Paulus, dy't Romeinsk boarger wie, net sûnder biwiis foroardielje en, as garnisoenskommandant fan Jeruzalem woe er de Joaden ek net op it sear komme. It wie miskien it bêste, dat er Paulus foar it Sanhedrin torjochtstean liet: de leden wiene ien foar oar deskundich yn godstsjinstfragen en soene maklik in útspraek dwaen kinne. Fansels wie it net fortroud om de finzene sûnder mear oan har oer to leverjen; hy, Lysias, woe der by wêze en hy hâldde de ein-bislissing oan himsels: sa goed koe er de fromme mannen wol!
De hegepreester Ananias glimke bitter, doe't dy moarns de oprop kaem om it Sanhedrin gear to Toppen. Sa fier wie it dus al kommen, dat de earste de bêste offisier it heechste rjochtskolleezje yn Israël opkommandearre, om him fan atfys to tsjinjen. Hwant mear wie it net, sa folle hie er al bigrepen, hjà mochten Paulus it forhoar ôfnimme en it fonnis útsprekke, mar dan stie it fierder oan Lysias oft it útfierd wurde soe of net. In sitting fan 'e Hege Rie, mei in Romein yn it formidden! It wie in hún foar it Sanhedrin, mar hja koene net mei fatsoen wegerje.
* * *
Dat de holle wie de hegepreester gjin jellen lang, doe't er de middeis de gearkomste iepene en it wurd joech oan 'e heech-eale Lysias, kommandant fan 'e kohorte, dy't har hjoed de eare oandie yn har formidden to wêzen. Lysias makke it net lang; hy sei, dat er tige bliid wie, dat sok in heech en deskundich kolleezje him helpe woe om ljocht to bringen yn in saek, dy't him as bûtensteander net maklik talike en hja koene der wis fan wêze, dat er earnstich mei har opfetting rekkenje soe. De hearen rjochters bûgden by wize fan tank; hwat hja tochten koe nimmen ôflêze fan har strakke gesichten.
En doe waerd Paulus ynbrocht, - sûnder hoeijen dizze kear - en koe it forhoar bigjinne. Fuort nei de earste fragen al fielde de apostel, dat it de rjochters net to rêdden wie om de wierheit; hja woene him ta elke priis foroardielje en bikroaden har net om it rjocht. Hy hie it net oars forwachte, mar likegoed die it him sear. En krekt om't er sels ien kear riedshear west hie yn it Sanhedrin en folslein op 'e hichte wie fan alle foarskriften, foel it him swier om al dit ûnrjocht to dragen en rêstich to antwurdzjen op 'e fragen dy't him steld waerden.
Op it lêst koe er him net mear stil hâldde en lûd, boppe it gegouns fan alle stimmen út, rôp er: ‘Mannen, bruorren, ik haw yn alles mei in goed gewisse God tsjinne oan't hjoed de dei ta.’ De hegepreester wist net hwat er hearde. Dat wie nou in Joad, dy't him biroppen hie op it Romeinske rjocht, in forrieder fan syn eigen folk, en dy fierde hjir in steil wurd tsjin syn rjochters! It hie better west, dat er him skamme en syn skuld bikende. En forgrime sei er tsjin ien fan syn tsjinners, dy't ticht by Paulus stie: ‘Slaen him oer de snút, dat er wit hwat er sizze en swije moat!’
It kaem oan, dy fûle slach lyk yn it gesicht, mar slimmer as de pine wie it ûnrjocht dat Paulus oandien waerd. Dit wiene nou de lieders fan syn folk en in heidensk offisier siet der by en seach it oan. Hy hie net heard, hwa't dat bifel jown hie, mar it moast ien fan 'e rjochters wêze en bitter foel er út: ‘God sil dy slaen, dû wytkalke muorre! Sitstû yn 'e rjochterstoel om my to oardieljen neffens de wet en hjitstû tsjin 'e wet om my to slaen?’
It waerd stil yn 'e seal. De Sanhedristen, yn bare ûntsetting, heven de hannen nei de himel. Soks wie noch nea bard, dat in finzene sokke dingen sei! Wytkalke muorre! Dat seach fansels op in pleistere grêf, dat fan bûten wyt en suver like en fan binnen fol wie fan ûnreinens en bidjer. En ien fan harren, doe't er fan 'e skrik bikommen wie en wer prate koe, sei: ‘Skelde jo Gods hegepreester út?’ Paulus fielde, dat er to fier gien wie. ‘Ik wist net, bruorren, dat it de hegepreester wie; hwant der stiet biskreaun: In oerste fan dyn folk meistû net flokke.’
* * *
It forhoar gyng fierder. Oer dy slach-yn-it gesicht en de flokspreuk oer de hegepreester waerd net mear praet en sels oer dy kwesje fan Griken-yn-Gods-timpel foel gjin wurd mear. It gyng nou oer de lear fan Paulus, oer syn opfetting fan de wet en oer de timpeltsjinst en de rjochters praetten trochinoar en bistookten him mei fragen. Paulus fornaem al gau, dat der twa partijen wiene: Farizeën en Sadduceën en dat hja it lang net meiïnoar iens wiene. En dêrmei seach er de kâns om in fonnis foar to kommen. As it der op oan kaem stie er fierwei tichtst by de Farizeën, dy't leauden oan 'e opstanning en oan it bistean fan ingelen en lûd rôp er: ‘Mannen, bruorren, ik bin in Farizeër en as it giet oer myn lear, dan is dit it punt dêr't it op oan komt: ik wurd oardiele om 'e hope dy't ik haw op in opstanning út 'e deaden!’
Paulus hie sels net tocht, dat it him sa goed slagje soe, om de beide partijen tsjininoar út to spyljen. De Farizeërs forgeaten har haet tsjin de apostel en de Sadduceën gyngen forheftich tsjin har yn en easken syn dea. It waerd in wyld geskreau dêr yn 'e hege rjochtsseal en Lysias wist net mear hwat er der fan tinke moast. De hegepreester en syn Sadduseeske oanhing krongen op Paulus yn, mar in mannich wetgelearden gyngen foar him stean en namen it foar him op. ‘Wy fine gjin kwea yn dizze minske, en as der nou ris in geast of ingel ta him sprutsen hat? Lit ús dochs net tsjin God stride!’ Fansels woene de