, de Heare sels, en as hearde er wer dat himelsk lûd, dat him by de namme rôp. Hy fortelde it breed, yn gloeijende kleuren en syn antlit blonk fan in ûnierdske freugde. ‘Dêrom, o kening Agrippa, haw ik dat himelsk gesicht net oerhearrich west, mar haw ik Joaden en heidenen oansein, dat hja har bikeare moatte ta God. Om dy dingen nou hawwe my de Joaden yn 'e timpel grepen en bisocht my to formoardzjen. Lykwols, ik krige help fan God en stean oant hjoed de dei en al mar forkundigje ik, hwat Mozes en de profeten sprutsen hawwe, to witten dat de Kristus lije moast en dat er, de earste út de opstanning fan 'e deaden, it ljocht forkundigje sil oan Gods folk en oan 'e heidenen.’
Hy wie al hast wer forgetten, dat er hjir stie om himsels to fordigenjen, hy wist net mear, dat er foar offisieren en magistraten stie, foar in kening en in procurator: hy seach mar allinne minsken mear, minsken dy't in siel to forliezen hiene en dy't er winne moast foar Jezus. O, hy hie noch lang alles net sein, hy woe har noch fortelle fan alle rykdom dy't der wie yn Jezus Kristus. Hy socht om wurden, om it lêste en djipste wurd, dêr't er alles mei winne soe....
En doe hearde er ynienen, lûd en forheftich, de stim fan Festus: ‘Mar dat is dwylsin Paulus! De greate geleardheit bringt jo ta razernij!’ De apostel skodholle. It muoide him, dat de procurator net mear harkje woe, dat er neat fan syn wurden bigriep, mar hy koe der ynkomme. Mar Agrippa, dat wie oars, dy wie fan syn eigen folk, dy moast him forstean kinne. ‘Dit is gjin dwylsin, heecheale Festus’, sei er hertstochtlik; ‘ik sprek wurden fan wierheit en soun forstân. Kening Agrippa wit fan dy dingen; ik bin der fan oertsjûge, dat neat der fan him ûnbikend is, hwant it is net yn in úthoeke bard. Leauwe jo, o kening Agrippa, de profeten? Ik wit dat jo se leauwe!’
Strak seach er nei de kening, syn to-boeide hannen hast smeekjend omheech. As er werklik de Skriften leaude, dan soe er him biwiizgje, dat alle profeten fan Jezus sprutsen hiene, dat hiel de Skrift fol fan him wie. Mar kening Agrippa tocht der net oer, om op Paulus syn fraech to antwurdzjen. Dy apostel yn boeijen moast net miene, dat er alles mar tsjin in kening sizze koe! Hy hie frij om himsels to forantwurdzjen, mar net om in oar mei ûnbiskieden fragen oan to kommen! En mei bitende spot sei er: ‘Wis, jo soene my sa mar mei in mannich wurden oerhelje wolle, om in Kristen to wurden.’
Paulus antwurde earnstich: ‘Ik soe God bidde wolle, dat, itsij dan mei mear of mei minder wurden, net jo allinne, mar ek alle oaren dy't my hjoed hearre, waer-