Paulus kaem de strjitte lâns, dan wie it dêrmei bisljochte: hja hoegden him mar to bisingeljen en him de dolk yn it hert to stekken en dan sa gau as it koe in goed hinnekommen sykje! It wie miskien it bêste, dat hja in pear Sicariërs fregen; dy haten Paulus net minder en wiene sok wurk wol wend!
* * *
Hja makken der daliks wurk fan en by einsluten krigen se fjirtich man byinoar dy't ré wiene om de oanslach to weagjen; mei minder koe it ek al net ta, as hja in wacht soldaten oermasterje soene. Hoewol, it hie syn biswieren, dat der safolle minsken mei mank wiene. Der hoegde mar ien bang to wurden en de saek to forrieden en dan wie alles om 'e nocht. Dat hja namen gjin risico, de fjirtich mannen, en allegearre swarden se in djûre eed, dat hja net ite noch drinke soene, ear't Paulus dea wie; de slimste forflokkingen rôpen se oer harsels yn, as hja de eed brieken.
Nou koe nimmen mear werom en doe't hja alles oan 'e ein ta trochpraet hiene, gyng der in députaesje nei de hegepreester en de âldsten. De hege hearen wiene daliks ré om to helpen: it wie in goede died om sa'n man dea to dwaen en mei de fijannen fan God en Syn timpel mocht men gjin meilijen hawwe; hja mochten bitrouwe, dat de Allerheechste har ûndernimming seingje soe. Moarnier soe de hegepreester sels mei Lysias prate en hja koene der steat op meitsje, dat Paulus noch foar de middei nei de Riedsseal brocht wurde soe. Oft er der ek oankomme soe, dat wie fansels in oare fraech! Dat stie oan har!
De députaesje bûgde djip en gyng doe werom nei de seal, dêr't har maten wachten. Nou koe de oanslach net mear mislearje en moedich gyngen se har wegen. Noch ien lange, liddige joun, noch ien koarte nacht.... Hja mochten net wer ite, mar hwat lette dat bytsje ûngeriif by it greate wurk, dêr't hja goed foar sein hiene? En moarn, as alles achter de rêch wie, en it tankoffer rikke op it timpelplein, koene se de skea wol wer ynhelje.
* * *
Dyselde oerdeis, wylst de fjirtich Joaden alles klear makken foar de oanslach, wie de Heare al dwaende om syn tsjinstfeint Paulus to rêdden.
Hwant by alle foarsorgen hiene de Joaden ien ding forgetten: dat it ûnmooglik is in saek stil to hâlden, dy't safolle minsken witte. Fansels soe it net yn har opkomme en praet oer soks mei frjemd, mar elk hie syn freonen wer en dy hiene wer har kunde en sa gyng dat. It wie op it lêst in saek, dy't elke fromme Israëlyt oangyng!
Dat sa kaem it, dat in soan fan Paulus' suster it hiele komplot to witten kaem. Hy wie net in Kristen, dizze jongeman, en hy tocht oer mannich ding gâns oars as syn omke, mar dêrom wie er net fan doel om syn memme broer sa mar koelbloedich formoardzje to litten. Sokke tiden krûpt it bloed dêr't it net gean kin!
Sûnder him to bitinken sette er de stap nei de kaserne en frege oft er Paulus sprekke mocht. De wachtkommandant hie der gjin biswier tsjin en brocht him daliks yn 'e sel. Yn koarte wurden fortelde er syn boadskip en doe't Paulus it wist, stjûrde er him mei de de centurio nei Lysias. De chiliarch wie daliks ré om him to reden to stean; hy naem him by de hân en laette him nei in plak, dêr't hja ûnbihindere prate koene. En foar de twadde kear fortelde de jongeman hwat er heard hie. ‘De Joaden sille jo moarn freegje, oft Paulus noch ien kear foar de Rie komme mei, mar lit jo net fan har biprate, hwant fjirtich man hawwe harsels mei in banflok forboun om him ûnderweis to deadzjen; hja wachtsje allinne noch mar op jins tawurd.’
* * *
Claudius Lysias leaude fuortynienen, hwat de jongeman sei. Dit wie krekt hwat foar dy fanatike Joaden, sa'n leffe moart op in ûnskuldich man. En earnstich sei er: ‘Ik bin bliid, dat jo my dit oanbrocht hawwe; gean nou en siz tsjin gjin ien, dat ik alles wit!’ Hy seach de jongfeint nei, sa't er dêr hinneroun oer it binneplein. Sokke Joaden moasten der mear wêze en hwat minder fan it soarte fan it Sanhedrin! Hwat moast er nou sizze, moarnier, as hja om Paulus kamen? Hy hie gjin biwiis en de fromme mannen soene it him kâldwei ligen hjitte, as er der op yn frege. Fansels koe er ek in sterk eskorte soldaten meijaen, mar dy rebellen soene lykwols de oanslach weagje en dan roun it út op in oproer.
Der wie mar ien oplossing: Paulus moast foar de nacht noch fuort en hy, Lysias, moast krekt dwaen as wist er fan neat. As er him nei Caesaréa stjûrde, nei Felix, dan wie Paulus feilich en hoegde hy de hegepreester net foar de holle to stjitten. Hy gyng de kaserne yn en rôp twa centurio's. ‘Joun, as it donker is, giet de finzene Paulus op transport nei Caesaréa; soargje dat der om njoggen ûre twa hûndert swierbiwapene soldaten klear steane, mei tachtich ruters en noch twahûndert speardragers. It fuotfolk giet mei oan Antipatris ta en giet dan werom; de ruters geane mei Paulus fierder en bringe him by de procurator, mei in brief, dy't ik noch skriuwe sil.’
Hy wonk, dat hja gean koene en sette him ta skriuwen. It wie in pak fan syn hert, dat er de saek-Paulus oan Felix oer dwaen koe; dy moast mar sjen, hoe't er it meitsje soe mei dy forgrime Joaden en mei dy nuvere apostel. Yn elk gefal soe er goed útkomme