Op 'e opperseal, bliid en tankber, bitsjinne Paulus it Nachtmiel en wylst de drinkenstsjelk roun gyng mei de donkere wyn, spriek er al wer. Der wie net ien, dy't mear sliepte en it wie al ljocht, doe't elk syn wegen gyng. In pear ûre letter, nei in nacht sûnder sliep, triek de apostel Paulus de poarte út. Hy hie in mars fan ûren foar de boech, nei it stedtsje Assus, dêr't de oaren him oan boart nimme soene: de Joaden yn Troas hoegden net to witten, hwat krekt syn plannen wiene.
Op it strân to Assus wachte Paulus op it skip, dat him nei it Suden bringe soe. Achter him, heech op 'e steile berch, lei de stêd en foar him, sa fier't er sjen koe, wie de wide sé. Hy wie hjir feilich op it stille strân, gjin fijân wie him folge, de iensume wegen lâns, mar likegoed wie it moed him fol. It lei him by, dat de Joaden to Jeruzalem wraek op him nimme soene, mar dêr koe er syn reisplan net om foroarje; de Geast sels hie it him yn it hert jown, dat er dêr hinne moast en dan gyng hy sûnder om to sjen. God koe him biwarje, mar as it Syn wollen wie, dat er stjerre soe, dan wie it ek goed. Net, dat er útseach nei de dea! Hy hie noch altyd de hope, dat er ek noch to Rome it evangeelje forkundigje soe; to Rome, en as it koe noch fierder it westen yn: yn Spanje. Mar dat soe wol net kinne; hy fielde, dat er âlder waerd....
Doe't it skip oan 'e wâl lei, gyng er daliks oan boart. Lukas en Timotheüs wiene der, en noch in mannich oaren, dy't mei soene om it jild fan 'e kollekte oer to bringen, dat de gemeenten yn Asia en Grikenlân byinoar brocht hiene foar de tsjerke to Jeruzalem. Fan Assus fearen se it Suden yn, tusken de eilannen troch en nei in pear dagen seagen se yn 'e fierte de huzen fan Efeze. Paulus hie der graech in pear dagen oerbliuwe wollen, mar hy doarst it net to weagjen; as er wer finzen nommen waerd, koe it tiden duorje ear't er fierder koe en soe syn hiele reisplan mislearje. Ynpleats diene se de haven Mytilene oan, in sechstich kilometer fierder nei it Suden en dêrwei stjûrde er boaden om de âldsten fan Efeze op to heljen. Hja kamen daliks, bliid, dat hja de greate apostel noch ien kear sjen koene.
Mei djippe earnst spriek er har noch ien kear ta. Hy hie sa lang by har forkeard, sa folle foar har dien, sa folle om har lit, en nou wie er op reis nei Jeruzalem en hy wist, dat him ek dêr wer leed en boeijen wachten. Dat it lei him fêst by, dat er har op ierde net wer sjen soe en dêrom woe er har nou noch foar it lêst warskôgje. ‘Ik wit, dat wrede wolven by jim ynglûpe sille en dat hja de keppel net sparje sille; ja yn 'e gemeente sels sille mannen opstean, dy't forkearde dingen leare, om de discipelen to forlieden. Nim jim dan to wacht en weidzje de gemeente fan Kristus, dy't Er woun hat troch syn eigen bloed. Arbeidzje trou, lyk as ik it jim foardien haw, hwant mei dizze hannen haw ik de kost fortsjinne foar mysels en foar myn helpers en bitink, dat de Heare Jezus sels sein hat: It is silliger to jaen as to ûntfangen.’
Doe't er alles sein hie, hwat er op it hert hie, bûgde er de knibbels en droech er har op yn it gebet; dêrnei joegen se him ien foar ien de ôfskiedspea en mei triennen yn 'e eagen brochten se him fuort, nei de haven. Foaral dat wurd fan Paulus, dat er har net wer sjen soe, trieken se har tige oan.
* * *
En wer glied it lytse skip oer de blauwe sé, it Suden yn. By it eilân Rhodos lâns bûgden se it Easten yn en in ein fierder rounen se de haven fan Patara oan. Hjir gyngen se oer op in greater skip, dat fracht yn hie foar Tyrus en dat net flak by de kust lâns hoegde to farren; dat bikoarte de reis in flink stik en sa kamen se noch bêst op tiid yn Tyrus oan. Hja hoegden nou gjin haest mear to meitsjen en bleauwen in folle wike yn 'e drokke hannelsstêd.
Ek to Tyrus moast in lytse gemeente wêze, mar hja hiene der gjin bikenden by en it naem noch al hwat tiid om de discipelen to finen. Mar doe waerden se ek tige gastfrij ûntfongen en doe't de discipelen hearden, dat Paulus op trochreis wie nei Jeruzalem bisochten se om him ta oare gedachten to bringen. It wie alles hiel oars to Jeruzalem as in jier-of-hwat lyn! Der broeide forset en de Joaden wiene fijanniger as oait tofoaren; it wie better dat Paulus ynpleats nei Antiochië gyng.
Paulus liet him net fan it stik bringe, ek net, doe't de Hillige Geast har dy wyks iepenbiere, dat him leed en bannen wachten. Foar him stie it fêst, dat dyselde Geast, dy't him fordrukking en boeijen profetearre, him nei Jeruzalem rôp en al de warskôgingen fan syn freonen koene net forhinderje, dat er syn plannen trochsette. De hiele gemeente gyng mei om har nei it skip to bringen en allegearre, mânlju en froulju en bern, knibbelen se del op it stille strân om to bidden. En doe kaem ek hjir it ôfskie: in lêste heilbea, in lêste pea, in lêst farwol.
* * *
Oer Ptolomaïs - deselde stêd, dy't letter Akko hiet - reizgen se nei Caesaréa. Yn dizze stêd wie in greatere gemeente en hja kamen yn 'e hûs by de evangelist Filippus, deselde dy't destiids de keamerling doopt hie. Hy hie fjouwer greate dochters, dy't profetessen wiene en yn 'e tiid dat Paulus en syn reisgenoaten der wiene, kaem der ek noch de profeet Agabus út Jeruzalem. Ek dy hie wer in wurd foar Paulus: hy naem de gurle dy't de apostel om hie, boun der syn eigen hannen en fuotten mei, en spriek: ‘Sa seit de Hillige