oer to dragen oan myn eigen folk en wie ik tolve dagen lyn noch yn dizze stêd: hoe soe ik dan oait de tiid hawn hawwe om to Jeruzalem in oproer to meitsjen? Sa net, der is net ien dy't sjoen hat, dat ik yn 'e stêd, of yn 'e timpel, of yn 'e synagoge it folk opsette en Tertullus, hoewol't er gâns kwea fan my sein hat, hat gjin inkeld biwiis bybrocht. Allinne ien ding, dat er neamd hat, wol ik bikenne: dat ik in Nazarener bin, mar jo witte sels, dat wy, Nazareners, gjin partij binne, lyk as de Joaden sizze en dat wy net tsjin it regear opsteane. Wy binne neat minder as alle oare Joaden en wy leauwe alles, dat biskreaun stiet yn 'e wet en de profeten.
Mar nou wie ik dan nei lange jierren foar it earst wer yn 'e timpel om offers to bringen foar in pear mannen fan myn folk, en doe't ik my dêr ta hillige, troffen de Joaden út Asia my, mar ik wie net dwaende om it folk ta oproer oan to setten en ik hie gjin heidenen by my. Dat dy Joaden út Asia, dy hearden hjir foar jo to stean, as hja hwat tsjin my hawwe. Of oars moatte dizze mannen út Jeruzalem mar sizze hwat ik misdien haw, hoewol, dan kinne se oars net bybringe as dat iene wurd, dat ik útrôp yn har Rie: “Oer de opstanning fan 'e deaden wurd ik fan jimme oardiele” - mar oan in opstanning leauwe ek de measte leden fan it Sanhedrin.’
* * *
Doe't Paulus sitten gien wie, doarst net ien fan syn biskuldigers mear tsjin him yn to lizzen; sels de atfokaet Tertullus frege net mear it wurd. Hja hiene hope, dat Paulus him forprate en to folle sizze soe, mar hy hie ynpleats al har biskuldigingen wjerlein. De procurator riisde oerein, hy wist nou genôch en hy leaude nou mei Lysias, dat de apostel ûnskuldich wie. As it soe sa't it hearde, dan moast er him nou loslitte, mar dat woe er dochs ek net dwaen: hy woe net graech it hiele Sanhedrin tsjin him hawwe, nou't der dochs al klachten oer him wiene to Rome. It soe it bêste wêze, dat er de saek noch ris oanseach en letter útspraek die. It wie ek net ûnmooglik, dat dy Nazareners ris wer in greate kollekte hâldden en genegen wiene om har foaroanman los to keapjen. Sa'n kâns koe er him net ûntkomme litte. ....‘Ik sjoch, nei alles hwat ik heard haw, gjin reden om in fonnis út to sprekken’, sei er koel. ‘Mar om't der mooglik oare kanten oan dizze saek binne, wol ik earst noch mei Lysias prate; de saek wurdt oanhâlden oan't Lysias to Caesaréa komme kin.’
En dêr koe de députaesje út Jeruzalem mei hinnegean: har plan wie wer mislearre en forgrime teagen se de oare deis wer nei hûs. Der wie noch ien treast: Paulus wie noch net frij en it koe noch gâns in skoft duorje, ear't Lysias by de procurator kaem. Miskien soe Felix him wol forjitte en kaem er noait wer frij....
Mar ek dat roun oars as hja tochten. De procurator joech opdracht dat Paulus it sa goed mooglik ha moast: hy hoegde de boeijen net mear om en hy krige in aparte keamer, dêr't er alle dagen syn freonen ûntfange mocht. En as de iene of oare him hwat bringe woe, iten, of boeken, of klean, dan hie er dêr alle frij ta.
* * *
In deimannich letter waerd de apostel op 'e nij foar Felix brocht, mar dizze kear wiene der gjin Jeruzalemmers om him to biskuldigjen en gjin atfokaet om him swart to meitsjen; njonken de procurator op in hege stoel siet syn jonge frou, Drusilla. Hja hie al hiel hwat ûnderfoun, dizze dochter fan Herodes Agrippa: earst hie se trouwe sillen mei in heidenske prins, mar dat wie oergien, om't de jongeman him net bisnije litte woe; doe wie se troud mei in kening dy't likemin bisnien wie en ta bislút wie se, sechstjin jier âld, by har man wei-roun en de frou fan Felix wurden.
Hja hie al faek fan Paulus heard en wie bliid, dat hja him nou sels hearre koe. In Joad, dy't tagelyk boarger-fan-Rome wie, in gelearde, dy't it mei de Nazareners hâldde, dat moast wol in bysûnder man wêze. Hy soe wol bliid wêze, dat er nou ek foar har sprekke mocht en as er it tige moai makke, hwa wist, soe se dan net in goed wurdtsje foar him dwaen by Antonius....
Drusilla hearde binijd nei it wûnder forhael fan 'e Messias, dy't stoarn wie oan it krús en opstien út 'e deaden en dy't ien kear komme soe om to oardieljen de libbenen en de deaden. Hja leaude der neat fan, mar it wie dochs as fielde se, dat dy finzene yn syn rûge mantel, lokkiger wie en blider as hja yn it paleis fan har man. Felix, dy't gjin Joad wie en fan al dy dingen noch minder ôfwist as Drusilla, seach binijd fan de strange apostel nei dat jonge, bloeijende frommis. Hy wist net oft it wol forstannich west hie om Paulus sprekke to litten. As Drusilla it har ris oantriek en werom woe nei har wettige man. Hy moast der net oan tinke....
En doe't Paulus bigoun oer gerjochtichheit en in earber libben en oer it lêste oardiel, riisde er hastich oerein. ‘Ik haw nou hjoed gjin tiid mear, mar as it sa út komt, sil ik jo noch wol ris hearre.’ Hy seach Paulus nei, doe't er tusken de soldaten yn de seal útroun. In wûnderlik man, mei syn lear fan in Messias-oan-it-krús, mar ek in man dy't leaude hwat er sei en dy't der nei libbe. En bang wie er net, dat hie ek nou wer bliken dien! Noch noait hie er it earder meimakke, dat in finzene him sa de wierheit sein hie. Frjemd, mar hy hearde him dochs noch leaver as dy