seach nei in forlosser? Op har eigen foarmannen hoegden se net to tidigjen: de hegepreester Ananias, dy't destiids to Rome pleite hie foar de bineaming fan Felix, wie neat better as de procurator en skamme him net om syn eigen preesters to bistellen. En doe gyng op in goede dei it nijs troch de stêdden en doarpen, dat de Messias kommen wie en mei in troep Seloten optriek nei de timpelstêd. It wie in Egyptyske Joad en fjouwer tûzen rebellen út it berchlân folgen him, yn it fêste bitrouwen, dat er de fijân fordriuwe en in ryk fan frede en rjocht fêstigje soe. Hy hie har foarhâlden, dat hy de lang forwachte Forlosser wie en dat de Heare sels foar him útteach; as er mei syn hinde op 'e Oliveberch stean soe, en delseach op Jeruzalem, soene de muorren fan 'e stêd ynstoarte, lyk as de profeet Sacharia foarsein hie en sûnder striid soe de stêd him oerjaen....
Fansels kamen se net oan 'e Oliveberch ta: in ein fan Jeruzalem ôf, foelen de soldaten fan Felix op har oan en sloegen de hiele binde útinoar; in great tal Seloten foel yn 'e wylde slach, of waerd finzen nommen, mar de Egyptner sels ûntkaem.
* * *
It wie net lang nei dit mislearre oproer, dat de apostel Paulus yn Jeruzalem oankaem. De discipelen út Caesaréa brochten har nei it hûs fan Mnason, ien fan 'e Grykske Kristenen dy't yn alle forfolging noch yn 'e stêd bleaun wiene, en hja waerden dêr tige gastfrij ûntfongen.
Fuort de oare deis gyng it hiele selskip nei it hûs fan Jacobus, de broer fan Jezus, dy't yn dy tiid de lieder fan 'e gemeente wie. Hy wie noch neat foroare, dizze Jacobus, en hy hâldde noch like strang de wet fan Mozes en noch like trou gyng er nei de timpel. Fansels wie er bliid, dat Paulus en de oaren nou wer to Jeruzalem wiene; hy wie binijd hwat der allegearre bard wie op 'e lêste sindingsreis en it jild fan 'e kollekte, dat hja by har hiene, soe tige fan pas komme. Mar oan 'e oare kant hie de komst fan Paulus ek wer syn biswieren. Der wiene tûzenen Joade-Kristenen by de gemeente, dy't strang de wet fan Mozes hâldden en dy't ha woene, dat de Joaden yn 'e heiden-gemeenten ek sa libje soene. Jakobus sels bigriep, dat dat net altyd koe, mar it wie de fraech, oft dy oaren it sa ek sjen koene. It lei him by fan net! En it soe in ramp wurde, as der striid en ûnienichheit kaem yn 'e gemeente, om it wurk fan Paulus. Alles wiisde der op, dat der mei gauwens wer nije forfolging losbrekke soe, de hate en de grime fan 'e Joaden waerd mei de dei greater en it wie nedich, dat de gemeente ien en sterk wie! Mar as Paulus nou kaem en fortelde fan syn wurk yn 'e heidenlannen en learde, dat de wet ôfdien hie en dat de timpel wol mist wurde koe, dan wie it slimste to wachtsjen. Der gyngen dochs al sokke geroften oer him to Jeruzalem. Der waerd forteld, dat er de Joaden om útens learde, dat har bern net bisnien hoegden to wurden en dat it gjin sin mear hie om de wet to ûnderhâlden. As it him net slagge om har dat út 'e holle to praten, koe der fan alles barre! Paulus moast him skikke en hjir to Jeruzalem hwat tajaen, en dat soe er ek wis dwaen wolle; dy oare kears, doe't der swierrichheden wiene mei Antiochië, hie er ek net stiif en strak syn ein fêsthâlden. Doe hie trouwens Jeruzalem it measte tajown, nou moast Paulus in offer bringe foar de ienheit fan 'e tsjerken. Hy soe it
him fuortdaliks oplizze.
* * *
Doe't Paulus en syn reisgenoaten yn it hûs fan Jakobus oankamen, founen se dêr, bihalve de greate lieder fan 'e gemeente ek alle âlderlingen, mar de tolve wiene der net. Nei de earste bigroeting, naem de apostel daliks it wurd en fortelde fan syn wurk yn Efeze en Korinthe en sa folle oare plakken yn Asia en Grikenlân; hy spriek oer de greate, bloeijende gemeenten dêrre, oer har leauwe en iver, oer har tankberens foar de tsjerke fan Jeruzalem oer en, as in biwiis fan syn wurden, droegen syn helpers de swiere sulverpongen oan. De âlderlingen wiene tige tankber foar it jild, dat hja sa skoan brûke koene en hja loven en tanken God, dy't sokke greate dingen oan 'e heidenen dien hie. Mar lang diene se har it loovjen en tankjen net oan tiid. Dy kwesje fan de wet wie der en fan Paulus syn stânpunt foar de wet oer, en it baernde har yn om ta in oplossing to kommen. Jakobus naem it wurd en fortelde, hoe't it der foar stie yn 'e gemeente en hoe't der oer Paulus praet waerd troch de Judaïstyske bruorren; as der gjin twadracht komme soe, wie it nedich dat de apostel dúdlik makke, dat er de âlde seden net forachte en dat de timpel ek foar him noch syn bitsjutting hie. It koe miskien it bêste op dy wize, dat er foar fjouwer gemeenteleden, dy't in Nazireërsbilofte dien hiene en nou djûre offers bringe moasten, de kosten bitelle. Hy soe dan mei har nei de timpel moatte, earst om alles to regeljen en de offers to bistellen en dan, sawn dagen letter, om to offerjen as de fjouwer mannen skeard waerden en it hier forbaernd. It spriek fansels, dat er himsels ek hilligje moast en dat er dy hiele wike, om rein to bliuwen, libje moast neffens de wet. Mar dat hoegde him net allegearre útlein to wurden, dat wist er noch wol fan doe't er Farizeër wie....
It wie gjin lyts ding, dat hja fan Paulus fregen. Yn syn brief oan 'e gemeente fan 'e Galatiërs hie er sa dúdlik skreaun, dat dy âlde Joadske plechtichheden har tiid hawn hiene en dat de Kristenen út 'e heidenen dat jûk fan wetten en foarskriften net mear op har