se net mear. Syn libben wie rêdden, mar de Romeinen soene him fêst net loslitte. Hy tocht oan 'e wurden fan Agabus.... Ek dit wie goed; ek dit woe er drage om 'e namme fan Jezus Kristus.
* * *
De kommandant fan 'e kohorte yn 'e Antonia-stins, de chiliarch Lysias, wie in fiks soldaet en in man dy't fan tapakken wist. It lei him by, dat de Egyptner dy't him by de slach yn 'e steppe ûntkommen wie, op dit Pinksterfeest noch ris in set dwaen soe en dêrom liet er syn mannen dei en nacht wachtrinne en stie der elke ûre fan 'e dei in peloton soldaten klear om út to rukken. Doe't de wacht it birjocht brocht, dat it hiele timpelplein yn opskuor wie en dat it folk dwaende wie om in Joad fan kant to meitsjen, tocht er daliks wer oan dy rebel. Dat wie krekt hwat foar dat Joade-folk om har wraek to kuoljen oan ien, dy't hja earst as in Messias eard hiene. Mar as dit de Egyptner wie, dan soe er net stjerre ûnder de hannen fan it folk, mar sa't er fortsjinne hie: oan it rebelle-krús.
Biret gyng er it plein op. De centurio saluearre. ‘Folgje!’ sei er koart. Tusken de soldaten yn draefde er de treppen del. It forgrime folk makke romte en liet Paulus los. Lysias wiisde nei him. ‘Yn 'e boeijen en pas op, dat er net ûntkomt!’ Doe kearde er him om en frege, hwat der oan wie. Hja rôpen fan alles trochinoar: dat er it folk forlaette, dat er de timpel ûntwijd hie en noch folle mear. Lysias twivele net mear: dit moast de Egyptner wêze. Hwat in skoandere fangst! ‘Nei de kaserne’, wonk er, ‘en fluch!’
Mei Paulus feilich tusken har yn, marsjearden de soldaten it timpelplein oer nei de smelle trep, dy't tagong joech nei de stins. Alles wie sa fluch om en ta gien, dat it folk gjin hân útstutsen hie, mar nou waerd it har dúdlik, dat har plan mislearre wie. As Paulus ien kear boppe wie, krigen se de kâns net wer om him to formoardzjen. It wie nou of noait.... Wyld krongen se op 'e soldaten yn en bisochten har de pas ôf to snijen. It wie krekt to let: wylst har maten it paed nei de trep iepenhâldden, pakten in pear soldaten de apostel en droegen him nei boppen. Op it plein foar de stins setten se him del en wachten op 'e kommandant en de oaren. Under har raesden en tjirgen de Joaden. ‘Oan it krús! Fuort mei him! Hy hat de dea fortsjinne!’
* * *
Claudius Lysias kaem de trep op en munstere de finzene. Dus dat wie nou dy rebel, dy't in oanslach dwaen woe op Jeruzalem. Hy hie tocht, dat er greater west hie, foarser en foaral wylder. Mar dy groeden yn syn gesicht, dat wie wol wer yn styl. En nou moast er him earst in forhoar ôfnimme, ear't er him opstjûrde nei Felix. Hy suchte. It soe net maklik gean en der soe wol in tolk by moatte; sokke Seloten sprieken allinne de eigen tael....
Noch ien kear seach er nei de apostel, dy't oan twa soldaten fêstboeid wie. Hy koe der noch net by, dat dy man in bindelieder wie. En mei seach Paulus him oan en sei yn it Gryksk: ‘Soe ik jo hwat freegje meije?’ Lysias wist net hwat er hearde. ‘Kenne jo Gryksk?’ frege er forheard. ‘Binne jo dan net dy Egyptner, dy't mei fjouwer tûzen Sicariërs optriek troch de steppe?’ Paulus skodholle. ‘Ik bin in Joad fan Tarsus, in stêd yn Cilicië, en haw alle rjocht om yn 'e timpel to kommen. Miskien wisten se dat net en dêrom woe ik jo freegje of ik it folk tasprekke mei?’ Lysias seach fan 'e finzene nei it folk op it timpelplein. It wie tsjin alle regels, mar as dy Joaden har nou forsind hiene, lyk as hy sels him ek op dy man forsjoen hie, dan koe er har miskien mei in pear wurden ta reden bringe. It wie to weagjen. En as it al mis gyng, koe er der altyd noch in ein oan meitsje. Hy knikte, net ûnfreonlik. ‘Ik jow jo frij.’
* * *
Stadich, tusken de beide soldaten yn, roun Paulus nei de trep. Hy hie it sa mar frege, mar noait hie er tocht, dat Lysias it him tastean soe. Dat dit him noch barre mocht, dat er nou syn fijannen it evangeelje bringe mocht.... Syn eagen blonken, hiel syn siele wie in gebet. As God nou in wûnder die en har herten iepene, lyk as dy Pinksterdei, doe't Petrus spriek.... Hja wiene him gram en as hja de kâns krige hiene, hie er nou dea west, mar it wie dochs syn folk, syn eigen flesk en bloed, en hy hie har noch leaf....
‘Mannen’, sei er lûd, ‘bruorren en heiten, harkje nei myn forantwurding....’ It waerd stil en al dy eagen seagen binijd nei him op. Dat hiene se net tocht, dat er yn har eigen tael sprekke soe. Fielde er him dan dochs noch in Israëlyt ûnder Israëliten? ‘Bruorren’, neamde er har, en dat ‘heiten’, bitsjutte dat, dat guon fan harren boppe him stiene en dat er him ûnder har deljaen woe? Yn elk gefal soe er hiel hwat goed meitsje moatte, ear't hja him oannimme koene as ien fan har!
Swijend harken se nei hwat Paulus sei: dat er berne wie to Tarsus en dat er leard hie to Jeruzalem; hoe't er opbrocht wie as in strang Farizeër, sa strang dat er de Kristenen oan 'e dea ta forfolge hie, net allinne yn har eigen stêd, mar ek dêr bûten. En dêrmei kaem er op syn reis nei Damaskus, hoe't de Heare Jezus sels him forskynd wie op 'e wei en him roppen hie om syn tsjûge to wêzen; hoe't Ananias by him kommen wie, - in from man dy't ek by de Joaden goed oanskreaun stie - en him de eagen iepene hie; hoe't er