to deadzjen, noch foar't er yn 'e rjochtseal wie. En hwerom soe er it net tastimme? Elke nije procurator tinge om 'e gunst fan it Sanhedrin en fan har moartplannen koe er neat witte.
Mar Porcius Festus, hoewol't er der gjin aen fan hie hoe fûl har haet tsjin Paulus wie, liet him dochs net sà maklik fan syn stik bringe. ‘De finzene is boarger-fan-Rome’, sei er koel, ‘dat ik sil sels it fonnis oer him sprekke. Mar ik gean mei gauwens wer nei Caesaréa: lit dan in pear fan jimme mei gean en him biskuldigje, as er kwea dien hat.’ En hwat hja der ek tsjin ynleine, dêr bleau it by.
* * *
In dei of tsien letter gyng Festus op reis nei syn haedstêd en yn syn gefolg reizge in députaesje út Jeruzalem. Hja hoegden net lang geduld to dwaen: fuort de oare deis waerd de rjochtsitting hâlden en waerd Paulus foarbrocht. Festus siet heech en strang op syn rjochterstoel, mar syn earste rjochtspraek forroun gâns oars as er tocht hie. Doe't de Joaden har âlde fijân seagen, koene se net rêstich sitten bliuwe: hja sprongen oerein en krongen om 'e lânfâld gear. Forheftich bigounen se Paulus to biskuldigjen, al de âlde leagens kamen se wer mei oandragen en yn har ûnhillige iver bitochten se der noch in rige nije by. Fansels hiene se gjin biwizen, mar dat hindere neat: hoe mear biskuldigingen, hoe langer it ûndersyk duorje soe en hoe langer dy forrieder sitte moast.
En midden tusken dy roppende twingende Joaden siet Porcius Festus; hy wist net mear, hoe't er hjir mei oan moast, hy wie lilk, dat dy barbaren him de lieding út hannen namen en hy doarst har net strang oanpakke. Dus sa wiene se, dat Joade-folk! En dit wiene dan noch net de earste de bêste, mar de lieders en de foaroanmannen! It wie helte slimmer as er tocht hie. Hjir wiene biskuldigingen by, dêr't neat fan yn 'e stikken stie. Forheftich rôp er om stilte en joech Paulus it wurd.
De apostel spriek koart en rêstich. It wie net wier dat er de wet fan 'e Joaden oertrêdde hie; hy hie gjìn heidenen yn 'e timpel brocht en, al leaude er yn 'e Heare Jezus Kristus, dêrom stie er noch net tsjin 'e keizer! Dy't it oars sei, dy moast biwizen bybringe! Festus seach fan 'e iene op 'e oare. Dy finzene koe gjin misdiediger wêze en al dy hege rjochters koene dochs ek net mei falske biskuldigingen oankomme! Hy hie noait tocht, dat dit amt sa swier wêze koe.
En sa't er dêr siet yn 'e wide seal, de heecheale Festus, hie er neat mear fan in rjochter, dy't boppe de partijen stie en heech en koel it rjocht bistelde: hy wie oars net as in amtner, dy't net wist hoe't er mei dizze kwesje oan moast en graech foar syn plicht weiwine woe. Hy doarst net fuort de earste kear tsjin dy Joaden yngean en hy koe Paulus ek net alhiel oan har oerleverje. As hja nou beide hwat skikke woene....
Hy seach de apostel oan. ‘Fine jo it goed, dat jo to Jeruzalem foar it Sanhedrin forskine, as ik sels ek mei gean? Ik wit sa'n bytsje fan dy godstsjinst fan jimmes....’ Paulus wist net hwat er hearde. Dit foel him al ôf fan in man as Festus. As er hjir op yngie, wie it mei him ôfroun; hja soene ienfâldich in binde Sicariërs hiere en him ûnderweis formoardzje. Bigriep Festus dat nou wier net, of woe er him opofferje, allinne om de Joaden in deugd to dwaen? De mannen fan it Sanhedrin knikten forheftich: dat wie it bêste, in rjochtsitting to Jeruzalem, en de procurator der ek by; der koe sels de finzene gjin biswier tsjin ha! Paulus skodholle forheftich. As hja mienden, dat de slach al woun wie, dan hiene se it mis. Hy liet him net forkeapje en leverje dêr't er sels by wie! Sels net, al moast er noch wer langer op in útspraek wachtsje en soe er de lange reis nei Rome yn bannen meitsje!
Hy gyng lyk foar Festus stean en lûd sei er: ‘Ik gean net nei Jeruzalem, dêr't myn slimste fijannen myn rjochters wêze soene. Jo koene witte, dat ik de Joaden neat misdien haw, mar as der dan neat wier is fan hwat hja tsjin my ynbringe, dan hawwe jo net it rjocht en leverje my út gunst oan har oer. Ik haw net om 'e nocht it Romeinske boargerrjocht: ik birop my op 'e keizer en ik wol foar syn rjochterstoel oardiele wurde. As ik de dea fortsjinne hie, soe ik myn straf drage en rêstich stjerre, mar nou't ik ûnskuldich bin, wol ik foar keizer Nero stean.’
De mannen fan it Sanhedrin bieten op 'e tosken. Nou koe elk dan mar sjen, dat dy Paulus net mear by har folk hearde, dat er minder wie as in heiden: in Joad, dy't wegere foar syn eigen rjochters to stean en dy't him birôp op 'e keizer! Der wie mar ien treast, tochten se bitter: Nero wie ek net maklik en as er nei Rome gyng, dy forrieder, koe it him likegoed noch wol it libben kostje! As er to-minsten gyng! Hwant hy hie hàr net allinne misledige, mar mei dit birop kaem er ek de procurator to-nei. It wie as hie er tsjin Festus sein: jo dogge my ûnrjocht, ik sil om in oare, in better rjochter sjen! It wie de lânfâld oan to sjen, dat er him op it sear kommen wie: hy hie in kleur krige en nou rieplachte er mei syn tsjinners. Hja soene der wol hwat op fine om it birop op 'e keizer ôf to wizen en dan koe der noch fan alles barre. Miskien kaem er dochs noch to Jeruzalem!
Mar Porcius Festus wie dochs in oar man as Felix. De wurden fan Paulus mochten him dan oan it gefoel kommen wêze, dêrom woe er him syn birop net wegerje. It wie sa't Paulus sein hie: hy hie it allinne foarsteld om de Joaden in gunst to dwaen; as er dit witten hie, soe er it oars dien ha. Mar de finzene hie it oars ek wol skikke kinnen! Hy, Festus, de lânfâld fan 'e keizer, wie dochs mânskernôch om him to bi-